Trotwaer. Jaargang 32(2000)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 318] [p. 318] Tine Bethlehem Thúskomme yn it lânskip Wetter knettert lâns de triedden fan 't elektrysk dy't fan mêst nei mêst bôgje. Hoe fyn en licht is dit lânskip beheind ta pinsiele, skiere ienfâld inkeld lân, wetter, damp; mei kontoer fan hikke, mêst, beam. De kleur fan reid wurdt samar wei yn 't foarbijgean de kym lit 'm riede, jout bij 't neierkommen netbesteande boerepleatsen priis dy't as fata's wer ferdwine yn 'e dize de dyk bochtet omheech yn dit rare mearkelân aanst ryd ik streekrjocht mei myn fyts de himel yn. Dyk, boaiem, berm, kompas, hâldfêst. Sulverwyt hingje wylgeknoppen yn 'e beammen as ljochtsjes op myn wei nei hûs. Skulp Tusken it basalt rûgele bin ik ta skulp wurden; de dagen fan droechte binne foarbij, de grauwe stiennen glânzgje wiet oanienwei stjoert de reintam-tam berjochten nei de see roffels, rûzjen, streamen, tikjen en gekletter. Ik slút myn skalen lis myn sear, in sânkerl te fûnling yn myn oesterhert lit los en driuw op goed gelok lâns kusten fan frjemd lân. Vorige Volgende