Simmer 2000: in feestje foar ússels? (6)
Twa kanten
In reuny hat altiten twa kanten. In âlden, jo sjogge minsken werom, en in nijen, jo sjogge hoe't it der hjoed de dei foarstiet mei de omjouwing fan eartiids. Op it foarste plak stiet it weromsjen, jo fine it moai âlde freonen op 'e nij te sprekken en op te snijen oer hoe bêst at de bern telâne kommen binne. Dêrneist wol de organisaasje harsels fansels op syn foardielichst sjen litte mar boppedat oantoane dat yn har gefal de tiid ek net stilstean hat en dat it doarp, de skoalle, de feriening har eigentiidsk ûntwikkele ha. En it moat ek in bytsje leuk wêze fansels.
Dan leit der al gau it gefaar fan falske romantyk. Mar de gedachte oan in grutte reuny fan Friezen hat sa ynspirearjend wurke dat der alderhanne kreative en kulturele úterings fan kaam binne en hiel Fryslân oeralhelle is. Derby is nea út it each ferlern dat it yn it foarste plak om de emigranten en de oare ferlerne soannen en dochters gie. Men koe dat ek sjen oan tal fan eveneminten, lykas de iepeningsseremoanje, de doarpsreuny's, de Boonstra-reuny yn Aldeboarn, meartalige tsjerketsjinsten en de Slachte-maraton.
Al in pear dagen nei it iepeningsbarren op it Saailân seach ik, ûnderweis nei myn wurk, in boat mei allegearre Kanadeeske flachjes. Ik ha eefkes toetere.
Dat dy minsken hjir sa'n brûzjend barren oantroffen hie folle mear om 'e hakken as in leafdesferklearring fan de Friezen oan Fryslân. It wie in bewiis dat de gastfrijheid en hertlikens hjirre djip sitte. Moai om soks mei te meitsjen.
Cor Hofstra