Jim fiele My
Jawisse, ik sjoch yn 'e spegel en ik wurd waarm. It rea giet my op en del, it swit brekt my út en ik wurd wiet op 'e klink. Ik kin it langer net ûntkenne: ik hâld fan mysels en ik hâld derfan dat oaren fan my hâlde. Wêrom keapje ik djoere klean, wêrom sit ik oeren foar de spegel en tutsje mysels op mei linten en flinten, wêrom feroarje ik foar de gelegenheid yn keunst, yn skilderij en muzyk, yn festival en iepenloftspul, wêrom noegje ik frjemd en bekend by my út?
Ik wol de skynwerpers op my rjochtsje en wille ha fan mysels en ik wol dat oaren wille ha fan my. Oeral moat it feest wêze. Ik wol mysels ferhearlikje. Byneed rin ik fan gekkichheid in maraton en praat mei keninginnen op it Saailân. Ik weagje troch de eter en folje de televyzjeskermen, want ik wol besjoen wurde, ik wol dat jim nei my sjogge en fan my hâlde. Jim prate net mei-inoar, jim prate net oer my, jim prate My. Jim fiele net de grûn as jim de wiete Slachte berinne, jim fiele my.
Eric Hoekstra