| |
| |
| |
Tsjin de merkegeast
Lytse oprop oan de bouhearen ûnder de Aldehou
Piet Hemminga
De iepenbiere romte is in kostber guod dêr't de oerheid alle dagen noed foar stean moat. Mar as men sa om jin hinne sjocht, is it, foarsichtich sein, wol bot de fraach oft de romte wol yn goede hannen by dyselde oerheid is. Wêr wurdt it dwaan en litten fan de oerheid troch laat? Giet net tefolle mis? Soe it net oars kinne en moatte?
| |
De loft yn
De bou fan de 115 meter hege Bonnema/Avérotoer oan 'e râne fan de Ljouwerter binnenstêd hat, net allinne yn Trotwaer, al hiel wat praat geande makke. Ek as it bouwurk straks op folle hichte en klear is, sil dat net oars wurde. Sa'n wolkekliuwer, dy't it oansjen fan de stêd foargoed feroaret, skreaut om kommentaar, om ynstimming of ôfwizing. Dat jildt noch mear, as de stêd en omkriten feitlik gjin heechbou wend binne.
Oft de Ljouwerters en Friezen sokke heechbou al of net wolle, hat oant no ta gjin ûnderwerp fan in moaie enkête of in deeglik referindum west. De gong fan saken is helder en ienfâldich: in bedriuw mei in soad arbeidsplakken nimt, om hokfoar reden ek, de foarstap ta de bou fan in hege kantoartoer. In arsjitekt wurdt oan it wurk set en efkes letter leit in bouplan foar goedkarren op it stedskantoar. Dat de gemeente har regels dêrnei efkes oan de bouplannen oanpast, sadat de bou mar begjinne kin, is feitlik noch it bjusterbaarlikst.
Heechbou hoecht yn Ljouwert fansels net perfoarst. As de Ljouwerter situaasje ferlike wurdt mei dy fan Macao, Singapore of, tichterby, Londen en Parys, hat Ljouwert genôch romte om yn de breedte te bouwen. Mar dêr giet it net om. In bedriuw wol himsels oan syn klanten sjen litte en, as de sinten dat net keare, boppe oare bedriuwen útstekke. Bûtenút kin dat troch lyk oan de autowei te bouwen en yn de stêd kin dat troch in flink ein de hichte yn te gean. Soks moat fansels wol binnen de regels fan it oanbelangjende bestimmingsplan kinne, mar dat is ek al gjin hurde betingst mear. As it net kin sa't it moat, dan moat it mar sa't it kin. It bestimmingsplan wurdt efkes oanpast. Dat kin maklik as de gemeente it tinken en de doelen fan it bedriuwslibben ta sines makke hat. En hoewol't de stêd by myn witten gjin klanten hat, mient de gemeente tsjintwurdich ommers ek dat de stêd al fan fierwei sjoen wurde moat.
De soarch foar de iepenbiere romte is ien fan de wichtichste opjeften en ferantwurdlikheden fan de oerheid. De trije oerheidslagen hawwe it der mar drok mei. It Ryk, provinsjes en gemeenten sette mei-elkoar hiel wat minsken en oeren yn it ûntwikkeljen fan (diel)nota's romtlike oardering, struktuer-, streek- en bestimmingsplannen. Dat betsjut in geweldige papierproduksje fan foarskriften, tekeningen en plannen.
Mar dat is net genôch. As it op it beoardieljen fan de bouwerij oankomt is it wolstânstafersjoch der ek noch. Yn Fryslân wurdt dat yn
| |
| |
opdracht fan de gemeenten, mei útsûndering fan Snits, dy't syn eigen wolstânskommisje hat, útfierd troch Hûs en Hiem. Oant safier is noch gjin skeppe de grûn yngien.
| |
De tichtset
Kin it resultaat fan al dy amtlike manoeren, al dat neitinken, riejaan en oerlis en al dat oerheidsjild, sprekken lije? It folk wurdt soks net frege, dat mei allinne tsjin djoer jild in beskieden tuskenwentsje sûnder grûn yn de troch de autoriteiten útsochte en besluten ‘Vinex’-lokaasje oanskaffe. Folle kar is der net, want fan Ede oant en mei Grins, fan Nieuwegein oant en mei Zoetermeer wurdt ien en itselde treurich meitsjende postmoderne konsept tapast. Elk hûske moat oan deselde foarskriften foldwaan, elk húshâldinkje kriget itselde tal kante meters, deselde finsters en tegels en net te ferjitten itselde boartlike healrûne balkontsje. En mei in bytsje gelok komt yn dy hûzen ek noch itselde te stean. It lân wurdt fan bûten en fan binnen ikeasearre. Fan Maastricht oant Ljouwert alles fan itselde. Oeral deselde treurigens. Ien grut Gamma-paradys.
Is it in wûnder dat de minsken dy't yn sokke stienwoestenijen wenje moatte of grutwurde, alle smaak ferlern hawwe of misse moatte? Is it in wûnder dat de agresje op strjitte tanimt, dat dêr alderhanne ûnhuere typen en boefkes rûndwale om net allinne âlde wyfkes in deadsskrik te besoargjen? Is it in wûnder dat it tal formalisearre hingplakken en puberhokken de kommende jierren danich tanimme sil? Dat de koffyshops ek yn de takomst goede saken dogge? Sa'n bou kweekt minsken, om mei Youp van't Hek te praten, dy't de Blokker yngeane en dêr, hoe is it mooglik, ek noch wat fan har gading fine. Moat men har soks kwea ôf nimme?
Oeral wurde doarpen útwreide mei nijbouwykjes, dêr't de minsken yn dearinnende strjitten wenje meie, symbolisearre mei tapaslike nammen lykas De Tichtset, De Fûke, It Pypke en De Stringen. Yn it westen is it op plakken mooglik noch slimmer. Mar wy ymportearje en imitearje mar raak en dus giet it yn Fryslân ek garandeard mis. Himpens-Tearns wurdt no troch Ljouwert opslokt, Huzum en Goutum binne al earder ferdwûn. Hurdegaryp en Tytsjerk geane yn elkoar oer en Snits en Ysbrechtum folgje. Wêr binne de grinzen tusken It Hearrenfean, Nijbrêge, It Mar, De Knipe, Âld- en Nijskoat, It Oranjewâld, Nije- en Aldehaske bleaun? En dan bin ik ek al hast yn Westermar en dêrmei op De Jouwer.
Hiele gebieten litte gjin hoarizon mear sjen, oeral tsjinnet it nije doarp him as in inketplak oan. Ien lange rige fan wite stiennen en blauwe dakken, glêzen fabrykshallen en lûdswâlen, wylst foar in inkelde beam gjin plak mear is. En al wenje de minsken efter ierden wâlen, plestikmuorren of út de republyk Komi ymportearre hurd-rotsjende fjurrenhouten sketten, en al hawwe se it útsicht fan in finzene, de neamde ynstânsjes hawwe it betocht en fine it goed sa. Wachtsje mar ôf hoe't straks yn de Bullepolder tusken Ljouwert en Lekkum wenne wurdt. Ik sjoch de advertinsjes yn it hyperynflatoire jargon fan de makelders al: ‘Exclusief unieke lokaties: fantastisch wonen en heerlijk tot je zelf komen aan de snelweg.’ Duorsumens en kwaliteit krije gjin kâns, mar lang libje de romtlike oardering.
| |
Kommersje
Earder identiteitsbeskiedende tsjerketuorren binne al lang efter in fêstingwurk fan betonnen doazen ferdwûn. De Aldehou ferdwynt no foargoed efter Abe's tuorren. It is symboalysk dat it tsjerklik lânskip, dat sa lang it silhûet fan de stêd beskaat hat, syn plak oan it bank- en fersekeringswêzen ôfstean moat. Dat wêzen hat gjin
| |
| |
weet fan skiednis of kultuer, mar is dissipel fan in nije religy dy't rûnom yn de westlike wrâld beliden wurdt: it marketing- respektivelik merktinken. Marketing stiet foar konsumintisme, hedonisme, geveltsjepolityk, soap en ynsjipje, foar, en dat is de kearn, kommersje sunder leafde.
Yn Ljouwert wurdt sok tinken symbolisearre troch de nep-toer fan it fec, en yn gearhingjen dêrmei, de komst fan it wtc nei Ljouwert ta. Sûnt de oankundiging dat Ljouwert lid fan de wtc-klup waard, trouwens net folle mear fan heard. Mooglik is ien en oar yn itselde tsjustere gat fallen as it steedlik knooppunt? Mar dochs aardich, Ljouwert yn ien en deselde rige as Aleppo, Brescia, Curitiba en Vigo. Ek allegearre plakken dy't mei de komst fan in wtc foargoed op de kaart set binne. De ûndernimmers yn sokke plakken moatte hurd lidwurde fan de wtc-klup, sadat se de wtc-nijsbrief op 'e tiid yn de bus krije, of in kursus oan de wtc-universiteit folgje kinne. Alles, mar dat seit himsels, tsjin in flink taryf.
Koartsein, in werklik prachtich marketingkonsept. Winliken in soarte fan ‘world-wideskybox’ en wij? Wij, provinsjalen traapje der noch yn ek. Wy betelje en dêr yn Amearika laitsje se ús út. Luchtfersmoarging, dat is it.
| |
Noch leuker
Ik gean werom nei it resultaat fan alle ynspannings fan bestjoerders, amtners en planologen. Ik sjoch ris yn de binnenstêd om my hinne. It is dúdlik dat it gjin inkeld probleem is om de moaiste en âldste gevels in nijmoadrich front te jaan, sadat de dêrefter helle omset op syn minst ferdûbele wurdt. Gevels dy't mei rjocht en reden in plakje op de monumintelist krigen hawwe, wurde efkes wytkalke of mei reklameflaggen, spandoeken en ferljochtingsornaminten fersierd, sadat it foargoed dúdlik is dat efter dy gevel werklik de aldergoedkeapste spikerbroeken oan de man of frou brocht wurde.
Net allinne de Ljouwerter Nijstêd foarmet in treurichmeitsjende yllustraasje fan dat ferskynsel. It gemeentlik ûnfermogen yn dizzen hat foar himsels trouwens in passend symboal realisearre yn de foarm fan twa wûnderlike ljochtarmatueren, dy't op de earste de bêste doarpsmerke net missteane en dêr't de Ljouwerters ûnderwilens in foar de hânlizzende namme oan jûn hawwe.
De binnenstêd, elke binnenstêd, hat te lijen fan de funksjeferoaring dy't de ôfrûne desennia plakfûn hat. Eartiids wienen Nijstêd, Dracht en Easterstrjitte de A-1-lokaasje dêr't de spesjalisearre middenstân syn guod oanpriizge en ferkocht oan stêd en wide omkriten. Tsjintwurdich binne Beuneker, Boelman, Van Erp, Rolff, Steenbergen en Van der Velde de lêsten fan de Mohikanen. Sy wurde der útwrotten troch de keatens dy't allinne en op 'e nij sûnder ek mar in spatsje leafde, en boppedat yn grutte tallen, mear fan itselde ferkeapje. Mei skreauwende ljochtreklames en mistreastich lawaai dat foar útnoegjende muzyk trochgiet, wachtsje de efter it waarmtegerdyn ferfeelsum gearhokjende ferkeapsters op in publyk dat it allegear al earder sjoen hat.
Dy ferearming wurdt net troch de oerheid keard, mar sels stipe troch de binnenstêd foaral noch folle ‘leuker’ foar de konsumint te meitsjen. Dat bart troch sierstiennen fan de oare kant fan de wrâld oan te slepen, sadat it lêste stikje eigenens oan de globalisearring opoffere wurdt. Dat bart troch strjitten en pleinen sa oer de kop te heljen dat gjin strûk of beam dêr mear groeie wol, mar it plestik, papier, blik en foaral in soad glês, dêr as hjoeddeisk ûnkrûd mar tiere kinne.
En it wurdt noch folle ‘leuker’, mei't oan de treurichmeitsjende horekafisearring gjin ein
| |
| |
liket te kommen. Kroegen, bars, ytkafees, pubs, sjoärmatinten en kofjeshops hawwe it plak fan de spesjalisearre middenstân ynnommen, as it om de rêchbonke fan steedlikheid giet.
Sûnder kroegen en terrassen libbet in stêd net, sa is it hjoeddeisk tinken. Spitigernôch wurdt dy opfetting oerset yn tè folle en tè ferkearde kroegen en tè grutte terrassen, en dat betsjut dat de balâns al gau trochslacht nei oerlêst, tè folle leven en sichtbere en net sichtbere oertrêdings en sels misdied. Wa't mei soks in deugd dien wurdt is wol dúdlik, mar dat de mearderheid fan de ynwenners der net folle fan hawwe moat, wurdt rêstich oan foarbygien. Dat de stêd him net langer fan al dy oare treurich ferblokkere binnenstêden ûnderskiedt, soe it gemeentebestjoer dochs op oare gedachten bringe moatte. Mar blykber falt net oan it neiaapjen te ûntkommen. En sa ferdwynt alle glâns ûnder in laach fan stof en earmoed.
| |
Arsjitekten
As it oer de konkrete ynfolling fan de romte giet, spylje arsjitekten in foarname rol. Har wurk kin sawol ta in ieuwenlang duorjend sjochplezier liede, as, en dat is hiel wat faker it gefal, in fierstentelang duorjende estetyske treurigens. Arsjitekten binne der yn soarten, mar in soad leden fan dy beropsgroep binne minne ûntwerpers, dy't it feitlik fertsjinje om tenei noch allinne as opperman en sûnder arbo-tafersjoch yn de heechbou te arbeidzjen. Dat skift is ferantwurdlik foar in net te beskriuwen yndividueel en maatskiplik leed.
Sokke griemers bouwe simpel te fermannichfâldigjen blokkedoazen, dy't de bewenners gjin privacy of beskerming tsjin kjeld, waarmte of lûd biede. It giet om hûzen dy't net mear binne as skeamele pakhûskes dy't der net útsjogge en dêr't it lûd fan tmf dwers troch fjouwer muorren hinnedaveret. Alle dagen op 'e nij is it dêr ‘Big Brother’, sûnder dat De Mol der ek mar wat oan bydraacht. Is it in ferrassing dat sa'n televyzjeprogramma wakker oanslacht?
Ik ha it benammen, mar net allinne, oer de wenningbou sa't dy bygelyks te finen is yn de Ljouwerter wiken Bilgaard, Efter de Hôven, Frijheidswyk, Heechterp, Lekkumerein, Skieringen of de Wielenpôle. Allegearre wiken dêr't de skientme fier socht wurde moat en de treast net fûn wurdt. Fansels, dat binne net allinne dy wiken dêr't de alderbêste arsjitekten foar ynhierd binne, mar yn Bilgaard wie dat wol it gefal. Van den Broek en Bakema wienen yn har tiid al te gau yn Nederlân ferneamde boumasters, mar foar har jildt wat Rudy Kousbroek yndertiid skreaun hat: ‘Knuppel iedere architect die na 1960 met bouwen is begonnen dood.’
Jou dy arsjitekten dy't miene mei har bouwen de wrâld ferbetterje te kinnen dochs gjin kâns. Noch altiten binne der lju dy't miene dat in mienskiplik skjin te hâlden treppehûs de maatskiplike ienriedigens stipet. Dy't tinke dat it grien wol troch de buert sels ûnderholden wurde kin, wylst de bewenners al lang elk frij oerke op de kemping trochbringe. In arsjitekt soe net oars dwaan moatte as oan it romtlik ferlet fan syn opdrachtjouwer te foldwaan en dat leafst op in wize dy't de kwaliteit fan it plak dêr't ien en oar stal kriget, ferheget en in oar syn eagen duorjend wat te genietsjen jout. Ik sis net dat alles misgiet. Sa kin it Ljouwerter stasjonskertier mei Aegon-, fbto-, Giro- en Avéro-nijbou hiel wat better besjen lije as it Grinzer ekwivalint.
| |
Minder leuk
Mei of sûnder wolstânstafersjoch, beide kearen wurdt de iepenbiere romte slim bedrige. It griene lân wurdt wyt en slibbet ticht. Op plakken dêr't earder noch wat oer wie fan plattelân
| |
| |
en iepen fjild, freegje no yndustryhallen yn de meast skrille kleuren fan fierrens al om alle omtinken. Doarpsútwreidings wurde foargoed bedoarn mei hûzen dy't mooglik oan de Mar fan Genève net missteane, mar dat yn de nijbou fan Winsum of Frjentsjer al dogge.
Och, as men sjocht hoe't Ljouwert de wjerskanten fan de Ie beboud hat, kriget men de triennen yn de eagen. En de Goutumer nuon-Allee lit sa moai sjen dat allinne it jild yn it marketingtinken fan nuon telt. Ljouwerter planologen en amtners wienen blykber net by steat om dat te kearen. Wat in miste kânsen, wat in ferkeard brûken fan in soad jild en romte en wat in tragyk.
It slimste is lykwols dat it iepen fjild wat langer wat mear bedrige wurdt. Wat bliuwt fan dat unike skaaimerk fan Boustreek en Greidhoeke oer? Wat yn Hollân al lang bard is, stiet hjir no te barren. En de gemeenten keare net, mar dogge fan herten oan dat beboskjen, bouwen en timmerjen mei.
Lit ik in wat lytsskaliger foarbyld neame: it Ljouwerter ns-stasjon. Dêr hat de feroaring fan funksje de ferloedering yn de hân wurke. Wie it stasjon earder it plak dêr't men hinnegie om in reis mei it spoar te begjinnen, of dêr't de reizger syn doel krekt berikt hie; in plak dêr't de spanning fan wat noch komme soe of wat krekt foarby wie, taastber wie; in plak dêr't de polsslach fan de provinsjale ekonomy fielber wie; in poarte ta in ûnbekende wrâld; dat is no it plak dêr't jûns let noch hurd in kroket of frikandel út de muorre helle wurdt en dêr't sneins it earder ferjitten blomke kocht wurdt. It is it plak dêr't dakleazen en swervers oernachtsje en omhingje. De krykkrakkige NoordNed-treinen wurde sa min mooglik skjinmakke en yn it stasjon binne de loketten om it kaartsje foar de grutte reis te keapjen no noch nei de efterkant ferballe en straks hielendal ferdwûn. Etos, Bruna en Free Record Shop hawwe, yn iendrachtich oparbeidzjen mei de ns, de prachtichste reisarsjitektuer omtovere yn in selde nearzich winkelsintrum as dêr't de reizger krekt weikomt.
Soks kin sûnder beswier efterútgong neamd wurde. Efterútgong dy't alles te krijen hat mei it feit dat de NS it sicht op syn kearntaak kwytrekke is en dêr't de flok fan it marketingtinken syn slopende útwurking dien hat.
| |
Merkegeast
Ik ha de beide wanstaltige ljochtarmatueren op de Ljouwerter Nijstêd hjirfoar as merkebousels oantsjut. It binne de produkten fan in gemeentebestjoer dêr't in merkegeast feardich oer wurden is. Earder koe neat yn Ljouwert, doe regearre de algemiene plysje-oardering noch op elk mêd. Mar doe't de gemeente yn de gaten krige wat dat net oan ynkomsten skeelde, waarden de prekariorjochten ta gouden aaien opwurdearre.
Net allinne yn juny op it Saailân merke, mar alle moannen en yn de hiele stêd, dat is it stribjen. Gjin terras, gjin kroech, gjin evenemint tefolle. Frijmerken, 5-maaie- en truckers-festivals, Sirkus Ljouwert, braderyen, optochten, studintefeesten, buertbarbekjûen, kroegetochten, it leafst mei safolle mooglik leven en op safolle mooglik plakken, befoarderje, sa seit de gemeente, it libben yn de stêd.
It is al in gotspe om leven en herje mei libben lyk te stellen, mar it is noch slimmer dat dy ûntjouwing wat langer wat mear de iepenbiere romte bedriget. Plysje en stedsbehear kinne de byferskynsels fan al dy fleurige drokte net mear byhâlde, lykas alle wykeinen en tongersdeitejûnen yn Ljouwert, en net allinne dan en dêr, waarnommen wurde kin. De iepenbiere romte is oan de kommersjalisearring priisjûn en dat hat it ferfal fan dy romte ta direkt gefolch.
| |
| |
De nijbou fan Avérotoer, Harmonie of stedskantoar is foar de gemeente, passend by de nije hâlding, net mear en minder as in evenemint. It giet om tafallige barrens dy't gjin gefolgen foar de neiste omkriten of it fierdere belied hawwe. Dêrom kinne de regelings en foarskriften ek maklik efkes oanpast wurde. De strjitte wurdt salang as de bou duorret ôfsluten en as it allegearre klear is, giet alles wer syn âlde en gewoane gong. Nije gebouwen wurde as teaterkûlissen sjoen, dêr't it deistich libben him foar ôfspilet, òf krekt efter ferskûlet. It toaniel wurdt ferboud, mar de skouboarchseal feroaret net. De nijbou fan de Harmonie hat fiif jier nei dato gjin inkeld posityf effekt hân op it ferpaupere Ruterskertier en de oanswettende Molen-, Wolve-, Hania en Ipe Brouwersstegen.
De tafallige nijbou is in dekor dat it sicht op de earmoede fan it belied sa't dat sûnt de fyftiger jierren yn en troch Ljouwert fierd is, besiket te ûntnimmen. Pas as de bou fan in Avérotoer fierder rikt as dat wat no bart en de binnenstêd net as ien grutte merke sjoen wurdt, kinne duorsumens en kwaliteit yn it fierdere Ljouwerter belied op it mêd fan de romtelike oardering en folkshúsfesting in plak krije. Dan pas kriget de foarútgong in kâns.
| |
Lytse oprop
Om it safier te krijen is it nedich dat de oerheid net langer it marketing- en merktinken fan de grutte kommersjele konserns ta foarbyld nimt of nei-apet, mar syn eigen doelen útset. In gemeente moat him net ta in merkegeast ferliede litte, mar him dêr krekt tsjin fersette en op duorsumens en kwaliteit oanstjoere.
Net de waan fan de dei en de kommersje hearre te regearen, mar it algemien belang moat it doel wêze. Dat belang hâldt net allinne rekken mei konsuminten, stappers en de waan fan de dei, mar mei alle minsken, kultuer, ferline en net te ferjitten de takomst.
Publyk belang ferdraacht him net mei marketing- en merkegeast. It konsumearjen fan de romte heart foar de oerheid net de earste prioriteit te hawwen, lit dat mar oan de private merkpartijen oer. Nee, foar de oerheid giet it yn it foarste plak om it produsearjen fan romte. En it noed stean foar de romte is yn dat perspektyf de wichtichste ferantwurdlikens fan de lokale oerheid. It is de heechste tiid dat it Ljouwerter gemeentebestjoer ta ynkear komt en him tsjin de treurige gefolgen fan merktinken en merkegeast ferset.
Dêrom, ik rop de bouhearen ûnder de Aldehou op om dy wanstaltige ljochtpeallen op de Nijstêd werom te bringen. En skaf fierder de te grutte ambysjes ôf en begjin yn it lyts, soe ik sizze. Dat kin troch bygelyks de feilichste, skjinste, grienste en bêst ûnderholden stêd fan it hiele lân te wurden! Dêr kin hiel wat better mei skoard wurde as mei de lette imitaasje fan wat earne oars al lang is. En de echte merkeleafhawwer, dy't oan de jierlikse merke op it Saailân, Cambuursterplein of yn Nijlân net genôch hat, wol, dy reizget mar nei Tilburg ôf.
|
|