fan de foto's fan Frans Jansen (1962) binne ek oeral. En de tryste fakânsjehûskes fan Ine Lamers (1954) binne ek net bysûnder. Je fine se fan Alaska oant Makkum ta en oeral binne se like ûnpersoanlik, deadsk en ferlitten. Behalven it algemiene, moaie plaatsje hearsket op Friesland is... ek de anekdoate, it aardige ferhaaltsje oer boeren of skippers bygelyks.
It klinkt miskien hurd mar ik ha de yndruk, dat de measte fotografen op dizze tentoanstelling net fierder kommen binne as de bûtenkant fan Fryslân. Se binne bûtensteanders en bliuwe dat ek. Foar in part leit dat oan it medium fotografy sels. It probleem fan de foto is, dat er in meganyske, ‘foto-gemyske’ ôfdruk fan in stik realiteit is en as betroubere ferslachjouwer fan de wurklikheid jildt. In fotograaf, dy't wat mear wol, moat of de foto manipulearje of de wurklikheid feroarje.
Dat lêste is bygelyks it gefal yn de hast nostalgyske foto's fan de Snitser Erik Hesmerg (1951). Hy hat yn syn portretten fan boeren sa mei it ljocht gûchele, dat it stille drama fan syn foto's ôfspat. It liket oft dizze swartwytfoto's oer de delgong fan guon minsken geane, de ûndergong fan in soarte, in berop, en net oer it libben fan dy minsken. Wat ek syn bedoeling wie, tink ik.
Foar ‘Omke Jappy’ en de measte oare Friezen stiet Fryslân gelyk oan famylje, de eigen famylje leafst, de kunde, it doarp, de mienskip en de taal, dy't se prate. Net ien fan de eksposanten hat dy taal tocht. Net ien hat beseft - om noch mar ris in sydsprong te meitsjen - dat de wichtichste siden fan de Ljouwerter Krante dy mei de famylje-advertinsjes binne. Wa't dy net (mear) folget bedarret fansels yn 'e perifery.
De fotografen ûntsnappe wol oan de besteande bylden fan Fryslân, de ivige klisjees fan wylde-wolken-boppe-brede-wetters, mar se hawwe net yn 'e gaten dat har wurk mear oer harren sels as oer Fryslân seit. Wat ik op dizze tentoanstelling foaral mis binne ideeën, ideeën dy't my in nij sicht biede op 'e wrâld dy't Fryslân hjit.
De iennichste en grutte útsûndering op Friesland is... is de Sinees Zhuang Hui (1963). Hy hat neffens de katalogus in wike yn Ljouwert omstrúnd en is doe wer nei Peking gien. Dêr hat er al syn yndrukken op in bulte fage en in nije firtuele wrâld makke, dy't befolke wurdt troch in tsiental reuzen (Friezen?), in oermem (in soarte fan Venus fan Willendorf of in grouwe Mata Hari?) en in Mini Mouse-figuer. It dekor bestiet út foto's fan Ljouwerter monuminten en in strjittekrusing fan buordkarton mei in oanriding dy't neispile is mei Dinky Toy-autoo-tsjes. Je kinne der oan twifelje oft dit Fryslân of in strjitte yn Ljouwert is, mar de ferbylding wurdt geweldich prikele en dêr giet it om.
As ik dit ferhaal nochris trochnim, lêst it as in hiel negative krityk. Sa is it net bedoeld. Ik bin net sa wei fan foto's dy't foaral oer harsels geane. Dat is alles. Friesland is... is op himsels in prachtige tentoanstelling, dy't je net misse meie, want der is gjin inkele garânsje dat soks hjir ea wer komt.