Gjin bestjoer
Foarlopich mar net wer yn in bestjoer, wie myn fêste foarnimmen bij it ôfskie-op-eigen-fersyk fan dat fan it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum. Leaver wat praktysker oan 'e gong, mei alle moannen as taastber resultaat in nij nûmer fan dit ferslaavjende blêd.
It hat noch gjin jier duorre. Doe siet ik yn it algemien bestjoer fan de Provinsjale Biblioteek. Dat wie, op fersyk fan de Provinsje, al in jiermannich dwaande mei de ferselsstanniging fan dy oerheidsynstelling. Op de gearstalling fan it bestjoer - meast Ljouwerter notabelen - wie nochal wat krityk kommen en sadwaande waard it ein foarich jier útwreide mei de Stellingwerver foaroanman Henk Bloemhof en mei Koen Zondag en mijsels as represintanten fan de Fryske kulturele sektor (op oanstean fan deputearre Bertus Mulder, nim ik oan).
It hat mar twa gearkomsten duorre. De twadde, op 10 april, wie tagelyk de begraffenis. Doe waard bekend makke dat Deputearre Steaten de ferselsstanniging weromdraaie soenen. In eigen bestjoer wie net mear nedich, om't de PB ferline jier dochs noch oanheakke hie bij it Ryksargyf, it flmd en it Ljouwerter gemeenteargyf dy't earder al besluten hienen om de mooglikheden fan gearwurking yn de foarm fan in Regionaal Histoarysk Sintrum te ûndersykjen. Deputearre Steaten gongen troch de bocht doe't steatssekretaris Rick van der Ploeg mei de nota Cultuur als confrontatie kaam, dêr't ek yn oanstien waard op it bondeljen fan it regionaal kultureel erfguod.
Sneu foar de ‘âlde’ bestjoersleden fan de pb: no wienen se hast sa fier dat se de saak fan de Provinsje oernimme koenen en doe hoegde it net mear. Mij muoide it alheel net. De skaadkanten fan de privatisearringsgoarre waarden