Tegels
Meinou P.
In gewoane jûn, tusken seis en sân oere.
Frou De Boer krantlêst en man De Vries is oan it itensieden. De tillefoan giet. Frou De Boer wit dat se net opnimme moat, want op dy tiid belje altyd fan dy studintsjes dy't ynhierd binne om de konsumint abonneminten, hotelbonnen of jildlienings oan te smarren. Se stelle de idioatste fragen. Mar it kin ek ien fan de bern wêze. Wylst se nei it apparaat rint, tinkt se dat se sa'n ding hawwe wol dêr't jo it nûmer en de namme fan dejinge dy't bellet op sjen kinne.
‘Mei frou De Boer.’
‘Goejûn mefrou De Boer. Is menear De Boer ek thús?’
‘Der bestiet gjin menear De Boer.’
‘Oh... no, jo partner dan miskien?’
Frou De Boer, dy't oars al lang kalm sein hie dat se net lestich fallen wurde wol, wurdt lilk. Moatte alle froulju partners hawwe? En kin sa'n jonge net betinke dat der ek froulju binne mei froulike partners?
‘Kinne jo it net mei my dwaan?’
‘No, it giet oer jildsaken en wy geane der fan út dat de man dêr better fan op 'e hichte is.’
‘Myn man net.’
‘Ja, mar jo kinne mei dwaan oan in priisfraach. Dan moatte jo in fraach beäntwurdzje en dan kinne jo in skyfakânsje winne.’
‘Dat kin in man dus better as in frou, tinke jo?’ It bliuwt efkes stil.
‘Sil ik jo de fragen dan mar stelle?’
‘Jo kinne it altyd ris besykje.’
‘Is it hûs dêr't jimme yn wenje in keaphûs?’
‘Ja. Moai dat jo my hawwe, myn man hie soks net witten.’
‘Hawwe jimme noch ynwenjende bern?’
Frou de Boer sil hast sizze ‘ikke wol’ mar dat fynt se wat al te flau. ‘Nee’, seit se dan.
‘Faaks is it bedrach dat jimme hûs wurdich is folle heger as de hypoteek dy't der op sit. Dat wurdt “oerwearde” neamd.’
‘Oer-wear-de’, echoot se dom. ‘Net faaks.’
‘Wat sizze jo?’
‘Net faaks. Dat is wol wis.’
‘...Dan kinne wy jimme in kredythypoteek oanbiede mei hiel geunstige betingsten.’
‘Dy hawwe wy al.’
‘...No, dan dogge wy gjin saken. Sil ik dan no de wedstriidfraach mar stelle?’
‘Ja, graach!’
‘Yn hokker jier kriget Nederlân in nij belestingstelsel? Is dat yn 2000, yn 2001 of yn 2002?’
‘Yn 2001’, anderet se beret en se ferwachtet in lûd applaus, krekt as by de Frânske kursus op cd-rom as it goede andert jûn wurdt. Mar dat geklap bliuwt út.
‘Jo krije berjocht as jo it wûn hawwe’, seit it jonkje allinnich.
Dat der nei it iten noch in kear belle wurde soe, hie se witte kinnen. Sy en man De Vries steane allebeide yn it tillefoanboek. Hy nimt op.
‘In keaphûs, ja. Mei oerwearde? Dat leau ik wol. Oh, no, dat liket yndie hiel geunstich. Ik soe sizze, stjoer ús de ynformaasje mar ta. Dan sille myn frou en ik dat ris goed yn ús omgean litte.’ In hiel skoft seit er neat.
‘2002’, heart se dan.
As hy de hoarn delleit, laket sy lûdop. ‘Wat is der oan?’ freget man De Vries.
‘Kinst altyd noch mei my op skyfakânsje’, seit se.