In dizenich ferhaal troch poëzij oerwoekere
Durk van der Ploeg
Aggie van der Meer, De stêd, it bist, de ingel. Balladeske. Utjouwerij Frysk en Frij, Ljouwert 2000. Ynnaaid 32 siden. Priis f 15.
Yn de behindige tradysje fan de Fryske poëzij mei in debút as dat fan Aggie van der Meer sjoen wurde as in weachstik. Yn tolve haadstikken, dy't op namme en yn belibbing de moannen fan it jier folgje, bout se in boartlik drama op, dêr't se net allinne it jier yn bylâns giet, mar ek besiket skiednis en kultuerhistoarje te omfiemjen, en tagelyk yn de aktualiteit te stean. En dat liicht der net om. Van der Meer lit har yn dizze bondel lykwols net fan bangens beheine, mar nimt de romte.
Dit wurk hat as ûndertitel meikrige Balladeske. In wurd dat ik allinne ken as eigenskipswurd en ferwiist nei de balladefoarm. Sa'n wurd moat neffens taalregel noch wat op folgje, lykas ‘balladeske fertelling’ of ‘balladeske fertoaning’. Hoe dan ek, Aggie van der Meer moat it opfette ha as in ballade-achtich stik dat nei't my taliket alles weihat fan lyrysk proaza mei satiryske trekjes. En mei wat ferbyldingskrêft kinne wy it ek in beskieden epos neame, dat op 'e skieding fan proaza en poëzij balansearret.
De stêd, it bist, de ingel is dúdlik ynspirearre op de ‘Apokalyps’; as lêste boek fan it Nije Testamint ek wol neamd ‘De iepenbiering fan Johannes’. Oanwizings dêrfoar binne guon personaazjes yn dit wurk dy't in ôfspegeling binne fan figueren yn de Apokalyps, lykas it bist, de ingel, de dichter as de wite ruter, de biskop as fertsjintwurdiger fan Gods bern, de boargemaster, dy't yn in loftkastiel wennet, as fertsjintwurdiger fan de macht op ierde, en de âldrôt as satan. En yn de stêd kinne wy likegoed in ferbylding sjen fan Boalsert as fan Babel.
Fergelike mei it kreative taalgebrûk fan Van der Meer, komt it ferhaal oan krapperein. It is te fragmintarysk fan opset om in ienheid te foarmjen. Boppedat wurdt der mear mei wurden skildere as mei minsketypen en ûnderlinge relaasjes. Frijwol it hiele stik troch wurde de personaazjes tefolle op harsels beskreaun en wurde de feiten te konkludearjend werjûn. De biskop dit, de ingel dat, en de boargemaster wer wat oars. En dat famke fan Blokker, mei de reade legging, dêr't ik safolle fan ferwachte, docht oars net as de reklamebuorden oan 'e dyk sette en wer ynhelje en wer bûten sette, en is dêrom net mear as it suertsje by de boadskippen. En dar ha 'k de kranteman en de kroech De Sulveren Leppel noch net ienris neamd. Fierder binne it de lytse opstigings fan in stêd dy't it ferhaal geande hâlde. En dêryn die it my even tinken oan Under Milk Wood fan Dylan Thomas, al moat ik der dalik by sizze, it moat net lykje by it sparkjende yn it wurk fan Thomas.
It ferhaal liket in bytsje doel en reliëf te krijen as prosesjerûpen - dêr't grif kjifkrobben mei bedoeld wurde - har ferfrette oan it tsjerkehout, as rotten oanwinne yn tal en lêst, as it bist grutte koerswinsten makket op 'e Beurs, en it bist en de âldrôt, waans belangen lykop geane, ta oparbeidzjen komme. Yn dy posysje besiket it bist de boargemaster om te keapjen om sa de hiele stêd yn hannen te krijen.
De boustiennen foar it ferhaal binne der wol en de humor ûntbrekt net, mar geandewei wurdt it ferhaal troch poëzij oerwoekere. Aggie