Kophimmeljen op syn Eurofrysk
Henk van der Veer
Bartle Laverman, Kophimmelje. Koperative Utjowerij, Boalsert 1999. 40 siden. f 19,50.
Yn 'e sechstiger en santiger jierren fan 'e tweintichste ieu kamen der regelmjittich dichtbondeltsjes mei fersen út dy't ûnder oaren as doel hiene om troch middel fan poëzij gedachten oer te bringen. Sûnder twang. Sûnder in hillich moatten. Gjin paternalisme. Gjin biningen. Oanslutend bij de aktualiteit op in direkte wize. Konkreet en fersteanber. Feijo Schelto Sixma baron van Heemstra kaam mei it lumineuze idee om soksoarte fan poëzij oer de telefoan ‘út te stjoeren’. Op 26 febrewaris 1968 waard syn idee werklikheid. Dy deis stjoerde de Stichting Operaesje Fers de earste ‘fret-fersen’ de wrâld yn.
Kophimmelje, de nije dichtbondel fan Bartle Laverman út Offenwier, soe net misstien hawwe yn 'e tradysje fan Operaesje-Fers-dichters. Dêrmei wol ik net sizze dat Kophimmelje bij ferskining al datearre is. Mar dat Laverman in avantgardistys dichter is, soe ek in konklúzje wêze dy't besiden de wierheid is.
Sa út en troch binne biografise gegevens fan in dichter relevant foar it besprekken fan syn poëzij. Sa'n biografys gegeven is de leeftyd fan de dichter. Laverman is fan 1948 en hat de midlife-krisis sa stadichoan achter de rêch. Op papier sit er lykwols noch midden yn 'e soares. Hij wol ôfrekkenje mei it ferline.
‘De dichter spinrêget en stofdoekt syn holle om âlde smoargens, ynfretten oantinkens, fêstklibbe wrantelichheden, kop-op-stekkend “âld sear”, no ris foargoed út syn holle te reagjen en skjin te meitsjen’, sa stiet yn in Nijsbrief fan de Koperative Utjowerij, dy't de bondel mei 24 fersen útjûn hat.
Laverman makket regaad en wat dat oanbelanget slút it omslach, dat byldzjend keunstner Tjibbe Hooghiemstra foar dizze útjefte makke hat, goed oan bij de ynhâld. Hooghiemstra hat nammentlik bledsiden út in orizjineel grutboekskrift as omkaft brûkt. Mei oare wurden: de foarriedige rekken kin opmakke wurde. Op de achterkant fan it etiket dat op myn eksimplaar sit, stiet in adres mei as datum ‘5 febr. 1937’. In unyk omslach! De titel fyn ik dochs al hiel orizjineel, kophimmelje wie in wurd dat noch net bestie en hjir dus yntrodusearre wurdt.
Laverman is in anekdoatise dichter, hij skriuwt yn in gewoane taal oer in herkenbere (Fryske) wrâld en hij is skerp yn syn observaasjes. Hy brûkt konsekwint de frije fersfoarm, syn styl is hiel direkt, koartsein parlando-poëzij fan it boppenste buordsje. Dat Laverman wearzget (no ja...) fan it Fryske literêre wrâldsje, dêr 't er troch syn publikaasjes oars wol diel fan útmakket, wurdt moai dúdlik yn it folgjende fers
spyt
ast dy yn 'e fryske skriuwerij
in piter dy't by de Stien sprekt
ôfgryslik flitsende perfesters frysk