teologise tradysje en stuollet op it ritueel, sprekt it foar himsels dat it dichterskip fan Dotinga ûnderdienich wurden is oan teologise ûtgongspunten en tsjerklike tradysje. Dêrmei is it persoanlike lûd opgien yn it godstsjinstige en yn it grutte gehiel tsjinstber wurden oan de tsjerklike gemeente.
It is hjir net de dichter dy't oan it wurd is, mar de leauwige. Dêr is neat op tsjin. Mar it hâldt wol yn dat dit wurk net op literêre wearde hifke wurde mei. Dat hie oars west as Dotinga syn leauwe as dichter ûnder wurden brocht hie, lykas Fedde Schurer en Gerben Brouwer dat yn har tiid diene. Mar dat docht er net. Hy kiest dúdlik foar in liturgyske foarm en toan. De krêft fan liturgy is werkenberens en werhelling. En de eigenskip fan elke liturgy is dat it net persoanlik is, mar gaadlik foar de tsjerklike gemeente, dat wol sizze mei in wy-gefoel. Om liturgy by de tiid te hâlden moatte de âlde wearden hieltyd op 'e nij ûnder wurden brocht wurde. Dêrom, as Dotinga wat nijs te sizzen hat, moat dy fernijing yn foarm of taal of opfetting socht wurde. Dy fernijing sjoch ik ynhâldlik net, om't dizze teksten de tsjerklike leauwensleare op 'e foet folgje. Hy ûndergraaft gjin tradysjes, smyt gjin fragen op, stelt syn persoan net yn 'e kiif en giet gjin diskusje oan mei hokker teologise of tsjerklike opfetting ek.
Mar ek foarmtechnys is it in swylsel út 'e tsjerkeblêden. Mei oare wurden, it is gjin literatuer en dat wol it ek net wêze. Literatuer is gjin ferbale útlis fan in - yn dit gefal - teologise en tsjerklike werklikheid of leauwensleare. Literatuer praat net, preket net, mar presintearret en lit wat oars, wat nijs sjen. Dotinga ferkundiget en befêstiget. Dotinga draacht neat persoanliks by, of it moat de taal wêze. Dat taalgebrûk is sterk aforistys en mei safolle taaleigen optúgd dat it my gauris in manierke liket te wêzen om klisjees yn in oare kontekst as metafoar te brûken. Sokssawat docht er yn ‘Libbenslietsje’: ‘Hy soent it mâle fel / en kin de sûnders fele.’ Dêr binne ‘it mâl fel oan krije’ en ‘immen fele noch daaie kinne’ yn ferarbeide. In oar foarbyld stiet yn ‘Goedfreed’: ‘Unferskilligens / leveret de breugeman oer / oan it lot: / balken sprekke it oardiel út.’ Dêr is ‘balken midstwa sprekke’ yn ferarbeide. Mar it wiene de balken net dy't sprieken, dus moat it lêzen wurde as metafoar foar swetsen en swearen. En wat oant yn it hinderlike brûkt wurdt binne de tsjinstellings fan goed en kwea, mar dat is ek in eigenskip fan tsjerklike liturgy. Ien foarbyld dat ik fan side 24 plôkje: ‘Dy't ta oarloch opropt / sil it Bern fan de frede moetsje / en wa't mei hate libbet / fynt it Bern fan de leafde.’ En sa folgje der noch trije kûpletten. Troch al tefolle taalboarterij ûntsteane der soms kryptyske omskriuwings, mar ek brike útfallen lykas yn ‘Nacht fan ferwûndering’ it ‘Tate fan de tiid op it tonkje fan de Ivige’ dat op my oerkomt as sektaryske bombast.
Wa't bekend is mei it wurk fan Dotinga sil it al lang opfallen wêze dat it wurd ‘stilte’ yn al syn wurk sintraal stiet. Dat wurd is yn al syn bondels ryklik te finen. Mei dizze bondel is dy stilte fol rûn. Betsjut dat foar Dotinga in earbiedige stilte foar God? In stilte as folheid; as soe it lêste wurd sprutsen en skreaun wêze? Mar dochs skriuwt er yn ‘Dit is de tiid’: ‘Dit is de tiid fan wurden dy't tichtsje, / taal sûnder ferbân, mar earne moat / in skeppend lûd te hearren wêze.’ As dichter wol er de stilte wer ferbrekke. Mar as er dat dan wol, lit him dan taal mei ferbân skriuwe en in skeppend lûd hearre litte. Want dit is te wier om moai te wêzen.