Se griste it tillefoanboek der by, dêr't se rimpen yn begûn te blêdzjen. Doe't se fûn hie wat se socht, kletste se it plat op 'e flier en begûn te draaien.
- De Dulf 396, kin der as de wjerljocht in taksy komme?
- Nee? Alle weinen beset?
- Mar ik moat om healwei njoggenen yn in nije baan begjinne.
- ......................?
- Goed, ik stean by de lift.
Se kletste de hoarn der op, jachte nei de hal, rûtste yn ien feech yn 'e jas en stie yn 'e lift ear't se it suver yn 'e rekken hie.
- Poepoe, sei se.
Under kommen soe se nei bûten ta om dêr te wachtsjen, mar doe't de doar har út 'e hannen en de rein har yn it antlit sloech, betocht se har. Mei de sjaal yn 'e nekke en heech om it sparkjende, lange hier, stie se fan de iene op 'e oare foet wippend en troch it glês fan de doar kypjend te wachtsjen. Ynienen bleau se stokstiif stean.
- Dat ek noch! Myn tas fergetten, en ik ha 't net mear oan tiid om nei boppen.
In klakson jammere lûd en twingend troch it bolderjen fan de wyn en it kletterjen fan it reinwetter hinne. Se smiet de doar iepen en harsels foaroer yn it skuorren en warreljen fan de stoarm tusken de hege flats. It reinen kletste har by mingels tagelyk yn it antlit.
- Stommeling dy't ik bin, ik hie in reinmûtske opdwaan moatten, raasde se, suver oer it bolderjen hinne.
Se loek sa hurd as it mar mooglik wie it portier iepen, en doe liet se har neist de sjeffeur falle, alteast, dat wie se fan doel, mar healwei bleau se hingjen. Mei de iene skonk yn 'e Mercedes 280 zoplu en de oare der bûten koe se net fierder.
Mei prykjende eagen stoarre se nei it antlit fan 'e sjeffeur, dat troch de wat feale dashboardljochtsjes yn it healtsjuster suver gluorkjend opskimere.
Se woe wat sizze, mar de wurde bleaunen har hingjen en se stoareage mar.
- Ja, stap no mar yn, sei er.
Se fermanne har, gie sitten en loek it portier efter har ticht. Doe slokte se in kearmannich, mar ûndertusken hâlde se syn antlit mei har grutte, dûnkerbrune eagen fêst.
- Do.... eh.... ik ....! sei se.
- Goed, wêrhinne?, frege er net ûnmyld.
Ynienen wie se beret.
- It wurdt tiid datsto dyn hân fan 'e klakson hellest!
- Nim my net kwea ôf.
It gejammer hâlde fuortendaliks op.
- Twibaksmerke, sei se.