zwaer, Fokkema, Kunne-Ibsch (red.), Tekstboek algemene literatuurwetenschap, Ambo, Baarn, 1977, 263).
It artikel fan Tynjanow is fan 1924 en it giet my útsoarte om de lêste wurden út dit sitaat.
It Formalisme let bekend wurden yn West-Jeropa, fier neidat Rodenko syn wurden skreau en krekt nei't Smit him oer it moderne proaza begûn te uterjen. De taalbarjêre kin in oarsaak wêze, en fierder it feit dat de groep nei de Russyske revolúsje minder earmslach krige. Guodden fan har hawwe har (mei de mûle) ta it kommunisme bekeard, oaren hawwe it swijen der ta dien en wer oaren binne it lân út gien. De lettere lingwistyske rûnte te Praach mei in grut fonolooch as Troubetzkoy, is grif net sûnder de ynfloed fan 'e Formalisten te tinken. Yntusken hat benammen de resepsjeteory omraak kennis nommen fan it Formalisme.
As Veenbaas beweart dat ik in learling fan Smit bin yn dit stik fan saken, hat er grif gelyk. Mar it is mar de helte of minder. Yn 1978 bin ik mei it Formalisme yn kontakt kommen. Ype Poortinga, dy't it lêste jier dat er les joech oan 'e Noardlike Leargongen de folksferhalen behandele, smiet my in artikel foar fan Vladímír Propp, de man fan 'e mearke-analyse. Propp is gjin Formalist, mar in tiidgenoat, en it nijsgjirrige is dat in èchte Formalist, Viktor Šklovskij, al foar Propp soartgelikense ideeën utere oer de mearkekomposysje.
It ynspirearjende fan 'e Formalisten is dat it sokke entûsjaste jonges binne. Se beare as ha sy de wittenskip útfûn en as sil no alles dúdlik en klear wurde. De Formalisten, dat is grif net ûnwichtich, engasjearren har sterk mei de eigentiidske, moderne Russyske literatuer. En dan is de parallel mei Rodenko en Smit dúdlik, dy dogge dat krekt sa mei de Nederlânske, resp. Fryske. As fjirde-klassers fan 'e kweek te Dokkum liezen wy it ‘ooievaarboekje’ Nieuwe griffels, schone leien, mei poëzy fan 'e fyftigers. En wy liezen Rodenko - sûnder der ek mar ien letter fan te begripen, mar dat wie minder wichtich. It gyng ús om de tsjoen fan it nije. Rodenko en Smit, beide ferbine se har ‘wittenskiplik lot’, om it mar ris dramatysk te sizzen, oan it trochsetten fan in nije literêre streaming dêr't sij alle heil fan ferwachtsje, krekt as de Formalisten dienen.
As Veenbaas dan seit: Se hawwe finaal mis west, de psychologyske roman libbet as in hert, dan tink ik: so what? De measte literatuerwittenskippers hat de skriuwer gjin kloaten oan, mar wittenskippers dy't de nekke útstekke en de sprong yn 'e takomst wêgje, dêr kin in skriuwer mei út 'e fuotten. No kin der daliks tsjin my ynlein wurde dat it doel fan 'e literatuerwittenskip net is om skriuwers it paad te wizen, en dêr moat ik dan ek mar daliks op yngean: foar my is literatuerwittenskip in ûnderdiel fan 'e literatuerkrityk en ik ferwachtsje fan de wittenskipper dat er partij kiest yn it fjild fan stridige literêre opfettingen en belangen.
Ta de saak: troch Smit haw ik my stipe field om te skriuwen sa't ik skriuwe koe en woe, tanksij de Formalisten haw ik de foarm fûn foar myn boekje Toate-los (it stiet mei safolle wurden yn it Neiwurd). En oft Smit en oft de Russyske Formalisten dan efternei sjoen folslein gelyk krigen hawwe, ja, moat ik my dêr wier om bekroadzje?
Mar is it finaal ûnsin dat de psychologyske roman de takomst hân hat en ta de konvinsjonele literatuer kommen is te hearren?
It skuort fansels net út dat in skriuwer oer psychologyske kennis beskikke moat en dat der hjoeddedei amper in boek ferskynt of der sit psychology yn, dat is te sizzen dat de skriuwer syn bêst dien hat om de minsken te obster-