Trotwaer. Jaargang 32(2000)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 319] [p. 319] Tsead Bruinja leave nimmen wit hoe't wy yn eardere libbens inoar foarby ronnen of de bus misten dêr't ien fan ús beiden yn siet of do myn suster ús mem yn wiest en it tusken ús neat wurde mocht om't der te folle jierren of in leauwe tusken ús dreaun sa plastysk as in kontinint sil de ôfstân wol ris west ha ik wie miskien drok dwaande mei it útfinen fan fjoer wylst do en dyn frijer oare kant de oseaan de kearsen oanstutsen hâld ik dy al wer te stiif fêst ik wol dy net fynknipe mar ik bin bang en bliid tagelyk dat der noait mear tusken ús wêze sil as dit hielal dêr't wy net byinoar yn komme kinne omdat it te lyts is foar it fertriet fan twa dy't ien wurde leave lit tiid ús fan inoar ôf skuorre at wy ien foar ien deageane wy slaan werom mei brêgen fan wurden Vorige Volgende