Ik ha lygd: Pieter Breuker hat wòl korrekt sitearre en ferwiisd. Hy hat dat nèt dien yn it boekhaadstik dat ik lêzen en kritisearre haw, mar yn in artikel dat er earder skreaun hat en dat as boarne brûkt is by dat boekhaadstik. Mar dat docht der net ta: ienris sitearre is altyd sitearre. De lêzer fan Breuker syn stikken wurdt achte alle artikels dy't er ea skreaun hat út 'e kop te kennen of oars sa iverich te wêzen om al dy stikken troch te sneupen.
Is dat in nije wittenskiplike regel of in Breuker-útfynsel? It liket my ta dat as men as wittenskipper serieus nommen wurde wol, men jins bêst dwaan sil om jins tekst sa yn te rjochtsjen dat de lêzer jin daliks en sûnder oerenlang gesneup op hakken en teannen neiride kin. Benammen as men oaren op it harspit nimt. Dizze Breuker-manier fan ‘sitearjen’ ropt op 'en minsten de fertinking op, dat men net neiriden wurde wol, dat de lêzers jin mar op jins wurd leauwe moatte. Foar dy fertinking soe ik my hoedzje, as ik graach foar fol oansjoen wurde woe yn 'e wittenskiplik wrâld. Ik haw Us Wurk dan noch yn 'e kast - net yn 'e holle -, mar dy hollânske lêzers foar wa't dat boekje ornearre is, hawwe dat fansels nèt. Dy reitsje it paad bjuster yn Breuker syn doalhôfsitearringen en dy sille op grûn fan it ferneamde Breuker-gesach wol oannimme moatte dat Feitsma en Riemersma dwylharsensen binne.
Ik brûk no mar in oar wurd ynstee fan ‘gek’ en ‘ryp foar de psychiater’. Breuker beweart nammentlik dat er dat net sein hat. Doch net sa lytsbernich! As der stiet fan ‘Psychologen zullen dergelijke kwalificaties (...) misschien in verband brengen met onmacht, woede, vernedering, minderwaardigheidsgevoelens of juist hoogmoed,’ dan is it doel dochs nèt dat de lêzers ûnder de yndruk reitsje fan 'e yntellektuele fermogens en it geastlik lykwicht fan Feitsma en Riemersma. Ik fyn it kloatich om foar de kommunikative strekking fan jins wurden wei te rinnen.
Ik bin bliid dat Breuker en ik it deroer iens binne dat de weardefrij ûndersyk net bestiet. Mar dat hâldt yn dat de opposysje wittenskipideology ferfalt. Hoe kin Breuker dy opposysje dan noch brûke as argumint tsjin Feitsma en my?
No wit ik fansels noch noait wêr't de wurden stien ha dy't Breuker doalhôfsitearret, hy neamt inkeld de tydskriften Trotwaer en Frysk en Frij. Moat ik no echt al dy jiergongen trochsneupe om myn eigen wurden werom te finen? Ik bin der wier te loai ta.
Mar ik ha al wat oars werom fûn, te witten it boek dêr't dy opmerkingen oer de ‘patology fan 'e standerttaal’ yn stanne. It giet om R.A. Hudson, Sociolinguistics, Cambridge: Cambridge University Press 1980. Op s. 34 skriuwt Hudson:
‘The present section on standerd languages is the only part of this book that deals in any detail with the large-scale issues of the sociology of language (see 1.1.3 for the difference between sociolinguistics and the sociology of lauguage), but it has been included for three reasons. Firstly, it is relevant to the discussion of the second meaning of “language” introduced in 2.2.1 (where “language” = “standerd language”). Secondly, it is interesting to see that language can be deliberately manipulated by society. Thirdly, and perhaps most importantly, it brings out the unusual character of standard languages, which are perhaps the least interesting kind of language for anyone interested in the nature of human language (as most linguist are). For instance, one might almost describe standard languages as pathological in their lack of diversity. To see language in its “natural” state, one must find a variety which is neither a standard language, nor a dialect subordinate to a standard (since these too show pathological fea-