Yn it spoar fan Robert Burns
Robert Burns (1759-1796), Skotlâns meast ferneamde dichter, waard berne op 25 jannewaris. Om dy tiid hinne wurde yn hiel Skotlân, Ingelân, Australië en rûnom yn 'e wrâld ‘Burns memorial days’ holden. Tidens de ‘Burns suppers’ wurdt der foardroegen, iten, dronken, speeched, songen en musisearre. Bij ús witten ha wij sa'n evenemint net yn ús lân.
Op útnoeging giene Tine Bethlehem, Tsead Bruinja en Albertina Soepboer ein jannewaris 2000 nei Newcastle upon Tyne foar in dichtersmoeting. Op eigen gelegenheid reizgen hja troch Skotlân. Giene mei harren trijen û.o. nei Dumfries en Ellisland oan de rivier de Nith, plakken dêr't Burns wenne en buorke hat. Dat ynspirearre har ta de hjir folgjende fersen.
Tsead Bruinja lêst syn fers ‘leave nimmen wit...’ foar de Lord Mayor fan Newcastle, de organisator fan de dichtersmoeting, Albertina Soepboer en Tine Bethlehem.