Kâld, kâld! Waarm, waarm!
Liuwe H. Westra
Willem Abma, Te fûnling. Gedichten. Utjouwerij Frysk en Frij, Ljouwert 1999. f 29,50.
Yn dizze, neffens de opjefte efteryn, achttjinde bondel mei póesij fan Willem Abma fine wy 82 fersen, ferparte oer seis skiften sûnder titel. Wat is der foar de lêzer allegear te finen?
It twadde skift (fjirtjin fersen; it earste kom ik aansen op) liket oer en foar besteande persoanen skreaun te wêzen: Jaap Meems, de lêste nonnen fan 'e Karmel, Ilonka... It slagget Abma dêrby om oer minsken dy't de measten fan syn lêzers net bekend wêze sille dochs oansprekkende fersen te skriuwen. Nim bygelyks de folgjende rigels út it fers ‘jasmouwen’ (s. 41): ‘minsken as jasmouwen reitsje / minsken in eachweid yn en út / flibe en hûd each en azem / soms barnt ien op it netflues nei’. Dêrmei is fuort de tipyske Abma-styl ek yllustrearre: healôfmakke, suggestive sinnen, sterk gebrûk fan konkrete wurden, en soms mei in krekt wat te eksplesyt boadskip.
Yn it tredde skift (alve fersen) fynt men it ûnderwerp fan de tiid. Dêrby wurdt dúdlik dat de dichter benammen thus is yn de tiid fan 'e âlderdom. It binne hjir hast allegear sterke fersen, bygelyks ‘oernachting’ (s. 55): ‘hoe't ek de dei ferrint / nei de jûn komt / wat wachtet en winkt// as in moarntiid de dei / wiuwt wa'st wieste dy nei’. Moaie rigels binne ek: ‘Kôgje jimme gedachteleas op stienhurde apels, / my komt in flymskerp meske goed fan pas’ (út ‘generaasjes’, s. 49). Fersin ik my, of imitearret Abma yn dizze bondel bewust de styl fan Obe Postma en oare kollega-dichters?
Momintopnamen, obstrewaasjes, fine wy yn it fjirde skift. Mar sân fersen, mar eins allegearre geef en sprekkend. Meskien ien útsûndering: ‘sinne slynder fan 'e dize / dage oer dauwe en lân / ljocht sil oer de nacht kedize / nimt hoeden by de hân’ (‘in iere moarn 2’, s. 64). Abma moat wol kritysk bliuwe: klisjees, sleau rym en neatsizzende rigels ferfele gau.
It fyfde skift kin men faaks it bêste autobiografysk neame. Wy fine ûnder oare de fersen ‘Fryslân’, ‘kijophelje’, ‘bertehûs’, ‘epitaaf’. Twa prachtige rigels út dat lêste (s. 80) wol 'k al eefkes sitearje: ‘... / in balling en in libben bang /... / hy fielde in bân syn libben lang’: opboud út in minimum oan lûden, suver gelyk klinkend, mar wat in spanning! Dêrby falt in produkt as ‘boartersbear’ (s. 78) dochs wol slim ôf. Nammers, de iepeningsrigels fan it fers ‘palimpsest’ (s. 72) koenen wol slaan op 'e hiele bondel, sa suterich is it printwurk bytiden: ‘dit stiet skreaun yn in oerâlde taal / net al te duorsum op weak materiaal’.
It sechde skift, 12 fersen dy't benammen ynspirearre binne op oare dichters, lit ik no mar gewurde.
‘De dichter en syn dingen’, sa soe men faaks de ynhâld fan Te fûnling tipearje kinne. Mar wat wol de dichter mei syn dingen? Wêrom dichtet er? Siket er ivige rom, wol er fan him ôf skriuwe, sit der in stik sublimaasje efter, of is it mar sa'n aardichheidsje? Dat lêste grif net. It earste en grutste skift nammentlik, achttjin fersen, giet yn syn hiele hear en fear oer it dichtsjen sels. Dêr kinne wy dus mear gewaar wurde.
It liket my goed ta om dan it titelfers, dêr't