Simmer 2000: in feestje foar ússels? (5)
Pylger & reis
It Simmer 2000-barren is my ûntgien. By de iepening wie ik op reis en doe't ik wer thús kaam siet my dy reis noch te folle yn 'e holle. As ik yn de Pyreneeën west ha dan duorret it moannen foardat ik wer wend bin oan horizontaal Fryslân. En haw ik yn de Extremadura omkroaske dan duorret ek hiel lang foardat greide-mei-kij op myn netflues hâldfêst fynt.
Diskear hie ik in grut part fan myn fakânsje trochbrocht èn yn de Pyreneeën èn yn de Extremadura. Om earlik te wêzen de kop stiet my noch hyltiten ferkeard foar Slachtemaratons, iepenloftspullen of opera's. Om noch earliker te wêzen, kuiertochten, iepenloftspullen en opera's wie 'k al nea sljocht op.
En dan dat pylger-idee, dat is der neffens my fier bytroch. Huub Mous jout yn it boekje Pylgers nei Fryslân in moai oersjoch en in aardige útlis fan pylgerreizen. Mar it slagget him net om fan de Simmer 2000-emigranten pylgers te meitsjen. It is in tè optocht kader. Fan skuld en boete yn religieuze sin is gjin sprake. De emigranten komme fanwege it feest, út nostalgy, mar net om harren gewisse te himmeljen. Hja hawwe dochs neat misdien?
Nee, Simmer 2000, it seit my neat. Hurdfytsen ek net. Dochs seach ik alle dagen nei de Tour de France. Om noch even wer in glimp op te fangen fan dy ûnbidige bergen, fan dy stedsjes en doarpen, dêr't ik op it plein by de tsjerke baguette & jambon iet. Mei Pantani, Armstrong en Zülle sette ik middeis de klok even tebek.
Willem Winters