In grut dichterman?
Cornelis van der Wal
Tsjisse Hettema, It eachwyt fan de simpele rider. Koperative Utjowerij, Boalsert 1999. 48 siden. f 19,50.
Wat moat in besprekker oan mei in bondel dy't allinnich mar wjersin by him opropt, elke kear as er it boekje ynsjocht. Jo soene sizze kinne: lit dan mar in oar it wurk dwaan en meitsje jo eigen libben en dat fan de auteur net sa soer. Lykwols: de (myn) wierheid moat sein wurde.
It eachwytfan de simpele rider fan Tsjisse Hettema is syn earste offisjele ûtjefte; Hettema hat al earder in bondel yn eigen behear útjûn, it lêzen dêrfan is my besparre bleaun. Jo sjogge it daliks: dizze bondel is ‘fout’. In freeslik omslach en in beroerd lettertype. De ynhâld soe de saak fansels noch rêde kinne, mar as in bondel begjint mei de rigel: ‘wat is it nijs dat nijs is dat âld wurdt’ dan is it hast al oer wat my oanbelanget. Fansels haw ik wol fierder lêzen, mar sa'n flauwichheid, puberale djipsinnichheid bedjert foar my in soad.
Mar hawar, sûnder foaroardielen besjogge wy bygelyks it fers ‘Suvere’ (s. 13):
it soel yn dyn skamtehier
lit myn tonge it hynder wêze
Wat moat dy ‘kut’ dêr no? As dit in leafdesferklearring is, dan soe ik de ferkearing dalik útmeitsje. Net dat ik skokt bin of sa, mar it kin gewoan net, sa'n wurd te brûken yn in gedicht. Ik priuw (jaja) hjir wer in beskate puberalens by de dichter. Grow up, soe 'k sizze!
Hettema hat sa't it liket alhiel gjin doel oer wat der nedich is en skriuw in goed fers. Hy hat te lijen fan in krupsje dy't yn de foarige ieu de wrâld ynstjoerd is: elkenien kin dichtsje! In pear rigels, wurden ûnderinoar en klear is it fers! Noch mar in foarbyld: ‘Besetter’ (s. 28):
gjin romte om te sykheljen
allinnich hastige drippen
Mei in bytsje goede wil is it lêste enzjambemint