drama al belibbe; besoademitere en útstjitten is hja lottere út dy striid kommen en in sterke, ûnôfhinklike frou wurden.
Tessa skammet har sa foar wat se mei Jeroen útheeft hat, dat se net earlik doart te wezen foar de persoanen oer dy't oars wol nei har harkje wolle (de learaar Toonstra, har heit en benammen Sjerda), sadat dy har net helpe kinne. Mar Sjerda hat wol fan begjin ôf oan in fermoeden en sy is it dan ek dy't mei de liepe Jeroen ôfweeft en it paad foar Tessa skjinfaget, sadat hja ‘yn nij iepen farwetter’ glide kin.
Tessa sels is reedlik nuansearre tekene. Om't fierwei it grutste part fan it boek út Tessa wei skreaun is, leit it der mei de byfigueren lykwols frijwat swart en wyt hinne. Sjerda is hillich, heit is de good guy, mem in domme bongel oan 'e poat, broer Brucht in duvelske klier mei likefolle frustraasjes as pûkels om 'e kop. De skriuwster seit it net mei safolle wurden - om my hie se dat wol dwaan mocht, dan hie dy jonge wat mear reliëf krigen - mar wy kinne wol riede wat der yn him omgiet: wiete dreamen fan moaie blommen yn lij wetter dy't har like willich iepenteare as in jongfaam yn in boek fan Hugo Claus. En dus is er hartstikkene jaloersk op syn kreaze suske, dy't er sjoen hat mei in folwoeksen man, wylst hja iepengong ‘als een natte, gespleten vrucht’ (Hugo Claus, De getuigen) en dat wurket by de maagdlike Brucht as oalje op it fjoer.
Mar de echte duvel is Jeroen: in liepe, kliemske smjunt mei tûke ferlechjes en moaie praatsjes, dy't it op jonge minderjierrige famkes foarsjoen hat en as er mei de geile kloaten foar it blok set wurdt, lefhertich de rollen omdraait: net hy soe wat mei Tessa, mar Tessa soe wat mei him wolle. Yn in pear haadstikjes leit it perspektyf by de tsjinspilers ynstee fan by Tessa en dêr besiket de skriuwster in kromke begryp op te roppen foar Brucht, en benammen mem, mar it hâldt net oer en mei Jeroen hat Huisman al hielendal gjin begrutsjen. Mei wat mear oandacht foar dy byfigueren en dan wat evenrediger oer it boek ferdield, soe it ferhaal oan djipte wûn ha. No bliuwt it de oerflakkige kant neist, frijwat iensidich en soms (Jeroen) karikaturaal.
Karikaturaal binne ek de passaazjes dêr't sitearre wurdt út Tessa har learboek keunstskiednis. Tessa sit yn 'e twadde klasse fan it fuortset ûnderwiis en moat, sa wol Huisman ús leauwe litte, har teksten eigen meitsje lykas: ‘... dat het bestaan van menselijke wezens nooit bevredigend verklaard zal worden in termen van afzonderlijke instincten of doelgericht mechanisme. (...) Boven en buiten deze driften dient onze innerlijke, psychische realiteit tot het openbaren van een levend mysterie, dat alleen door een symbool uitgedrukt kan worden en voor deze uitdrukking kiest het onbewuste dikwijls het machtige beeld van de Kosmische Mens...’ En dat soene twadde klasserkes begripe moatte? Dêr snappe de eineksamenkandidaten yn 6-vwo noch gjin kloaten fan! Wat sis ik, sels ha ik der ek wol oan.
Dat karikaturale flokt mei it realisme dat yn dit boek fierder de toan set. Ek yn it taalgebrûk. Om realistysk te bliuwen en foar te kommen dat it taalgebrûk al te fier ôf komt te stean fan dat fan in 14-jierrige kiest Huisman geregeld foar ‘natuerlik’ Frysk ynstee fan ‘geef’ Frysk. Huisman kiest foar ‘geef’ as it net tefolle opfalt en mijt ‘min’ as dat der te bot útspringe soe. Elkenien seit ‘ferlyfd’, dus Huisman nimt dat oer, want ‘fereale’ klinkt wol prachtich, mar út de mûle fan in 14-jierrige is it in frjemd gehoar. Elkenien seit ek ‘sich’, mar dat nimt Huisman net oer, want ‘him’ en ‘har’ is moai geef sûnder dat it opfalt. Elkenien seit fan ‘leugen’, mar Huisman sprekt fan in ‘leagen’ omdat, tink ik,