| |
| |
| |
Josse de Haan:
Literatuer is myn libben,
myn libben is literatuer
Henk van der Veer
‘Kinst sizze dat literatuer myn libben is en myn libben literatuer. Tusken de trije net publisearre lytse romans dy't ik fan myn achttjinde oant myn ienentweintichste op 'e Kweek skreau, twa Nederlânstalige en ien Frysktalige, en de lêste grutte roman Piksjitten op Snyp, leit in libben fol literatuer. Fjirtich jier dus. Dy twa Nederlânstalige romans wiene “Sneeuwvlokken” en “Koperen Klown”. De Frysktalige hie as titel “Spûns en Fleis” en waard troch útjouwer Laverman as pornografys ôfkard. De Blauwe Hand yn Harns, quatrebras, Operaesje Fers, Trotwaer, de Koperative Utjowerij en myn ienmanstydskrift iP2r90 Rendez-Vous foarmje wêzentlike ûnderdielen fan dat literêre libben. Sûnt it begjin fan de njoggentiger jierren hearre de fisuele fersen dy't ik anarkys neam, der ek by.
Piksjitten op Snyp, is foar my gjin einstasjon, eins is it de optelsom fan alles wat ik yn de ôfrûne fjirtich jier skreaun en dien haw op it literêre mêd. Fan dy fjirtich literêre jierren haw ik tweintich jier bûten Fryslân wenne en ik tink dat soks der foar soarge hat dat ik foar guon lêzers en kritisy wat muoilik te pleatsen bin.
Ik tink dat ik yn 't foarste plak by de Frysk-Nederlânse literatuer en kultuer hear. Foar my kinst dy twa net skiede. Ast praast oer libbenswurk dan tink ik dat ik yn myn wurk de Fryske identiteit, literêr en as Fries, yntegrearre haw yn de Nederlânse literêre identiteit. Dat kin in ferriking wêze foar beide “taalkultueren”. Yn it Europa fan moarn sil dat faker barre. Literatuer kin yn dit yntegraasjeproses - en dat is gjin assimilaasjeproses - in wichtige rol spylje. Yn dat opsicht is Piksjitten op Snyp in allesomfetsjende roman, tagelyk in groteske en in essay. It boek kin lêzen wurde yn heel Europa.’
Dat seit skriuwer Josse de Haan oer syn op 9-9-99 ferskynde roman Piksjitten op Snyp. Mei him in ynterview oer dy roman en ek rom omtinken foar De Haan syn opfettings oer de literêre krityk yn Fryslân en dan yn it bysûnder de resepsje op syn ‘Megabyte-boek’.
Wa't it tsjokke boek fan De Haan lêzen hat sil him ôffreegje of Piksjitten op Snyp it libbenswurk is fan dizze skriuwer om utens, dy't yn Frâns Baskelân wennet.
‘Nei Omskottenfan leafde, de roman dy't yn 1981 by de ku ferskynde, hie ik myn nocht fan, lit ús sizze, de gewoane ferhaalroman dêr't streekrjocht fan it begjin nei de ein skreaun wurdt en de romantiid sa likernôch lykop rint mei de wurklike tiid. Ik hie al lang troch dat it libben in gaos is dêr't gjin streekrjochte linen yn besteane en dêr't de iennige progresje bestiet út it âlderwurden.
No, dy tiidsline is net botte ynteressant. Yn in mins barre hele oare dingen dêrst faak gjin grip op hast. Foaral it ûnbewuste en it ûnderbewuste binne yn dit stik fan saken wichtich. Dêr- | |
| |
yn spylje, mei datst âlder wurdst, de jeugdoantinkens in grutte rol. Le temps perdu, sis mar. By my alteast. Yn it begjin fan de tachtiger jierren skreau ik eins allinne noch mar fersen en yn deiboeken. It Fûns foar de Letteren hâlde my materieel en immaterieel boppe wetter. Ik skreau oer it ferline, oer wat ik lies, oer wat ik meimakke, oer de ûnsin fan it houlik, oer de waansin fan it ûnderwiis en foaral oer de literatuer en it libben. Eins ynteresearre ik my yn dy jierren allinne noch mar foar de literatuer.
De Groene Amsterdammer kaam begjin 1985 mei in priisfraach ferhaleskriuwen. Ik stjoerde in koart ferhaal yn, in jeugdoantinken oer it opblazen fan kikkerts. Adriaan van Dis, Johanna Fortuin en Martin van Amerongen joegen it de tredde priis. Neist de eare en de publikaasje fan it ferhaal, yn desimber 1985, krige ik fjouwerhûndert gûne. Mei myn maat Piter Yedema haw ik dat hiele bedrach yn drank omsetten.
Hawar, de sjuery fûn dat ik it ferhaal “byldzjend, flot en pakkend” skreaun hie. Harren oardiel stimulearre fansels geweldich. Ik haw doe in pear jier dwaande west mei in Nederlânstalige roman, dêr't ik it maatskippijkritise ferbine woe, yn ferhalen en aktuele saken lykas by Dos Passos, mei de jeugdoantinkens út in lyts doarp. Dat is doe net slagge. Foaral de foarm fan it boek koe ik gjin grip op krije. Miskien stie it Nederlâns taalgebrûk ek wol te fier fan my ôf om driuwend genôch te wêzen. De allesomfetsjende roman dy't ik skriuwe woe is der doe net kommen. In fjouwer of fiif ferhalen mei jeugdoantinkens haw ik derút helle en opslein yn myn argyf.
Nei it lêzen fan De Reade Bwarre fan Trinus Riemersma, De Wuttelhaven del fan Steven de Jong en foaral fan it postúm útjûne boek Le premier homme fan Camus, myn grutte favoryt oars, krige ik wer oanstriid en begjin oan it boek mei jeugdoantinkens. Yn 1994 bin ik begûn mei de tariedings, yn 1995 haw ik de earste stikken skreaun en yn maaie/juny 1999 binne de lêste korreksjes útfierd troch Sjoerdsje V.’
Oer it skriuwproses fan Piksjitten op Snyp, seit De Haan:
‘Eins moat der praten wurde oer it skriuwproses fan de skriuwer sec, ik dus, en it skriuwproses fan de twa haadpersoane-skriuwers. Dêrby spilen de foarm en de ynhâld in net te ûnderskatten rol. Foar my moat de ynhâld de foarm oanjaan, mar soms ûntkomst net oan de twingende easken fan de foarm. Ast seist dat in goed boek himsels skriuwt, dan is dat wier wat de assosjaasjes oanbelanget. It iene wurd jeit it oare op, it iene idee feroarsaket it folgjende, mar dêrmei easket de foarm in hele strange dissipline fan de skriuwer.
Dêrom haw ik yn 't foar globaal de foarm fêstlein, lit ús sizze it skelet fan de roman. Nei't ik besletten hie dat ik njonken nije ek fiif âlde jeugdferhalen brûke woe, dat it boek út njoggen dielen bestean soe, analooch oan de ferhalen fan it jonkje, twa skriuwers de haadpersoanen wêze moasten en de jeugdoantinkens per diel yn trije parten opsplitst wurde koene. Ien part bestiet út in “dream” fan it jonkje, it surrealistise aspekt, dêrst as skriuwer fierder gean kinst as yn in realistys ferhaal. Doe't al dy dingen foar my dúdlik wiene koe de struktuer fêstlein wurde.
De jeugdoantinkens moasten yn de doetiid en ik woe se ek allegearre sa likernôch fan deselde lingte hawwe yn ferbân mei it lykwicht fan it ferhaal, fan de roman. Dêrtroch koe ik de dielen oer/fan de haadpersoanen/skriuwers yn de notiid skriuwe, sadat it skriuwproses, want dêroer woe ik skriuwe, syn gerak krijt. It konsept haw ik hast in healjier oer neitocht, útprobearre, fersmiten, op 'e nij besocht en op 't lêst
| |
| |
globaal fêstlein.
Ik bin mei it earste jeugdferhaal begûn en dêrút wei mei it begjin fan haadstik 1 fan Diel 1, sadat ik ferwize koe middels De Grutsk, yn syn eigen skriuwproses, nei it jeugdferhaal. Yn haadstik 10 fan Diel 1 krijst dan de moeting tusken de twa skriuwers en it praat oer har jeugd, har libben, it skriuwen en soksoarte fan saken.
Dat foarste Diel 1 haw ik yn april 1995, ik siet doe trije moanne yn St. Jean de Luz, nei in fjouwertal freonen-literators stjoerd foar in hurde en earlike krityk. Guon op-en oanmerkings koe ik brûke. Oer 't algemien wiene dizze fjouwer minsken entûsjast oer wat ik skreaun hie. De wichtichste haadpersoan, de lange, grutte en eigenwize De Grutsk, sit mei in writers- en libbensblock. Dat skriuwen fan him giet dus heel stadich, sadat de earste haadstikken soms ek frij koart binne. Dy oare skriuwer, Ika-2, de ôfsplitsing fan De Grutsk of in selsstannich skriuwer, is in maatskiplike skriuwparasyt dy't De Grutsk dwers sit en brûke wol. Of oarsom. De ûnderskate skriuwprosessen yn it grutte skriuwproses krigen wat langer wat mear romte, mar fregen wat de foarm oanbelanget it uterste oan kreativiteit en ynvintiviteit. Der besteane trije fersy's fan de roman. De lêste is offisjeel op 9-9-99 útkommen.’
Piksjitten op Snyp is mear as in roman. As subtitel stiet foar yn it boek ‘groteske of essay’. De Haan ferklearret:
‘Ik woe dus literêr wat dwaan mei jeugdoantinkens. Doe't ik besletten hie twa skriuwers as haadpersoan te nimmen - foar my in net alheel ûnbekend fak -, koe ik ek skriuwe oer it skriuwen sels, oer de literatuer en de pulp, oer kritisy, oer it Frysk literêre wrâldsje, mar foaral ek oer in skriuwer dy't fêst siet, fêst sit, mei't er út syn baan setten is. Of gongen. Hy wurdt op 'e bealch sitten troch de fatsoenlike maatskippij dêr't de kalvinistise moraal faak foar master opslacht. De twadde skriuwer kinst hjir dus ek sjen as de metafoar foar dy saneamde “soepelrinnende” maatskippij. Op 't lêst wint de keunstner, De Grutsk, en giet de klerk, Ika-2, nei de Filistinen. Of miskien moat ik sizze Filipinen.
Mei't ik al jierren ferkundigje, en ek literêr tapast haw, dat it maatskippijkritise elemint yn de literatuer net ûntbrekke mei, want oars wurdt it Endemol-kitsch of kffb-pulp, koe ik no mei dy twa skriuwers heel wat diskutabele saken yntrodusearje. Soms binne de skriuwers, as antagonisten hast, it folslein ûniens, soms ha se deselde miening. Beide bemige de kritisy!
In sub-haadpersoan is bygelyks de psychiater, De Psyk, dy't lykas dy Diekstra út Snits, him de skriuwprodukten fan syn pasjinten taeigenje wol en publisearje. Yn it einrapport fan dy De Psyk oer de De Grutsk, syn case, syn Kees K., syn eigen Kafka miskien, haw ik yn de gebrûklike meta-taal fan dy lju, it swetserige fan sokke lju iroanys ferwurde. En sa krije ek rjochtbanken, belêstingtsjinsten en oare ynstellingen dy't de taal ferkrêftsje, en minsken dus, har gerak.
Alles út it eachpunt fan De Grutsk. Hy is wat oerspand en oerémis en sjocht oeral ûnrjocht en oanfallers. Soms terjochte, want swakke minsken binne gaadlike proai. Yn dat opsicht rint dit parallel oan it barren yn Snyp. Mei it ynfieren fan twa kritisy, metafoaren foar al dy lju dy't miene sûnder literêre arguminten oaren plat meane te kinnen, koe ik ek dat elemint as wichtich ûnderdiel yn it libben fan in skriuwer besprekke litte troch de twa haadpersoanen-skriuwers.
Fierder haw ik noch in tal auteurs brûkt dy't ik wichtich fyn en dy't ynfloed op my hân hawwe. Soms haw ik se letterlik sitearre. Se spylje in rol yn de diskusje oer literatuer dy't de
| |
| |
twa skriuwers opsette. Yn dat opsicht is de roman ek in essay.’
Pikjitten op Snyp, is gjin trochsneed ‘Bekentenisroman’ of ‘Bildungsroman’. Hoe kwalifisearret De Haan it wurk?
‘Ik wie ferrast dat Kees 't Hart yn syn besprek yn De Groene [fan 1 maart 2000] de ferhalen fan/oer it jonkje De Lytsk fergelike mei Kees de jongen fan Theo Thijssen. Dat prachtige boek is ek ien fan myn favoriten. Doe't ik De Lytsk kreëarre, haw ik net oan dy jeugdroman tocht. Ik haw wol besocht út de tink-en fielwrâld fan sa'n jonkje te skriuwen. Guon saken dy't De Lytsk meimakket en fertelt of dreamt werken ik as eigen. Oare ferhalen haw ik heard of lêzen. Se binne fansels stilearre. Ik haw se heel faak werskreaun oant ik de stim fan dat jonkje te pakken hie.
Ast oer dyn jeugdoantinkens skriuwst, as folwoeksene, hast te krijen mei ûnderskate problemen. Kinst as skriuwer jeugdoantinkens betrouwe? Wat wurdt fertsjustermoanne, wat ferdraaid, wat moaier makke, wêr wurde eleminten tafoege dy't noait bestien hawwe en wêr giest omlizzen foar de skamte? Mei oare wurden, hoe krijst literêr grip op de tiid fan in fjirtich of fyftich jier lyn!
Ast sokke oantinkens skriuwst fanút it jonkje, it personaal perspektyf, kinst heel maklik in berneboek krije, sjoch bygelyks myn It geheim fan de 7 Moskeflappers [19741, 19962]. Fertelst oantinkens út in auktoriaal perspektyf dan kinst it gefaar rinne datst tinzen ynlaskest dy't sa'n bern fan acht of tsien jier noait betinke kin. Dat skriuwproses is heel muoilik, mar as it slagget yn de taal fan de folwoeksenen is it literatuer wurden en gjin slochtweihinne “Bekentenisroman”.
It hat te krijen mei de gefoelens fan in bern en deselde, oare, dêr't ik dan in fraachteken achterset, gefoelens fan in folwoeksene. It magise kontra de kontrolearjende sinsuer, ek yn gefoelens. Yn dizze roman haw ik besocht de “wreedheden” dy't De Lytsk meimakket yn Snyp te ferbinen mei de ûnderfiningen fan De Grutsk en Ika-2, as folwoeksenen.
De titel fan de resinsje fan Kees 't Hart wie “Piksjitters heb je overal”. Hy hat dus heel goed lêzen, want it is ien fan de kearnpunten fan de roman. In folwoeksene, lykas De Grutsk, lykas Ika-2, stiet fakentiids net mear ferbaasd sa't De Lytsk dat wol faak hie. Ast as folwoeksene ek noch ferbaasd stiest kinst mar better ferdwine yn in omkearde wrâld of feroarje yn in mânskgrutte bargebongel of gewoan gek wurdt. It oerkomt Ika-2. Piksjitten as metafoar foar de wedstriden en gefjochten yn Snyp jildt dus ek foar de wrâlden fan De Gruts en Ika-2. Dêrtroch is dizze roman èk in groteske en yn syn gehiel in essay oer de maatskippij. Literêr en net sosjologys-kultureel-antropologys. Foar De Grutsk is Piksjitten op Snyp, ien lange tango en dat is fansels ek in aardige opsje. Grutskiaans soe'k sizze.’
Yn Piksjitten op Snyp, diskussearje de twa skriuwers oer de hjoeddeiske kritisy. Hoe is De Haan syn oardiel oer de literêre krityk yn Fryslân en dan benammen oer de resepsje fan Piksjitten op Snyp?
‘Omrop Fryslân neamde de roman op seis jannewaris skythúspapier. It frommiske dat de roman bespruts, Elly Veltman, sei “pleepapier” en dan witte je al hoe't sa'n ien oer har eigen kont tinkt. Mar hawar, dat is har saak. Ik haw har betanke foar it besprek, yn de foarm fan in ekstra haadstikje fan de roman en earst oerlein mei De Lytsk, De Grutsk en Ika-2:
De Lytsk sjocht yn gedachten noch faak stikjes papier fan de radiogidsen yn de dwinger fan Snyp
| |
| |
driuwen. Dy gidsen waarden op sneontejûn troch in soad Snypsters yn fjouweren knipt, sadat se sneins mei in skjinne kont nei tsjerke, nei 't keatsfjild of nei de merke koene. Yn Snyp hiest fjouwer soarten, de Roomse fariant kaam eins net foar: 1. de avroboade; 2. de varagids; 3. ncrv-boadskip; 4. de vrije vpro-lûden. De nûmers 1 en 3 joegen nei it brûken kontkoarts. Dat lei him oan de inkt, boppedat wiene se te glêd. De lju dy't dat papier brûkten fytsten dan ek steande, omdat se it sadel net ferneare koene. Se moasten elke dei mei de kont yn sterilisearre wetter. De Lytsk adfisearret Jo, frou Veltman, kontakt op te nimmen mei de printer yn Boalsert. Dy wit oft Jo it papier fan dizze roman brûke kinne. Hy soe net graach wolle dat Jo helendal sterilisearre troch it libben moatte. It lêzen fan sokke romans kin yndied gefaarlik wêze foar fetbere konten. Fansels, Jo hawwe gelyk, noarm en fetsoen binne drege saken, mar Jo sitte yn goed selskip: 1. Schurer oer leafdedea; 2. Tamminga oer de “dokwurker” Miedema; 3. Algra en Schurer oer Reve, Wolkers, Cremer ensafuorhinne.
Lykas yn de roman oansnijd wurdt soe literatuer nèt mei etise/moralistise kalvinistise fatsoensnoarmen hifke wurde moatte, mar mei literêre noarmen. Yn Fryslân bart dit noch faak net. Diskusje hat dus gjin doel.
Yn 't algemien kinst sizze dat de resepsje yn Fryslân ferrint sa't Babs Gezelle Meerburg yn har dissertaasje bleatlein hat: beheind. koartsichtich, net-erudyt, lytsskalich en foaral net literêr-psychologys. Ast de analytise wize fan besprekken en beskriuwen fan dizze roman troch Kees 't Hart njonken dy fan Fryske besprekkers leist, dan sjochst it ferskil. It ferskil tusken literêr besprek: ynhâld, foarm, taalgebrûk, perspektiven, narratyf ensafuorthinne. En it beheinde oerflakkige fan lju dy't net witte wat se der mei moatte, lulk wurde, folslein op
Josse de Haan op it sulveren jubileumfeest fan de Koperative Utjowerij op 25 maart 1995 yn Kûbaard. De foto is om 16.35 oere nommen troch Henk van der Veer.
'e doele reitsje of yn har boargerlike fatsoensnoarmen rekke binne. Respektyflik Jabik Veenbaas, Klaas Jansma en Elly Veltman.
My is opfallen dat lju dy't aardich op 'e hichte binne mei literatuer, foaral de Nederlânstalige, en sels skriuwe, lykas 't Hart, folle breder en ynkringender reagearje as de lju dy't hast neat fan de Nederlânse literatuer witte. Iksels bin as skriuwer foaral foarme troch de Nederlânse literatuer en letter troch bûtenlânse skriuwers. Soks hat syn wjerslach yn sa'n roman.
No, dan sitst wer presys yn de teoryen fan Babs Meerburg. Ik freegje my wolris ôf, oft der
| |
| |
dan neat feroare is sûnt de begjinjierren sechstich, dêr't har dissertaasje spilet. Kinne se net oars, wolle se net oars, of binne de minsken der net foar? Sa'n boek fan Meerburg hie dochs in eye-iepener wêze moatten.’
De beide skriuwers yn Piksjitten op Snyp diskussearje net allinne oer literatuer, se hawwe ek al in miening oer de besprekker fan de roman: ‘It besprekken fan dizze roman sil ek altiten wat sizze oer de besprekker sels. Negatyf of posityf, oer syn geilheid en oer syn geldens.’ (s. 135)
De Haan: ‘It klinkt miskien arrogant en pedant, mar eins wist ik al doe't ik mei de roman dwaande wie hokker reaksjes der komme soene. Yn de roman sels haw ik dêr al op ynspile. Jelle Krol en Jabik Veenbaas hiene al trije boeken fan my nei de kloaten skreaun, en fan Hylke Tromp hie 'k ek net sa'n hege pet op doe't er my fan kweade trou beskuldige yn syn radioportret [april 1993].
Yn myn blêd ip2r90 hie ik Krol ûnder de namme Krollo alris ûnder it mes hân. En fierder haw ik fansels yn dat blêd moai aardich wat ego's en lange teannen byslipe. Myn krityk op guon oersettingen yn de Spiegel van de Friese poëzie en op it sa foarsichtich kalvinistys karakter fan dat boek hie Veenbaas my fansels net yn dank ôfnommen. Hy woe skoare mei syn oersetting.
Yn feite is de stelling dy'tsto oanhellest, bedoeld foar Krollo, even kidelje no, even de kul opstrike en sa, mar dy waard ynwiksele foar Veenbaas, dy't eins noch kosmiser is en dus koe it allegear moai stean bliuwe. De kritisy binne der mei iepen eagen ynrûn, sjoch ek mar yn wat ik yn Trotwaer nûmer 3 fan dizze jiergong hjiroer skriuw. Oft De Bik yn de roman op Veenbaas liket hat er sels al bleatlein en of De Jelluk op Krol liket lit ik fierder mar oan de fantasije fan de lêzer oer.
De “geilheid” hat hjir te krijen mei de eventuele reaksjes op de pornoferhalen, èn mei de geile langst dit boek sa fluch mooglik te kreakjen. En geil wie Veenbaas! Geldens slacht dus op de breklike en amateuristise wize fan in besprek. In geld aai is in steryl aai, en dêr kinne de trije Frysktalige besprekkers har no mei lykskeakelje. Se sille it sterile wetter ynwikselje moatte foar sterke drank en gewoan op it sadel sitten gean. Mar kosmise sadels? Ik wit net, ik wit net, binne dy wol soepel genôch?’
Jabik Veenbaas skriuwt yn syn resinsje [lc 15 oktober 1999]: ‘Mei syn teory fan de kosmyske gearspanning bout De Haan in wrâldbyld op dat oan alle kanten kreaket en rattelet: hy mjukset kultuerkrityk, persoanlike rankune en mistige paranoia troch elkoar ta in tsjokke grize brij, dy't benammen ûnfertarber wurdt omdat er sels sa ferskriklik normearjend is, sa gelykhawwerich, sa dogmatysk.’ Dat liicht der net om.
De Haan: ‘Noam Chomsky, Lolle Nauta, Steven de Jong, Benny Holtrop, Josse de Haan en oaren binne troch Jabik Veenbaas as ûnbelangrike wittenskippers en/of skriuwers de marzje ynskreaun. Fan it besprek fan Piksjitten op Snyp moast Veenbaas op útdruklik fersyk fan de lc de helte skrasse. Wat oerbliuwt is de stelling dat de twa haadpersoanen-skriuwers op in stuit yn de skriuwer-sels feroarje en dy skriuwer transformearret Veenbaas letter ta Mike Tyson, wrâldkampioen boksen en reper fan famkes.
Noam Chomsky wurdt troch Veenbaas omskreaun as in marksistys sekje en Chomsky doocht net omdat er de term wasp [White Anglo Saxon Protestant] betocht hat. Dus doocht de skriuwer dy't Chomsky oanhellet yn syn roman ek net. De rjochtse Amearikanen ferachtsje de Joad Chomsky mei't er elke kear wer it ymperi- | |
| |
alisme fan dyselde wasp's oan de oarder stelt. Dat sit net yn de roman. Lolle Nauta komt net foar yn de roman, mar dy is foar Veenbaas fansels ek te marksistys.
Ik stel fêst dat de rjochtse rotten no út de rioelen komme, no't it praktise marksisme de slach ferlern hat, en dêrtroch tinke dat se “marksisten” as Chomsky en Nauta sûnder gefaar op de rûchskerne smite kinne. No, sok selskip bin 'k net fiis fan. Soksoarte fan kritisy as Jabik Veenbaas falle allegear gear yn de twa kritisy yn de roman, De Bik en De Jelluk. It binne de Piebenga's, oer Wytsma, Holtrop en Laverman. De Trompen oer Komrij en Bylsma. De Veenbazen oer Holtrop, De Jong en De Haan. Dy Piebenga's, Trompen en Veenbazen hawwe in tik meikrigen fan dat machtstinken fan de wasp's, dy nazimentaliteit hast, omdat se sels skriuwsteryl en geld wurden binne.
Günter Grass hat syn eigen achterfolgerkritikus dy't syn boeken yn it iepenbier op de televyzje yn twaen skuort, yn Fryslân begjint it dy kant ek út te gean, mei as absolute djiptepunten it kealskearen fan Laverman en it besmoargjen fan Komrij mei anty-homoseksuele stront. Yn Piksjitten op Snyp wurdt dy mentaliteit yn in pear siden oan 'e oarder steld. Onder professoren fan Hermans tsjinne as foarbyld.’
De negative lûden op Piksjitten op Snyp, alteast yn 'e optyk fan De Haan, komme út Fryslân. Folle positiver binne de reaksjes fan bûten de provinsje. De skriuwer hat dêr wol in ferklearring foar.
‘Ik tink dat soks te krijen hat mei it peil fan de literêre krityk hjirre sa't ik dat niiskrekt oanjoech. Dat peil is leech, amateuristys en net literêr. In foarbyld is de resinsje oer It krantefamke fan Wilco Berga yn Trotwaer nûmer ien fan dit jier. Dy hat gjin inkeld nivo. De besprekster wol Berga noch wat goeie riejouwings jaan, as skreau hy foar it earst. Soks hat neat mear mei literêre krityk te krijen. Berga kin it net iens as “pleepapier” brûke.
Fierder is it wrâldsje yn Fryslân wol heel lyts. Ast polemys skreaun hast, lykas ik, dan witst by definysje dat se earst nei de persoan sjogge en dan nei it wurk. Lês Tromp syn Spikers & Koppen [1998] der mar ris op nei. Bûten Fryslân lêze se allinne it wurk. Besprekkersfouten dêr't de skriuwer lykskeakele wurdt mei de haadpersoanen en omtovere ta in bokser komst yn Hollân net tsjin. Lju dy't allinne mar Fryske literatuer lêze, of oersette, hawwe fansels in beheind gesicht. Ik hoopje dat jongere generaasjes it wat objektiver oanpakke, foaral mear literêr. Eric Hoekstra, mei syn tydskrift M3, is goed dwaande.
Dat myn wurk yn it westen positiver ûntfongen wurdt, kin der ek mei te krijen ha dat myn tema's de lju dêr mear oansprekke. Nettsjinsteande dat se de Fryske skriuwers-kaaien net benei komme kinne, fine se it sûnder dy ynformaasje al in spannend en bysûnder boek.’
Hoe sit it mei de oersetting fan it boek?
‘Op 6 april haw ik mei de top fan Meulenhoff in petear hân. Sij wolle it boek útjaan op grûn fan de Nederlânstalige resinsjes en advizen fan in pear literatuerpausen. Ien fan de di rekteuren is dwaande en lês de roman mei it Frysk wurdboek yn 'e hân.
Mei't ik yn it Nederlânse sirkwy gjin bekende namme bin en de roman mei syn goed fiifhûndert siden útsûnderlik grut is, hawwe se finansjele stipe nedich fan it Literêr Oerset- en Produksjefûns en fan de provinsje Fryslân. Dy kontakten hawwe se al lein en neffens de útjouwer like dat frij posityf.
Der moat no in oersetting komme, troch ien of twa oersetters. It Produksjefûns tocht oan Veenbaas, mar dy hat him fansels al folslein
| |
| |
ûnmooglik makke. Sa'n oersetter moat affiniteit ha mei it wurk èn mei de skriuwer. Mei de lêste sil er ek gearwurkje moatte, en dat moat er ek wolle. In proefoersetting fan in diel kin útwize wa't geskikt is. Dat oersetten sil wol in moanne as acht duorje. In 2001 soe de roman dan yn it Nederlâns ferskine kinne. De titel bliuwt Frysk, of wy nimme de Ingelse titel, Pigshooting on Snyp, dat de ynhâld ek wol dekt.
Meulenhoff hat my útdruklik sein dat se net allinne boeken útjouwe, mar foaral skriuwers. Mei oare wurden, as Piksjitten op Snyp wat rint ha se it doel en jou noch mear fan my út. Earder ferskynde romans en nij wurk. By har moat in skriuwer him ree ferklearje en besteegje in trije moanne oan promoasje per boek. It copyright fan myn boeken haw ik altiten sels yn hannen hâlden. Dat bliuwt ek no sa. De útjouwer krijt de lisinsje foar ien of mear printingen. Dêrtroch koe ik sels ek de petearen hâlde. Foar de ku moatte in pear persintaazjes reservearre wurde. Dy finansjele aspekten rinne fia de offisjele vvl-kontrakten.’
|
|