sulveren teetsjettel publisearre. Dit soarte fan grapkes wienen doedestiids fansels tige aardich, lyk as de Ella Wassenaer-eftige fersen fan Sibrich (‘O lis my neaken op in stien’).
Jo Smit soe neffens de besoarger fan dizze klassiker syn haadpersoan modellearre hawwe nei doedestiids populêre boeken oer Mike Hammer fan Mickey Spillane. Mear noch hat Smit - sa liket my - de keunst ôfsjen wollen fan masters as Hammett en Chandler. Benammen de lakonike wize fan skriuwen hat in soad fan de styl fan dy beide mannen. Yn fergeliking mei har haadpersoanen is Watse lykwols gjin nijsgjirrige figuer. Sa drinkt hy wol aardich wat en sit er ek wol efter de froulju oan, mar de gefolgen binne net sa desastreus mankelyk as by Sam Spade en Philip Marlowe. It iennige bysûndere oan Watse is dat er jûns ear't er op bêd giet de Rimen en Teltsjes lêst. Mooglik in ferklearring foar it perfekte Frysk fan it boek?
Trinus Riemersma hat it boek treflik besoarge. Yn it neiwurd behannelet er alle aspekten dy't men oer it boek betinke kin. Hy hat ek, mei help fan Harry van Borkulo, in tal flaters yn 'e koaden fan de krantestikken, dy't essinsjeel foar it boek binne, ferbettere sadat de yntrige no teminsten slút.
Op de omslach fan de klassiker wurdt Riemersma syn eigen ferhaal ‘De hoeder’, dat oan it begjin stie fan Jo Smit syn boek, in ‘misbeteard ferhaal’ neamd. Dit oardiel sil grif net fan Riemersma sels komme. Oars hie er it ferhaal dochs net opnommen yn syn ‘best of’, In fearn hûndert ferhalen (1996)?
Twa resinte Fryske detektives binne eins folle nijsgjirriger as Wês foarsichtich, Watse! Sa is Moard yn it Provinsjehûs fan Frans en Tineke Steenmeijer in sekuer skreaune, klassyk opboude roman.
It boek begjint mei de moard op in deputearre, Fons van Thorn fan de Gezond Verstand Partij. De wize dêr't dit bart op komt wakker ûnwierskynlik oer: hy wurdt deasketten troch in lyts gatsje yn it plafond fan de kolleezjeseal. Mar de beskriuwing fan hoe't de plysje de saak utsiket en oplost is oertsjûgjend. Haadpersoan fan it boek is ryksynspektuer Doede Deschesne, dy't op in deeglike wize alle stikjes fan de puzel by inoar siket.
It boek is licht satirysk oer it hâlden en dragen fan de polityk. It echtpear Steenmeijer hat aldergeloks net besocht it aksint op dat politike aspekt te lizzen, mar jout alle oandacht oan de eftergrûn fan de moard. Dat plysjeman Dechesne - lykas beide Steenmeijers - in Havankleafhawwer is, is ek sawat de iennige literêre ferwizing yn it boek. It ferhaal jout in soad nijsgjirrige details oer it wurk fan de plysje en de minsken dy't by it ûndersyk foarby komme, wurde goed typearre.
Opfallend is ek yn dit boek it perfekte Frysk. Soenen ymport-Friezen as Smit en de Steenmeijers mooglik mear war dwaan op harren Frysk? As wie Moard yn it Provinsjehûs troch minsken fan de Akademy of de hiele stêf fan de Afûk neisjoen, sa geef is it.
Sietse de Vries syn twadde detektiveroman De dea fan Nico Dekema is minder klassyk fan opbou as Moard yn it Provinsjehûs. Yn syn boek stiet de psychology fan de minsken, dy't mei de dea fan Dekema te krijen hawwe, sintraler as de yntrige. Opfallend is bygelyks dat, al wurdt in hiel drugssirkwy troch de plysje ûntdutsen, de moardner fan Dekema frij omrinnen bliuwt. Allinnich de lêzer wit wa't it dien hat.
De deafan Nico Dekema is in fernimstich skreaun boek. Handich skeakelt de skriuwer tusken de plysjemannen en de bekenden fan Dekema dy't ûnder fertinking steane. Sa wurdt in trageedzje oan it ljocht brocht, dêr't de plysje temin each foar hat, om't sy drugs no ienkear