Trotwaer. Jaargang 32(2000)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 359] [p. 359] Freark Dam Op it Tynster tsjerkhou Nammen dy't ús oansjogge út lege eagen lizze ferstienne har tiid hjir út. Wie hy ús Pake wier? Waard hja ea Beppe neamd? Wy steane en stoarje like wurch as wanich op al dy sibben, fiere foarfaars' bern as wy, mar ús noch amper neier as poerfrjemd. En sels it moedsum paad dat ea en earne by Giteren begûn en stagen, stagen letter hjir oan de Warren en de Ripen dearûn is net mear dreamber iens - o, Alde Wei! Dit himpen hou mei stien en skil en hagen wurdt ûnbegeanber nimmenslân foar ús. Sels Gerrit R. syn sark, sa fiks mei hammer en mei sichte flamjend, leit ús sprekwurdlik rjucht & sljucht, makket it frjemdlingskip folslein. Hoe dan, yn 't foarhou letteroan, yn jonge beam ynienen doe dy lytse miggesnapper, syn keunstke kwier en bizich boartsjend? Hoe dan sa'n oerdied fan attinsjes ek, sa skomjend wyt en blinkend as wurdt it allegearre dochs wer nij? Hèn, libje wy? Vorige Volgende