Tegels
Meinou P.
Guon minsken wolle bûtenlânsk literêr wurk allinnich mar yn 'e orizjinele taal lêze. Se binne fan betinken dat der by oersetten tefolle ferlern giet. En dat is sûnder mis wier, mar sy sille dan wol in grutter idioom ta har foldwaan hawwe as ik. Ek nei de middelbere skoalle en de kweek lies ik wolris in boek yn ien fan de moderne talen. Ik krige it mei help fan in wurdboek wol út en ik hie ek wol de yllúzje dat ik begriep wêr't it oer gong. Mar as ik dan letter de Nederlânske edysje yn 'e hannen krige, bliek wat der allegearre oan my foarby gongen wie. Dat ik sil my wol behelpe moatte mei oersettings. Beskamsum, mar ik nim foar it gemak mar oan dat ik no te âld bin om dêr feroaring yn te bringen.
Gelokkich binne der twa talen dy't ik wol hielendal oant yn de lytste fasetten behearskje en dêr't ik dus oer meiprate kin. Ik hoech De koperen tuin net yn it Frysk te lêzen om krekt te witten wat Vestdijk bedoelde en Speerstra syn wreed paradys net yn it Nederlânsk. En as ik dat al dwaan soe, kaam ik grif ek ta de ûntdekking dat de oersetter c.q. taaladviseur út en troch nei myn idee de planke mis slacht. Want dat oersetten yndie in subjektive beuzichheid is, waard my mar al te dúdlik doe't ik in Fryske preek hearde oer Spreuken 12 fers 4.
De foargonger hie it oer ‘in flinke frou’. Ik hie dy passaazje wolris yn it Nederlânsk lêzen en ik wie der fan oertsjûge dat dêr ‘sterk’ ynstee fan ‘flink’ brûkt waard. Op slach wie ik de tried fan de redenaasje kwyt, want ik koe nearne oars mear oan tinke as oan de kar fan dat wurd. Flink, tocht ik, dat is in gradaasje dy't in man foar in frou betinkt. Flink heart by immen dy't sûnder gesanger alles docht wat fan har frege wurdt en altyd de oerhimden op 'e tiid strykt. Der is gjin frou dy't leaver flink wêze wol as sterk. Wêrom yn it Frysk net ‘sterk’? Hokker smjunt hat der ‘flink’ fan makke?
Thús lies ik de Steatefertaling der op nei. ‘Eene kloeke huisvrouw is eene kroon haars heeren; maar die beschaamd maakt is als verrotting in zijne beenderen.’ Ik waard nijsgjirrich yn twa betsjuttings fan it wurd en belle de pleatslike dûmny. Hie ik it by it ferkearde ein, wie der net in oersetting mei ‘sterk’? Hy hie net iens in kertier nedich om it nei te gean. Ja, de Willibrord-oersetting joech ‘sterk’, fierder hie er noch ‘deugdzaam’ en ‘degelijk’ fûn, it resintste is ‘flink’, en yn de Fryske bibel stiet ‘warber’. (As de frou dat net is dan is se ‘as frettend sear yn syn bonken’. Moai oerset en op himsels al stof foar in column, mar soks kin net mei de eagen fan no besjoen wurde, sei myn ynformant en dêr hie er fansels gelyk oan.)
Myn argewaasje yn de tsjerke hie dus om 'e nocht west. Mar tekenjend foar myn ferhaal is wol dat net ien oersetting krekt deselde betsjutting hat. Kloek, sterk, degelijk, deugdzaam, flink en it Fryske warber.
As ik no ris taaladviseuze wêze mei fan de Hollânske oersetting fan de Fryske bibel, dan doch ik krekt as wit ik net dat ‘warber’ allinnich mar ‘ijverig en arbeidzaam’ betsjut en meitsje der ‘weerbaar’ fan. As de man syn bonken dan al oantaast wurde, moat er mar flink wêze.