Fine wy dit noch aardich?
Hannah Ludwig
Myn man en ik binne sentimintele gekken. En Simmer 2000 wie íén grutte oanfal op de trienbuizen.
Tsjerkje fan De Kliuw werom nei har kafee? Janke!! Safolle tûzen bananen útparte by de Nije Kromme? Jammerje!! Ek fan wille hear, want allinne gekke Friezen betinke soks. Iepening mei folksliet op it Saailân? Snotterje!!! Immen, dy't syn earste leafde werom fynt? Simmertime yn Frjentsjer? Men kin it sa raar net betinke of wy hawwe eltse dei wol in kear grynd dy wiken. Tjitte hat sels in faks nei Gryt van Duinen stjoerd mei allinne de tekst: ‘Kike, wat dochst my oan?!’
No ja, men moast de dingen in bytsje oerdriuwe, sokke dagen.
Oardel moanne earder siet ik yn it doarpke Heilbron yn Dútslân foar dûmny Gerryt de Haan oer. Hy hie in pear oere derfoar ús muoikesizzer troud yn it Dútsk, Ingelsk, Nederlânsk en it Frysk. It wie in tige meartalich selskip. De dûmny wennet yn Switser- mar syn hert yn it Heitelân.
Neist him sieten in pear Grinslanners oan it diner en it petear kaam al gau op Simmer 2000. Sy diene wat leechlizzend, mar ja, it wie in tige beskaafd selskip, dus hâlden se harren al gau wat yn en fregen tige fatsoenlik wat dêr no sa typysk Frysk oan wie.
Ja, doe hiene sy it noch net ret. It gemoed wie ús earst al wat folsketten fan lilkens oer it ûnbegryp en no koene ús de triennen wier út de eagen spatte. We tommelen hast oer mekoar hinne, mei gjalpen as: ‘Soks kin allinne yn Fryslân. Súd-Hollanners bygelyks, fiele har gjin Súd-Hollanners, mar Rotterdammers of Hagenezen. Friezen binne Friezen tanksij it lytsskalige, tanksij de taal.’
Myn man hat it mier oan sokke ferhalen en hâldt him dan meastentiids stil. En ik tink dat dûmny en ik allinne oer de grinzen sa fûleindich Frysk binne yn wurd en gebearte, benammen by minsken dy't gjin sprút gefoel foar soks hawwe. Se moasten it op it lêst wol ôflizze tsjin dit ferbaal geweld. Soks kin yndie allinne yn Fryslân, se koene der net mear ûnderút.
Friezen binne fansels ek in kreatyf folkje. It tilt hjir op fan dichters en fan toanielspilers, hûnderten toanielspilers, en dy wolle oeral en manmachtich in poadium bestoarmje. En as it dan Simmer 2000 wurdt tinkt elts doarp oan in iepenloftspul en guon doarpen skypje harsels der ek noch mei op! En al dy iepenloftspullen moat ik hinne. Foar Omrop Fryslân. No ja, moatte? It is fansels wurk. En dat wurk mei ik graach dwaan, mar dit jier wie it allegear in bytsje tè.
Nei elts iepenloftseizoen hawwe Tjitte en ik in houten kont fan dy net bekessene rotbankjes en in droech kuchje fan it sigen en de kjeld en dan tinke wy: ‘Fine wy dit noch aardich?’ En elts jier is it andert wer itselde: ‘Jawol hear!’
Nei dizze Simmer 2000 binne wy der lykwols net sa wis mear fan. We ha se net iens allegear sjoen, mar it wie genôch, mear as genôch. Men is op it lêst kritikus. Mar men wit ek dat hûnderten minsken moannen en moannen arbeide hawwe oan iepenloftspullen dy't klinke en daverje moatte.
Nim no Wêrom, werom? yn Wurdum. Tsjongejonge, wat davere dat! Soms klepperen jin de earen. Krekt as alle iepenloftspullen duorre it