Tine Bethlehem (1938) is dosinte literêre foarming. In oersjoch fan har fersen sûnt 1955 ferskynde yn Swietroken & koperblazers (1995). Fan 't hjerst komt in nije bondel út by Bornmeer. |
Tsead Bruinja (1974) skriuwt yn it Ingelsk, it Nederlânsk en it Frysk. Hy organisearret yn Grins literêre eveneminten en studearret Ingelsk oan de rug. De Amerikaanske literatuer fan 1850 oant hjoed hat syn foarkar. Hy publisearre û.o. yn Hjir, Ravage, Bordelaise Literair en Spot On. Yn eigen behear ferskynde Vreemdgaan. Yn juny kaam by Bornmeer De wizers yn it read út. |
Johan Gezels (Zottemgem 1956) schrijft columns over literaire en artistiek onderwerpen voor De Beiaard (weekblad voor Zuid-Oost Vlaanderen. Heeft als oriëntalist verscheidene artikels voor tijdschriften en bijdragen aan verzamelwerken over de christenen in het Nabije Oosten geschreven, |
Kees 't Hart (1944) publiceert romans, gedichten en essays [en wie fan it begjin ôf as bestjoerslid belutsen by Simmer 2000]. |
Klazina Hofstee (1965) wie fiif jier redakteur/ferslachjouwer/programmamakker by Omrop Fryslân Televyzje. Emigrearre yn april 1999 mei har man (Gerrit Schotanus, ek in Fries) nei Vancouver yn it westen fan Kanada, dêr't se wurket as freelance sjoernalist en programmamakker. |
Cor Hofstra (1946) is wiskundelearaar te Ljouwert. Wennet yn Frjentsjer, mar is grutbrocht yn Drachten. Hat 22 jier om útens west. |
Hans Hoogendijk (1947) is journalist. Hij was voor o.a. de lc correspondent in Moskou en Berlijn. |
Klaas Jansma (1949) hat in kommunikaasjeburo yn Ljouwert. Is ferslachjouwer by it skûtsjesilen, kollumnist by it Friesch Dagblad en skriuwer fan romans dy't by de kffb útjûn wurde. Hat frijwat non-fiction skreaun (oer Frysk toaniel, korpsmuzyk, skûtsjes en regionale skiednis) en kabaret (foar Ratattette en it Wâld). |
Jitske Kingma (1959) wurke by it Friesch Dagblad en wie de lêste jierren sjef fan de redaksje. Debutearre yn 1989 mei it reisferhaal In dûk yn 'e Ganges, foarich jier oanfolle mei In twadde libben. Wurket no by de ynternet-útjouwerij Gopher Publishers yn Grins en is redakteur fan Trotwaer. |
Yme Kuiper (1949) is historieus en cultureel antropoloog en verbonden aan de Rijksuniversiteit Groningen. |
Hannah Ludwig (1943) is sjoernalist/publisist/toanielresinsint en Steatelid foar de Partij van de Arbeid. Krige ein sechstiger, begjin sântiger jierren fiif kear in Rely Jorritsmapriis. Skreau boekjes oer Jugenstil en Neo-classicisme foar it Monument van de Maand. Wie yn in griis ferline ein- en haadredakteur fan de Friesland Post. |
Tjitte Piebenga (1935) is skriuwer. |
Doeke Sijens (1955) is redakteur fan Trotwaer. Fan him ferskynde yn 1998 de ferhalebondel Nei it lân fan palmerûzjen. Hy wurket oan in biografy fan Reinder Brolsma. |
Albertina Soepboer (1969) wennet yn Grins en libbet fan de pin. Publisearre yn it Frysk en it Nederlânsk fiif dichtbondels, mei as lêste De stobbewylch (2000). Sette it Baskyske berneboek Mari-Marietta oer en skreau in ienakter foar jongerein. Is dosint oan de Skriuwersskoalle yn Grins en wurket as freelance publisist. |
Henk van der Veer (1954) is ûnderwizer, redakteur fan Trotwaer en resinsint foar it Sneeker Nieuwsblad en Byntwurk. Publisearre ferskate dichtbondels, de lêste wie Kajapoetoaly (2000). |
Elly Veltman (1966) wurket as dosinte Nederlânsk yn Dokkum. Wennet yn Ljouwert mei Michiel en Dikke Bertha (de WO I kat), skriuwt in soad, mar publisearet neat. Hat resinsearre foar Omrop Fryslân, mar moat no earst de stúdzje ôfmeitsje. |
Cornelis van der Wal (1956) is dichter, kritikus, okkultist en terrorist te Grins. Yn 1991 ferskynde syn earste bondel In nêst jonge magneten, dêr't er yn 1993 de Fedde Schurerpriis foar krige. Hy die yn 1997 mei oan Poetry International en yn dat jier kaam ek syn twadde bondel, Sinnestriel op it offermês, út. |
Baukje Wytsma (1946) wie redaktrise fan De Strikel, wurket as free-lance sjoernaliste foar de Leeuwarder Courant en de Friesland Post, skriuwt kabaretteksten en lieten foar ûnderskate groepen en artysten, publisearre gâus boeken foar bern; yn 1997 ferskynde har seisde dichtbondel, Thúslûd. |