Biten en brokken
Jan Pieter Janzen
It Fryske systeem
‘In ûnmisber boekje, dat spitigernôch al wer in jiermannich útferkocht is’, skriuw ik yn it febrewaarjenûmer oer Beart Oosterhaven syn Nije list fan frjemde wurden (1993).
‘Mis’, reagearret in lêzer, dy't anonym bliuwe wol. ‘It is net útferkocht mar troch de Akademy út 'e hannel naam. Oebele Vries fan it Frysk Ynstitút yn Grins wit der mear fan.’
Ik fiel my suver wat besoademitere. Ik brûk de Nije list geregeld. Hast alle dagen is der ommers wol in momint fan twifel oer de krekte skriuwwize fan lienwurden. Wat ha 'k de ôfrûne jierren - yn kommisje - dan allegear wol net fout dien? En is dy minne list ek ferwurke yn de ‘tekstneirinder’ dy't de Akademy ferline jier foar de tekstferwurker Word makke hat? Nim no computer, is dat yn geef Frysk: kompjoeter, kompjûter of gewoan computer? De wurdlist jout twa mooglikheden: kompjûter en computer.
De frisist en histoarikus Vries wol oer dizze saak wol wat kwyt: ‘Liuwe Westra, klassikus en teolooch, fûn dat dy Nije list net doogde. Der hie neffens him ien oer gear west dy't niks fan de klassiken wist en dy't net konsekwint west hat yn de Fryske stavering fan frjemde wurden. Hy hat in hiel goed artikel ôflevere foar Us Wurk. Se ha doe op 'e Akademy sels ynsjoen dat it sa net goed wie. Nei oanlieding dêrfan is it boekje út 'e hannel nommen.’
‘Frjemde kostgongers. Ta de stavering fan frjemde wurden yn it Frysk’ (Us Wurk, 1994, s. 97-117) is yndied in deeglik stik, dêr't de problematyk fan it ferfryskjen fan frjemde wurden helder yn nei foaren brocht wurdt.
Westra ûnderskiedt twa streamings: in haadstreaming dy't it wurdbyld safolle mooglik oanslute litte wol bij de Hollânske of de ynternasjonale skriuwwize (dus: computer) en in lytserenien dy't de stavering fan frjemde wurden mear op de Fryske útspraak basearje wol (kompjûter dus).
‘De earste streaming hat it wûn,’ skriuwt Westra, ‘mar by de tiid lâns hawwe fertsjintwurdigers dêrfan wol hieltiten mear it ynternasjenale of Hollânske wurdbyld loslitten om neiere oansluting by de Fryske útspraak te berikken. Dat giet safier, dat it Steatereglemint [fan 1982] it frij jout om in stomme e te skriuwen as de útspraak dêr oanlieding ta jout.’ (Sa sjoen is ‘ynternasjenaal’ dus goed, al set myn tekstneirinder dêr wol in read streekje ûnder.)
De kritikus, dy't sels konsekwint besiket te staverjen, konkludearret dat it tiid wurdt ‘foar in nije oarjentaasje op 'e staveringswize fan 'e frjemde wurden, dêr't it nedige wittenskiplike ûndersyk oan foarôf te gean hat’.
Op 'e Fryske Akademy binne se it mei de lêzing fan Oebele Vries net iens. ‘It is net wier dat it boekje út 'e hannel nommen is’, lit direkteur Lammert Jansma witte. ‘It is gewoan útferkocht. Beart Oosterhaven is dwaande mei in nije fersy, dy't takom jier útkomme sil. Wij ha it der yndertiid wol oer hân om op it artikel fan Westra te reagearjen, mar dat is gjin leksikograaf en dêrom ha wy it der mar bij litten.’
Soe it net fan belang wêze om earder mei in oanpaste Nije list te kommen?
Jansma: ‘Nee, Oosterhaven moat it yn syn losse tiid dwaan. Het is geen speeltuin hier. Ast trouwens ris witte soest mei hoefolle “belangrike” dingen wij hjir dwaande binne... Der komt in etymologysk wurdboek, yn 'e mande mei Leiden. Dat publisearje wy yn 2000/2001 op Yn-