Henk Bok (1951) is húsman, (skips)timmerman, fytsmakker en keukenprins. Wennet (mei ivige tank oan Bennie H.) yn in âld went te Reahûs, mei wille, frou en hûn. Hy skriuwt koarte ferhalen, ûnder mear foar de F-side, Hjir en de Rely (1997). |
Hans Brans (1951) studeerde na het avondgymnasium wijsbegeerte en theaterwetenschappen. Speelde bij het studententoneel en gaf les aan de Theaterschool. Woont en werkt sinds 1991 in Friesland. Is bij Keunstwurk in dienst als dramaturg voor het amateurtoneel en voor de bevordering van de (Friese) toneelschrijverij. Schreef o.a. artikelen op het gebied van theater, recensies voor de Leeuwarder Courant en enkele toneelstukken. |
Sjoerd Bottema (1948), learaar Nederlânsk en Frysk yn Ljouwert en redakteur fan Trotwaer, debutearre yn 1994 mei It fertriet fan dokter Kildare, ferhalen út Westerwierrum. Yn 1998 ferskynde syn twadde boek, Neaken as in ierdbei. |
Piet Hemminga (1946) is as bestjoerskundige oan de Fryske Akademy ferbûn. Hâldt him dêr benammen dwaande mei de fraach op hokfoar wize it oerheidsbelied oangeande regionale talen yn West-Europa ta stân komt. |
Rudy Hodel (1955) wennet yn Grins en wurket as free-lance keunstkritikus. Hy hâldt him it leafst dwaande mei de keunst fan syn eigen generaasje, sawol materieel as geastlik. |
Jan Pieter Janzen (1945) wurket as learaar skiednis, maatskippijlear en kulturele en keunstsinnige foarming yn Ljouwert, is (ein)redakteur fan Trotwaer. Skriuwt stikken en stikjes oer skiednis, kultuer, polityk en media. |
Jitske Kingma (1959) wurke by it Friesch Dagblad en wie de lêste jierren sjef fan de redaksje. Debutearre yn 1989 mei it reisferhaal In dûk yn 'e Ganges, foarich jier oanfolle mei In twadde libben. Wurket no by de ynternet-útjouwerij Gopher Publishers yn Grins en is redakteur fan Trotwaer. |
Mette Meinou Piebenga (1944) hat in heale baan yn it basisûnderwiis, helle yn 1997 twaddegraads Frysk en fersoarget no ek kursussen foar de AFUK. Skriuwde koarte ferhalen yn ûnderskate sammelbondels en krige twa kear de Rely Jorritsmapriis. |
Durk van der Ploeg (1930). Wennet te Feanwâlden. Wurket as skriuwer. Resint ferskynden fan him Skepsels fan God (roman), ‘Fedde Schurer: dichter en dieder’ (essay) yn de bondel Ik bin jim sjonger en It wurk fan 'e duvel (roman). |
Trinus Riemersma (1938) is húshâlder, boadskiprinder en itensierder te Frjentsjer. Skreau resinsjes foar Frysk en Frij. Fierder is er tige besteld mei it op floppy bringen fan eigen en oarmans teksten redigearjen dêrfan. |
Piter Terpstra (1919) skreau fjouwer toanielstikken en ien oersetting út it Ingelsk foar Tryater. Syn lêste stik wie (in pear jier ferlyn) Marijke Meu. Hy hat diel útmakke fan de Commissie beoordeling toneelgezelschappen van de Raad voor de Kunst. Toanielkritiken fersoarge er foar Trouw en foar Omrop Fryslân. |
Henk van der Veer (1954) is ûnderwizer, redakteur fan Trotwaer en resinsint foar it Sneeker Nieuwsblad en Byntwurk. Publisearre ferskate dichtbondels - de lêste wie Kajapoetoalje (2000) - en (tegearre mei Doeke Sijens) it tinkboek by it 25-jierrich bestean fan de Koperative Utjowerij, In útjouwerij fan Quize-Quânsje (1995). |
Liuwe H. Westra (1966) studearre klassike talen en téolegy yn Grins en wurket tsjintwurdich as domeny yn de doarpen Lollum, Waaksens, Burchwert, Hartwert en Hichtum. Sa goed er wit hat er gjin dichters yn 'e gemeente. |
Piter Yedema (1941) prate thús gjin Frysk mar Stedsk. Wie fan berop gemysk analist en learaar natuerkunde. Hâldt him dwaande mei poëzy, fertalen, resinsjes- en stikjesskriuwen en mei skilderjen. |