Roorda: soms in idylle
Piter Terpstra
Tryrater, Roorda; spile troch Romke de Leeuw en Aly Bruinsma. Kafee Rolbrêge, De Tynje. Rezjy: Rob van de Meeberg. Tekst: Bouke Oldenhof. Lêste foarstelling: 22 july 2000 (oer in eventuele reprise moat noch in beslút nommen wurde).
Gerrit Roorda soe him der raar oer fernuvere hawwe as er witten hie dat op de premiêre fan in nei him neamd toanielstik in part fan de Fryske PvdA-top oan syn lippen hingje soe, doe't er oer syn libben en syn kommunistyske idealen fertelde. Syn striid wie nammentlik ek rjochte tsjin de sosjaal-demokrasy, dêr't wy hjoed de dei noch mar in skyn fan sjogge. Mar it stik is net skokkend en it hat soms wol wat fan in idylle.
Roorda (1890-1977) hie op De Tynje in timmerbedriuw. Yn it deistich libben waard er yn it doarp ek troch mannich net-partijgenoat wurdearre, mei troch syn krewearjen foar it toaniel. Hy hat tritich jier lid fan de lanlike kommunistyske partij west, dy't er yn de Provinsjale Steaten en de gemeenteried fan Opsterlân fertsjintwurdige. Hy briek yn 1949 mei de partij en waard lieder fan de (ek kommunistyske) Socialistische Unie.
Yn de Sovjet-Uny seach Roorda de heilsteat. Yn syn sosjalistysk entûsjasme prate er alles goed wat dêr barde. De troch syn meistrider Piter de Leeuw skerp feroardiele ynfal yn Hongarije yn 1956 koe er rjochtfeardigje en sels de ûnminsklike Stalin, dy't oer hûnderttûzenen liken gie, liet er net falle. Der stie him in rjochtfeardige, klasseleaze wrâld foar eagen en dy soe der allinne komme kinne troch genedeleaze striid.
It freget yn in toanielstik oer in bekende en omstriden politike figuer hiel wat fan in skriuwer om fan de dialooch ôf te sjen. Ik haw yn it skoft fan in Steategearkomste tafallich ris west by in petear tusken Roorda en de anty-revolusjonêr Piter Wybenga (redaksjesjef fan it Frysk Deiblêd). It gie oer de fraach oft Kristus al of net de earste kommunist wie. Ik wol net sizze dat dit debatsje yn in toanielstik passe soe, mar Roorda soe dan yn alle gefallen konfrontearre wêze mei in miening dy't folslein foar sines oer stie en him yn steat stelde der skerp en striidfeardich tsjinyn te gean.
De striidfeardigens, dy't Roorda syn hiele libben bepaalde, krijt te min stâl. De man fertelt der wol oer, hy rôlet de fûst as er syn frou fragminten út syn striidbere artikels foarlêst, hy is emosjoneel as er mei har de ‘Ynternasjonale’ sjongt, mar dy mominten binne net foldwaande om de figuer út te byldzjen lykas de âlderen him noch kend hawwe: ta it uterste dreaun, fisionêr, mei in sterk leauwe, dat de Ynternasjonale ienris op ierde hearskje sil en dat it safier net komme kin sûnder grutte minsklike offers.
Hoewol der ek ûnder de sdap-ers, de foaroarlochse sosjaal-demokraten, wol guon wiene dy't him yn syn klassestriid respektearren, skodhollen de measten ferheftich as se him sprekken hearden of syn stikken liezen. As ik my de tiid yn 't sin bring, fernuvert it my suver, dat Roorda no ynienen sà oansprekt dat yn de rige fan 25 foarstellingen (elk foar in publyk fan fyftich man) al gau gjin stoel mear te besetten