Trotwaer. Jaargang 32(2000)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 311] [p. 311] Baukje Wytsma Stil Frâns Holwerda ta oantinken Foar dy gong ik te fytsen lâns de Swette, myn kadâns, 'k woe mei dyn eagen sjen. De sinne glânzge op it weagjend reid, in fisker joech him del en smiet syn angel út en it wie stil, wol sa benearjend stil. 'k Stjoer dy dat iene kealtsje by de wâl dat, wat ûnwis, syn earste greppel naam, de iensume reager dy't him mar amper ferwege doarst, in tjirgjend merkelpear. En tsjerketuorren, acht wol, dy't ik seach oer fierste griene greiden. Mar net dy frjemde meander by de sleat, ommers gjin seine wurdt hjir wer strikele sûnder dy. Vorige Volgende