Trotwaer. Jaargang 32
(2000)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 323]
| |
Hoop doet Leven, myn? nijste boek
| |
[pagina 324]
| |
dert kear ‘no’ of ‘ja’ oan it begjin, en hjir en dêr in útrop: ‘ei jonge, it wiene dêr allegear snoeken’. De stavering is frijmoedich, mar de taal autintyk en wûndere geef (al skriuwt er ‘fangt’ foar ‘fongen’). Under it úttipen gong der in tsjoen fan út; ik moast it wol tige hoeden bypuntsje om it oarspronklike dokumint yn wêzen te litten. It past nammers yn 'e orale, en winliken net yn 'e literêre tradysje. Tagelyk sit der, as men troch de tekst hinne lêst, in ûnwittende rykdom oan sosjale ynformaasje yn. ‘De jagers wiene doe ferbeten op skippers dy't har slepe lieten’, skriuwt er oer in trelit yn 1917. Dat wie it jier dat hûnderten skipsjagers yn Grinslân harren breawinning ferlearen oan motorsleepboaten. Allyksa mei de rekkenerij, de frachtfergoedings, de ferhâldings oan board: mem behearde it jild, sa't beppe foar har dien hie. Sa'n skippersbern waard al mei seis jier fan syn fermidden losskuord om yn in frjemd kosthûs oan 'e learplicht te foldwaan. Piter hat fan syn seisde oant syn njoggende jier op 'e Koaten nei skoalle ta gien, en yn dat skoftsje fjouwer kosthuzen hân. Ien fan dy froulju wie oan 'e drank, in oaren-ien, Fokje, wie geregeld oan 't kaartlizzen; dat wie in ‘monster’. As tsienjierrich feintsje waard Piter by Tjitte-om besteld, om't dy oan in frou fan 'e wâl hingjen bleau dy't net farre koe. Fan moarns jier oant jûns let arbeide er foar de kost en de klean, fierder neat, ‘mar sjoch, dan hiene heiten-dy mar wer in iter minder’. Mei syn trouwen yn 1930 kocht er foar de nijpriis, 3.500 gûne, it yn 1925 by Barkmeijer boude boltsje ‘Rust na Arbeid’ fan syn heit-endy, ‘want ik moast dochs holpen wurde’. Oardel jier letter moast er it al wer werombringe om't er der neat mear mei fertsjinne. Mar hy gong wol te hurdsilen, wat fansels gjin kant út koe. Yn Delfsyl wûn er noch fjirtich gûne ek, sa't er by 't reedriden de twadde en tredde pryskes rûnom opswile. De earste twa ôfbetelle terminen, seishûndert gûne, liet er sitte. ‘Jo meie it wol ha foar wêr't it no op stiet’, sei er tsjin heit. Hy skriuwt net wat dy nederlaach foar him betsjutte, sa't er it measte ferswijt wat pynlik wie. De iere dea fan mem, 55 jier âld, neamt er yn twa rigels mei de tafoeging ‘dat wie der even tuskentroch’. Wylst ik hjirmei omtyske, brocht buorman my in pear skriften mei deiboekoantekens fan Jan Brouwer, de âldste broer. It bloed jage my doe't ik se lies as troch oare ieren, it sleepte my mei nei Veendam jierren tritich. Hy fertelde my, yn oanleard noardlik dûmnysnederlânsk en mei in hast te hearren lûd, fan syn striid yn leauwen en leavjen as foargonger fan in oerhearrige keppel. It giet ûnferbidlik op net foarsjoene plots ta, dy't soms wol, soms net komme. Men fielt oankommen (yn 1932) dat er ea skiede sil fan 'e frou dêr't er dan kunde oan kriget, him mei ferlovet en al-net-al mei trout. Ik wraksele mei him troch krises hinne, seach de fatale fersinnen dy't er yn syn hertstocht makke. Oer de dea fan mem, foar Piter ‘even tuskentroch’, hie hy seis bledsiden yn sjoernalistike behearsking earlik-gefoelich folskreaun. Sa ûntdiek ik nije ferhale-lagen achter Piter syn oantekens. Meitsje dêr mar ris in boek fan, ien boek. Want dat waard myn izerfêste oertsjûging, der soe in boek fan komme. It moast in meislepend epos wurde oer de opkomst en de ûndergong fan de wylde skipperij yn Fryslân tusken 1840 en 1940, fan de Brouwers út beskreaun. Breed fan opset en ryk oan details, kundich skreaun en ynformatyf, oertsjûgjend en sterk fan styl. Geert Mak syn Jorwert mar dan oars. De titel hie ik al gau: ‘Mei de bealich helle’, in moaie skipperstitel foar sa'n laach, wreed en ritmysk as in izeren roefskip. | |
[pagina 325]
| |
Der wie ien probleem: Jan syn oantekens wiene foar gjin oare eagen as syn eigen ornearre en syn bern soene it, fernaam ik fan Teije, noait goed fine dat in frjemd dermei op 'e rin gong. Alhielendal net foar publikaasje. Der wie noch in oar dinkje, dat, útdaagjend en ynspirearjend earst, stadichoan tûkelteammich hindere. Ik hie de rjochte technyk net om in Hoe God verdween uit Jorwerd, in Gewassen Vlees of in De anathoom te skriuwen. ‘Nim de tiid’, rette Freark Dam my oan, mar oan tiid ha 'k net folle. It masterskip miste my, en Piter koe it ek hielendal net ha dat ik swiere wapens ynsette; dêr is syn ferhaal te kwetsber yn oarspronklikens foar. It hat my in jier koste om dêr achter te kommen, en it wie suver in ferromming doe't it sa fier wie.
De pear útjouwers dy't ik myn typte fersy mei wol trijehûndert noaten lêze liet, wiene net ûnder de yndruk. De oerflakkige kant it neist, fûn ien. Yn it Frysk? frege in oaren-ien, hoefolle eksimplaren tocht ik dat der fan ferkocht wurde soene? As ik it sa geweldich fûn, wie in tredde reaksje, wêrom joech ik it sels dan net út? Moast ik sizze dat ik it finansjele risiko net oandoarst? Underwilens die my bliken dat it Brouwerlaach wol slim grut is, (pake en beppe hiene acht bern, oerpake en -beppe tolve) en dat Jehannes Brouwer, Wilma de Jong, Kees Bies, Kees Toering en wa wit net allegear mear al moai wat oan 'e genealogy dien hawwe. Noch wer mear feiten, nammen, jiertallen. Guon, fûn ik nachten troch sneupend út, doogden net troch burokratyske tekoarten, nammeferwikselingen. Skippers wiene analfabeet út oertsjûging, en Lammert en Piter Brouwer hiene mei harren skip wat te ferbergjen. Ik gean gauris út te fertellen, skûtsjeferhalen,
Piter Brouwer as skipper yn folle konsintraasje (foto út: Hoop doet leven)
foar lju mei de sinten los yn 'e bûse. Dat wurdt in knappe twadde tak, want Fryske ferhalen lizze goed yn 'e merk. Dêr lei ûnferwachts in oplossing. De lju fan Meekma Beerenburg woene myn Piter Brouwer-projekt wol royaal stypje, seine se, as Hollanners der ek wat oan hiene. The Inspiration Company nimt twahûndert eksimplaren ôf ûnder gjin oar betingst as itselde. In oare klant stiet ‘ongezien’ foar hûndert boeken, in bedriuw nimt earst mar fiifentweintich, wylst de promoasje noch begjinne moat en ik noch mei trije, fjouwer konsepten omgriemde en net wist hoe't it komme soe. Mar ynienen seach ik it ljocht. M. Februari | |
[pagina 326]
| |
en Marjolijn DrenthGa naar eindnoot* kamen yn my gear: de oantekens fan Piter as autintyk proaza bekoarte, oardere, licht redigearre, en alle feiten fan trijehûndert noaten en skriuwblokken fol ferhalen ferarbeide yn in histoarysk ferantwurde Hollânske begeliedende tekst. Ik keas in nije titel: ‘Hoop doet Leven’ - de namme fan it twadde skip. Sa'n titel is op himsels al fan in naïve skientme. Mei it foarnimmen om foar 2001 dat masterwurk ‘Mei de bealich helle’ te skriuwen, kin ik de oantinkens fan Piter Brouwer skoan foar eigen rekken útbringe. Meekma betellet it printwurk en de bearenburch dy't it oant no ta koste hat, alle harkers nei myn skûtsjeferhalen steane foar in moaie oplaach. De fraach is allinne noch wa't as skriuwer op it omslach moat: Piter Brouwer of Klaas Jansma. |
|