Net ferfelend mar ek net bysûnder
Elly Veltman
Sikke Doele, De Gouden Teeman. Friese Pers Boekerij, Ljouwert 1999. f 27,50.
Yn syn debútbondel De Gouden Teeman nimt Sikke Doele de lêzer mei nei de fyftiger en sechtiger jierren fan de foarige ieu. De ferhalebondel is alhiel te pleatsen in it ‘sprútsjesrealisme’, dat op 't heden yn 'e Nederlânske (mar ek yn 'e Fryske) literatuer tige yn 'e belangstelling stiet. Lyste, ûnbenullige foarfallen fan in húshâlding of fan in haadpersoan wurde sûnder watfoar pretinsjes ek útfergrutte en meitsje fan de lêzer in soarte fan húskeamerfoyeur. Skolperich wurdt skreaun oer it deistich libben fan in haadpersoan en de lêzer driuwt mei op de weachjes fan it (wat sleauwe) ferhaal.
De ferhalen fan Doele binne net ferfelend, se lêze noflik, de styl is flot en de taal is maklik, mar de bondel spattert en sprankelt net.
Yn it iepeningsferhaal ‘De Webster Chicago’ wurdt mei it jild út it erfskip fan muoike Ingel in spiksplinternije wire-recorder (in soarte fan bânrecorder) kocht. De triedopnimmer wurdt û.o brûkt foar in sprútsen briefwiksel mei ‘omke’ Thomas dy't yn Amearika wennet. Troch de briefwiksel komt der in lyts famyljedrama oan it ljocht, mar nei't dat útpraat is binnen de famylje, is de aardichheid fan it apparaat der gau ôf en wurdt de recorder ferkocht. Fan de opbringst wurdt in radio kocht, mar dan kundiget him in oar drama oan.
Benammen de opbou fan it ferhaal is bêst, it is hecht fan struktuer en it falt yn de slotalinea as in kreaze puzzel ynelkoar. De sfear is leaflik en guodlik en bytiden in glimke weardich.
Minder slagge is it titelferhaal ‘De Gouden Teeman’. Reinder wol syn tante Reina in hak sette om't se de húshâlding terrorisearret mei har smetfrees. It pakt oarsom út, net tante Reina mar Reinder sels krijt it lid op 'e noas. It ferhaal soe grif in plakje krije kinne yn John Lantings Theater van de Lach.
Ek de ferhalen ‘De Sollicitant’ en ‘De Snelbrommer’ binne meager fan opset, wylst it slotferhaal ‘De Portrettist’ wol wer aardich is. It spilet him ôf yn 'e sechtiger jierren, krekt as de twa earder neamde ferhalen. De studint Sjoerd lift mei in Dútser mei nei Kopenhagen. Hy hat net folle jild mear en hy is dan ek tige ynnommen mei it foarstel om de dochter en de pakesizzer fan de Dútser op portret te setten. Neidat it portret fan it bern goedkard is, set er útein mei it portret fan de dochter. Under it tekenjen fantasearret er dat er mei har frijt en ûnbedoeld(?) wurdt it portret skerper en arroganter. De dochter en de heit meie it net lije en Sjoerd krijt syn jild net.
It meast spannende en útdaagjende ferhaal is ‘De Nolinks’. Reinder wurdt foar it earst fan syn libben konfrontearre mei it begryp ‘Burgerlijk’. It is de artistike Eva Nolink dy't him de eagen iepenet. Se bringt him yn 'e kunde mei de poëzij fan de fyftigers, se fervet it hûs fan syn heit en mem yn heldere kleuren en drinkt wyn by it iten. Se liket mei har man Hugo in iepen en goed houlik te hawwen, mar dat blykt net sa te wêzen. Foar Reinder is dat allegearre och sa nijsgjirrich, mar ek betiizjend. Hy rint fuort...
Yn it ferhaal wurdt hiel subtyl beskreaun hoe't Reinder wrakselt mei syn puberteit en hoe't er him oan de iene kant ôfset tsjin syn