Trotwaer. Jaargang 32(2000)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 328] [p. 328] Tsjits Peanstra Undertusken I Sa wiene dagen, sinnige dagen it sân omtrint wyt, it wetter blak, de stuollen op 't balkon, de lûde stimmen fan fakânsjefolk kilometers fier. Under in parasol sochten wy skaad, it ljocht wie hjir oars, mylder en wreder wy koenen it gefaar net, lieten ús samar ferbrâne, wie dit ús lân wol? Letter doe't it jûne, it folk nei hûs fiskers thús kamen, it boat ôfladen mei netten en fisk - glinsterjend sulver - strekten wy de loaie lea en laven ús mei de fruchten fan it âlde lân wy dangelen lâns 't wetter op it strân. [pagina 329] [p. 329] II Nea wiene wy mekoar sa nei as doe gjin minske dy't ús koe, de taal ferstie, wy liezen it ferhaal fan it folk yn donkere eagen en laitsjen dat klonk oer de pleinen en bylâns de kaden wie dit ús thús? Do wiest myn feiligens, do wiest hjir myn skûlplak en myn taflecht wy soene mekoar net wer ferlieze. Oan de beammen hongen apels dy't wy net koene, sa swiet en sa waarm fan kleur. De roken oer it fjild wiene £s frjemd mar se waarden ús al hiel gau eigen en joegen ek betrouwen foar letter dêr bouden wy in hûs oan it wetter. [pagina 330] [p. 330] III Sa gongen de sinnejierren foarby hiel stadich slûpte stilte yn tinken en praten en waardsto my minder nei, waard ik dy frjemd en hiesto my ferlern. Der wiene gjin fakânsjegongers mear, gjin parasol stie langer op 't balkon, de haven lei hast droech en ek de fisk stie deis net mear by ús op it menu. Rudige apels hongen oan de beam en oer de bergen kaam in kâlde wyn, dyn earmen joegen my gjin hâldfêst en feiligens mear. Doe't de stoarm oanboaze wie it om hûs en hear net mear fertroud, ús hûs wie makke fan fermôge hout. Vorige Volgende