| |
| |
| |
De Fryske poëzy yn it lêst fan de 20e ieu (1985-2000)
De flecht en de bút
Piter Yedema
In ynlieding
De fragen bestoarmje jin as men de ferearjende opdracht dieleftich wurdt om in skôging te jaan oer de Fryske poëzy yn it lest fan de foarige ieu. Der binne earst al de twifels oer de eigen feardichheden om sa'n taak oan te kinnen. In gedichtsje besprekke is dêroan ta, mar under hokker gesichtspunten besjoch ik de hiele bringst poëtyske ferskynsels yn dat rynsk rispjend tiidrek? Hoe ûnúteachber is dat fjild wol net? Twifels bliuwe bestean en by myn beslút om dochs de ‘omgong en trochtocht’ troch it fjild te weagjen, wol ik net ferswije dat it my mooglik en oan te rieden talike om de twadde fraach by de earste oan te passen. Men kin no ienris net fierder springe as de eigen pols, dat leit beheiningen op.
Ik wol net sa fier gean as R.R. van der Leest, dy't yn it lêste ferske fan syn lêste bundel, ûnder de titel ‘By in útstalling fan Fryske poëzij’ skriuwt: ‘men kin it bytsje wer / dat oan jin eigen is // mar bliuwt in frjemd / foar al it oare / dêr't men gjin diel oan hat/ en nea net hawwe sil...’, want de hiele aardichheid is fansels om jins eigen foarkar wat reedlik te motivearjen en ek ris te besykjen om jins tsjinnichheid ris ûnder wurden te bringen. In skiednis skriuwe hâldt noch wol wat mear yn as dat, en in oar uterste soe wêze as ik hjir oankaam mei de folsleine listen, de jiertallen, de leeftyd fan debutanten, de útjeftefrekwinsje, de hiele rimram fan sifers en útdraaiings. Sa dus ek net.
Fan in skiednis, dêr't de opdracht dochs op oanstie, mei frege wurde om de ûntjouwingen, de haad- en sydfigueren, de wikselwurkingen, it ferskaat oan kreativiteit yn it fjild oan te wizen en te beneamen en om dan faaks ta in ynterpretaasje te kommen. Mar mei dit nommel stribjen kin it net de bedoeling wêze om alhiel ôf te sjen fan eigen smaak en oanfielen, fral ek om't it ûnderwerp jin krekt op dy dingen oansprekt.
Soe der in algemiene karakteristyk te jaan wêze fan de ein-tweintichste-ieuske perioade dêr't it hjir oer gean moat? Kulturele ferskynsels spylje har net yn in luchtliddich ôf, mar yn in wider en wiidst ramt dêr't ynfloeden weikomme, en dêr't men jin faaks ek foar ôfslute kin.
Ik soe ús tiidrek dan mei Thijs Wöltgens ‘postmuraal’ en ‘postmodern’ neame wolle, in tiid dêr't de skiedslinen tusken de tinkramten en kultueren stadich yn weiwurde en dêr't plak yn ûntstiet foar in yndividualisme dat skeptysk stiet tsjin alle Grutte Ferhalen en idealen oer.
Yn hoefier sokke ynfloeden fan tekst ta tekst fan belang binne moat in kompetinter persoan mar ris oer gear, foar my is it algemiene byld fan belang dat kollektive benaderingen fan de werklikheid, út it godstsjinstige, it politike en dus ek út it etnysk-Fryske wei as achterhelle beskôge wurde moatte.
Ik kin dus net meigean yn de fersuchting dy't Jan Germs (Jan Jongsma) docht yn syn bundel Lân fan romte: ‘krekt yn in / Frysk boek / leit de tinkwrâld / ynienen / folle tichterby’. Al soe it allinne mar wêze om my net frij te pleitsjen om it te ferklearjen as it bart, en dêr- | |
| |
om bart, en om net te ferswijen dat it sa faak net bart.
Lykas oare dissiplines as bou- en skilderkeunst, muzyk en toaniel, hat ek de dichtkeunst in wiidfersprate folksaardige beoefening fûn, mar dêr't de skiedslinen yn dy oare keunsten maklik werkenber binne as profesjoneel-amateur en bygelyks frij-tapast ensfh., lizze dy yn de poëzy op dy wize wat minder dúdlik.
It kin wat willekeurich lykje as ik it únderskied lis by dichtwurk dat yn tydskriften ferskynt en besprutsen wurdt, dat foar publikaasje in útjouwer en subsydzje fynt, om't it dan yn feite uterlike saken binne dy't it ferskil útmeitsje tusken rûchwei sein keunst en kitsch. Ik sil my der ek net altyd oan hâlde, mar ik stel wol fêst dat dy skiedsline, hoe willekeurich ek, eins net omstriden is. Net eltsenien hat no ienris de ambysje om dy wei te gean, hoewol't soks altyd mooglik is, want ‘wy dichters’, sei Jo Smit al, ‘binne allegear mar pielers’, dat wa sil in oar keare.
De beide sfearen libje fredich nêst elkoar op 'e planken yn 'e bibleteek, op 'e listen fan de Provinsjale Biblioteek en it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum, dy't my yn ferbân mei dit stik tastjoerd waarden. Se steure mekoar krekt likemin as in draai-oargel by it Concertgebouw, of it postkantoor by de Aldehou. De leafhawwer wit wêr't er op lette moat.
| |
In trochtocht
Hoewol er om ûnbekende reden net foar subsydzje yn 'e beneaming kaam - in ôfwizing dy't de dichter spitigernôch serieus nommen hat en brui it dichtsjen derhinne -, befettet de bundel Winterkriik fan Geart fan der Mear de eleminten dy't de betsjoening útmeitsje fan poëzy mei bewust artistike pretinsje en ambysje.
De bundel is nei de foarm ien syklus fan 25 sonnetten, dêr't dizze dichtfoarm jitris mei yn omtinken brocht waard. Letter ferskynden mear bundels mei allinne sonnetten, mar de foarm hat net wer it oerwicht krigen dat hja hie yn de Jongfryske tiid. Wol kin steld wurde dat mei troch it krewearjen fan Fan der Mear it omtinken foar de formele kanten fan poëzy tanaam. It rym is, nei in lang skoft doe't it hast kenmerk wurden wie fan plezier- en folksdichtsjen, werom by serieuze dichters en gâns nije bundels besteane langer út in miks fan frije en bûne foarmen, dêr't ek mei oanjûn is dat maniërisme en foarmtwang amper bod krije.
Ek ynhâldlik sette Fan der Mear in koerts út dy't letter foar oaren farber bliek te wêzen. Yn de trochgeande lykbliuwende foarm komt in uterste oan selsbeskôging ta wurd, dy't sa faak troch ûndichterlike natueren as nâlestoarderij ôfdien wurdt. Poëzy is hjir it fehikel fan emoasjes, sa't dy fral yn jonge jierren de dichter besetten. Leafde en ôfkear uteraard, mar ek al de eangst en de grutte ferlieding fan de dea.
Dúdlik is dat it libben hjir as in probleem opfette wurdt, net eat dat samar, yn al syn tydlikens en flechtigens akseptearre wurde kin. De dichter siket út alle macht nei it positive en om't de grutte sinjouwingskompleksen - godstsjinst, karriêre ensfh. - leechrûn binne, sûcht er him fêst oan de ekstazes fan keunst en it lichaamlike.
Strakke foarmen kinne nêst frije fersen bestean, dat toant Syds Wiersma oan yn syn bundel Alles wat ik net betinke woe. Hy hat ek ien kear bundele yn de perioade en dat fernuvert, om't syn wurk eins om fuortsetting freget, mear as dat fan Fan der Mear, dat mei it ‘traktaat’ Winterkriik in ôfsluting fûn liket te hawwen.
Langst en eangst foar de dea spylje by Wiersma yn syn titelfers, dat byldryk is en frij nei de foarm. De nachtrein lokket him nei bûten, yn 'e
| |
| |
iepen doar. Achter him it hûs, it libben, wat er betocht hat en wat ûnbewenber blykt te wêzen, mar it swarte gat fan de bûtendoar woe er net yngean: ‘Nachtrein rûst op alles / wat ik net betinke woe.’
Syn toan is waarm, it ritme breed en tagedien en hy hat in wûndere helderheid yn syn bylden gauris út it eartiids mar ek út it hjoed. It oare bûten him, it frjemde, de takomst - net te betinken - lûkt him dochs oan en it sonnet ‘Fertize’ mei in hiel moaie fal fan de fjouwer- nei de trijerigels, beslút er reslút mei: ‘Ik stap op 'e fyts en folgje myn ynstinkt.’
Foarm en ynhâld, bûn en frij, it lykje begripen te wêzen dêr't nei eigen goedtinken mei skikt wurde kin, as hie de dichter oars net te dwaan as de wurden en de krollen teplak te krijen foar eat dat er al yn 'e holle hat.
It ûnheil fan makwurk leit dan op 'e loer en driget ta te slaan as it ideaal fan it totale gedicht dat him as ûnferbidlik wêzen oantsjinnet, ‘iepen en hurd’, net mear field wurdt.
By Beart Oosterhaven - ek mei ien bundel, In leechfermidden, yn ús perioade fertsjintwurdige - kin men lêze hoe't in fers om te ûntstean de dichter oanpakt:
ta it fers
dyn kommen is yn lette jûnen
't sinjaal fan branningyn 'e floed
dyn oerstadich fier omtyskjen
barst ynienen troch it glês
fan swier beslein beskonken ruten
fan waarme kleden iepenhurd
iepen hurd is dyn ferkringen
fan waanwurklikheid en waas
wer leist de wrok hjir op 'e tafel
wer wiist it wêzen fan de wraak
De privee-noflikens fan it glês, de gerdinen, de iepenhurd, gearfette as waan en waas, wurdt wreed op ynbatst troch de natoerkrêft fan de poëzy. Moaiens en loksillige mominten, trochstrings sa ûnmisber foar it sjenre, moatte oan kant om plak te meitsjen foar wierheid, hjir yn 'e opskerpe foarm fan wrok en wraak.
De wierheid hat it bekende skelle lûd. By har rinkelbel huverje poëtyske foarmen en lyryske ego's fan ûnwennigens yn elkoar. De grime libbet noch en lit fan him hearre. Yn alle oandwaanlike knoffeligens is er presint yn it bundeltsje fan Tsjisse Hettema, mar dochs:
myn praktysk selsmeilijen
De grime libbet noch, de ûniensens, it ferset, it net-solidêre, it hopeleaze. Men soe sizze dêr rêdt de wolfeartsteat mei en jou dy del. Ien jier lang alle sneintemiddeis oan 'e Frjentsjerterfeart, dan hast ek in dichtbundel by mekoar. Sereniteit en ôfstanlikens binne dochs ek wearden. Skientme en treast, en lit de rest mar sitte.
In trochbraak fan grime oantinkens, bylden, fan woede en wrok is de bundel Lyts ferdomme fan Benny Holtrop.
Der binne yn 'e perioade nochal wat gedichten ferskynd mei it âlder-bern-tema en hoewol de waarmtegraad fan de beskreaune relaasje wol ferskillend is, is er dochs meast posityf. Net sa by Holtrop dy't it oandoard hat en brek it memme-ideaal fan klearebare tagedienens ôf mei ferbjusterjende skerpte en krêft. It hat suver wat fan in obsessy, sa rigoereus en wis giet
| |
| |
er te wurk en in inkel hiel lyts flutske werkenning makket it gehiel allinne noch mar tryster en bitterder.
Wa is hjir oan it wurd, wol men freegje. Is it de soan dy't syn mem hate, of is it in dichter yn fûleindige byldestoarm? Haat en leafde lykwols, lizze ticht by mekoar en men fernielt faaks wat men net krije kin. Dochs is dit lyts ferdomme fansels wol in grouwélige flok, en kin alsa geniete wurde.
Utering fan negative gefoelens, fan wearze en walging, wurdt trochstrings earder as oprjocht en persoanlik opfette as de utering fan de saneamde moaie, mar fagere fielings.
By Cor van der Wal, dy't mei twa wichtige bundels útkaam, haw ik soms it dûbele gefoel dat ik yn neifolging fan de dichter it absurde, it ferbeane en rotte, it sike dat er oansleept, as sadanich genietsje moat. Hy leit syn nocht oan shockearjen der wat te tsjok boppe-op en dat komt de oprjochtens fan de bedoeling net te goede.
| |
In omgong
Yn dit stik kin út soarte net foarbygien wurde oan de Grutte Dichters, mei de grutte nammen en it grutte oeuvre, hoewol yn Fryslân sokke saken tige betreklik binne en dêr wrachjes net allinne.
Yn de perioade binne de samle gedichten, mei meast in kreaze ynlieding en ferantwurding, útkommen fan, yn alfabetyske folchoarder: Wibren Altena, Froukje Annema, Lieuwe Hornstra, Anne Jousma, Douwe Kalma, Douwe Kiestra, Tiny Mulder, Tsjits Peanstra, Trinus Riemersma, Sjoerd Spanninga en G.N.Visser, dêr't spitigernôch de namme Jan Wybenga noch by ûntbrekt.
Der binne gâns útjeften ta stân kommen yn de foarm fan samlingen fan besteand en nij dichtwurk, soms keppele om in tema hinne as: Gers, Wetter, Stiltme. In wichtich barren wie ek it útkommen fan de Spiegel van de Friese Poëzie yn '94, mei in knappe ynlieding fan Teake Oppewal.
Wy hawwe de suver komeeteftige trochbraak belibbe fan dichter-deklamator Tsjêbbe Hettinga, it opljochtsjen fan de nije stjer Albertina Soepboer en it geduerich as yn planetebanen nij ferskinend wurk fan Baukje Wytsma, Jacobus Q. Smink en Harmen Wind.
It wiist allegear net sa min faaks as men de positive feitlikens op it mêd besjocht en rekkenje dêrby ek nochris de smoarfolle Harmony ta eare fan de 90-jierrige dichtersfoarst Douwe Tamminga yn novimber '99.
It foardragen fan gedichten troch de dichters sels, op boekejûnen en oare manifestaasjes, hat by ús terjochte in moai lange tradysje. It klanklichem fan in fers kriget troch en yn de stim no ienris better syn gerak, de sfear en de eigenheid fan gedicht en makker komt ynkringender oer it fuotljocht.
Tsjêbbe Hettinga behearsket dizze keunst op frijwol unike wize en it wie in boppeslach om him by de Frankfurter Buchmesse yn '93 op it poadium te bringen. De rop en rom fan syn sensasjoneel optreden waard foaral troch de lanlike parse ferspraat, in unyk feit. It noftere Fryslân moast ek belies jaan, doe't er de iepening fan it Frysk Festival 1995 fersoarge mei de glânzjende foardracht fan syn eigen fertaling fan Whitman syn Salút au Monde.
Hettinga hat yn 'e perfeksje oantoand hoe't poëzy, nei it wurd fan Nijhoff, har lossjongt fan de werklikheid. Syn deklamaasje komt yn 'e buert fan in aria sûnder begelieding, dêr't alle registers fan de taalmuzyk - de donkere twalûden en heldere i's en ij's, de langrutsen nasalen en de spetterjende t's en s-en, yn in ferfrjemdzjende sinsmelody - by iepenlutsen wurde.
| |
| |
Dichters oan it wurk: Tsjits Peanstra en Baukje Wytsma op in Skriuwerswykein yn Koartehimmen, 1984. (foto argyf flmd/Douwe Kootstra)
Dochs beslacht syn produksje yn de perioade mar ien bundel, Under seefûgels / de kust út '92. Gâns krewearjen hat er lykwols hân mei de oersettingen dêrfan yn it Nederlânsk, it Dútsk en Ingelsk, fral mei it each op projeksje fan dy teksten by syn optredens om utens, oer de lânsgrinzen hinne en foar by syn cd, ek al in moai nij ferskynsel.
Dochs is syn wurk net alhiel ûnomstriden. De media koene har útskroevenens net dalik dokumintearje mei jûchhei-kritiken út de Fryske rûnten sels. De steatlike rôffûgel wie hjir ûnder de protters nei alle gedachten noch net bare opfallen. De diskusje rint noch, mar tusken brûs en skom èn it wurk fan Dylan Thomas en Derek Walcott is romte genôch om del te striken.
Hettinga syn rop heale Europa oer hinget gear mei it byld fan de argayske bline bard dy't it Frysk blykber dochs oproppe kin, want ferdomd wier ja, it Frysk is in oerâlde taal en dat besef by te bringen is noait wei. Hy is eins ús Ossian ûnder eigen namme.
Albertina Soepboer hat dy pree net dat se in mytysk Fryslân opropt om mei de grins oer. Se ûntwikkelt har hieltyd mear yn in soarte dizich oanfielde ‘wrâld’-poëzy nei eigen bestek, dêr't it bertelân, yn foarkommend gefal, in slim wynderige en reingisele úthoeke fan útmakket. Har gedichten ferminge har mei ûntlieningen en si- | |
| |
taten út 'e byldzjende keunst, út 'e nije muzyk en popsongs, út it wurk fan mystisy en ferneamde dichters, mei tige wikseljend resultaat. Der giet in rop fan de erotyske ladenens fan har gedichten en yn dat ferbân wurdt gauris ‘De hynstemuze’ út De twirre yn 'e tiid oanhelle. Mar nei rigels as: ‘Ik bin net by steat en slach him dea, / nee, ik sit op 'e knibbels, iepenje my.’ is it slim jin fierder noch wat begearliks of opwinends foar te stellen. Har lading sit foarearst noch opskipe mei in moai protsje ûnsaaklike pretinsje.
Op it mêd fan de erotyk is it fral it wurk fan Baukje Wytsma en Jacobus Q. Smink dat der útkypt. Wytsma beskriuwt yn in fers it foarbytsjen fan minners as wolkeformaasjes dy't oer de langjende sinnebaaister hinnegean. Yn har lêste bundel Thúslûd siket men fergees om sokke sterke bylden en fielings en liket ek de spanning en ienheid ferbroazele.
Smink komt nei syn lichtfuottige eksploaten mei de famkes ynklusyf sierlik omfladderjend ‘lingerich tekstyl’ mei in derynhouwende bundel under de anagram-titel Minsk(e)-gedichten.
Eppie Dam liket him yn syn lêste bundels te ûntwikkeljen ta in earsten plezierdichter, dy't mei komposysjes as ‘codicil’ en ‘lyts lofliet op 'e fyts’ sels de foarlopich ûnoantaastbere master Wibren Altena nei de kroane driicht te stekken. Hy hat lykwols de yntellektuele bagaazje om ek trinten oan selsbespegeling te dwaan en alsa it dichterlik hantwurk mei in skalk each te skôgjen yn it langere gedicht ‘De hûnsdagen’ yn de bundel mei deselde namme.
| |
In ôfsluting
In skiednis te jaan fan sa'n yndividueel medium as poëzy moat hast wol ferrinne yn in opsomming, yn it opfangen fan stimmen mids in kakafony, it bloeie litten fan tûzen roazen. En sels al soe ik likefolle romte ha as Radboud Fokkema, ik soe net fierder komme as wat de titel fan syn skiednis fan de Nederlânske poëzy sûnt 1945 al seit: ‘Aan de mond van al die rivieren’, wêrby't it wichtiger is al dy streamkes te beneamen as de see te skôgjen dêr't se allegear op útkomme.
Dochs moat der ferfal wêze, in boarne en in frije útrin om net yn 'e sompe te bedarjen, en dat needsaaklik mienskiplike is slim te beneamen. My tinkt dat yn ús ûnderwerp, de Fryske poëzy, beide dingen, de Fryskens en de dichtkeunst, ûnferbrekber keppele binne, as by in mûzefalk de wjukken foar de frijheid en de hege flecht, en it skerpe each foar de oriïntaasje en de libbene bút.
Der is net sa heel folle mei sein, fral om't krityk him yn dit stik meastepart beheind hat ta it net-neamen, dêr't ik fuort oan taheakje wol dat krapte oan romte it neamenswurdige wolris yn 't paad sitten hat.
Romte is der noch om in blinkje op te fangen fan de moai rije produksje fan Harmen Wind, wurk dat hielendal binnen de beskreaune perioade falt. Hy foel der fuort al mei yn de prizen en syn lêste bundels Plak en Wei litte noch in tanimming sjen fan sizzenskrêft en masterskip.
It is oars de ûngebrûklike fraach noch mar hoe't de dichter Wind him nei dizze beide bundels fierder ûntwikkelje sil. Striid hat er levere, de striid fan de moderne ienling finzen yn systemen, en yn syn gefal de striid om de wierheid, om God en dea, om de leafde. De grutte ferhalen dus noch, mar wat bart der as harren tiid gewoan foarby is, de wrâld se stadich liket te ferjitten as it antwurd op ferkeard stelde fragen?
De wierheid ropt er noch oan, mar mei ferdrach: ‘..doch my / net dea yn dyn klearens’. It Eben Hezer tsjerkje - ‘Wa holp wa wêr oan ta?’ - steane hokkelingen yn te psalm-âljen.
| |
| |
Kin dan it eachmerk noch wêze, sa't er earne ferfêst delskriuwt: ‘...it oanhâlden fan it foarbye, / it bewarjen fan it ferlerne. Altyd.’?
Ik fernim yn in gedicht as ‘Ferbûn’ de driuw om jin ôf te sluten foar de boaze weareld, ‘...lijte sykje by de waarme hurd’, mar wêr bliuwt sa it dichterskip? It siket oanslach yn alles wat it tinken en oantinken oan bylden opjout, fral as de heimsinnigens dêrfan ferbinings fynt mei de riedsels dêr't gjin antwurd op is: wa bin ik, wat is tiid? Sa it fers oer it opdûken fan weismiten ark út 'e Boarne, de fersen oer it ûntdekken fan heal fergiene skipkes yn 'e reiden fan it wetterlân.
Faaks niicht er tenei mear nei it tagonklike, sjongsume, it fan persoanlike problematyk ûntdiene, en wurde syn fragen ‘Simmerfragen’ lykas: ‘Fan sinne wie de dei / de brâning fan begearen / mar wêrfan wie dyn laits?’ Of komt er mei frisse ideeën oer in ferskaat oan ûnderwerpen, lykas dy oer de Fryske identiteit yn ‘Heiteloft’?:
Neam dy dochs net nei ús ierde,
myn freon; neam dy tenei nei
ús loft: ûnstadich, wif, ritich, jit
suver en iepen en frij sûnder ein.
In skiednis sjocht net yn 'e takomst en hoewol't it yngean fan in nij milennium - mei apokalyptyske huver temjitte sjoen - in draaipunt wêze koe foar nij eachweid en breinroere manifesten, sille wy yn it kommende, as ik my dochs feroarloovje foarút te sjen, in stadige ûntjouwing nei mear loft en loftichheid, mear foarm noch en minder selsmeilijen, praktysk en teoretysk, ferwachtsje kinne.
Loft en ierde, de flecht en de bút, bliuwe op mekoar oanwiisd, sa't de haikû-dichter Klaas Kooistra fan it senioareklubke al dichte:
| |
Bibliografy
Utjeften dêr't oan referearre wurdt |
Meindert Bylsma, Dy iene ielreager dy't opwjokket |
(Brakepypster gedichten). Boalsert 1996. |
Eppie Dam, De hûnsdagen. Ljouwert 1994.
Leaf en nuddels. Ljouwert 1998. |
|
Radboud Fokkema, Aan de mond van al die rivieren. Een geschiedenis van de Nederlandse poëzie sinds 1945. Amsterdam 1999. |
Jan Germs [Jan Jongsma]: Lân fan romte. Burgum 1998. |
Tsjisse Hettema, Tsi tsi. Ljouwert 1996. |
Tsjêbbe Hettinga, Under seefûgels, de kust. Ljouwert 1992. |
Benny Holtrop, Lyts ferdomme. Boalsert 1995. |
Klaas Kooistra yn: ‘Noorderdampen’, Haikû-kring De Froaskedobbe. Snits 1987. |
R.R.R. van der Leest, Wyn en fearren. Boalsert 1986. |
Geart fan der Mear, Winterkriik. Annen 1987. |
Beart Oosterhaven, In leech fermidden. Boalsert 1990. |
J.Q. Smink, Minsk(e)gedichten. Boalsert 1995.
Foar de famkes. Boalsert 1988. |
Lingerich tekstyl & swarte side. Boalsert 94. |
|
Albertina Soepboer, Gearslach. Ljouwert 1995.
De twirre yn 'e tiid. Ljouwert 1997. |
It nachtlân. Het nachtland. Eanske 1998. |
|
Cornelis van der Wal, In nêst jonge magneten. Boalsert 1991.
Sinnestriel op it offermês. Boalsert 1997. |
|
Thijs Wöltgens, De nee-zeggers. Amsterdam 1996. |
Syds Wiersma, Alles wat ik net betinke woe. Boalsert 1992. |
Harmen Wind, Op alle dagen. Ljouwert 1995.
Plak. Ljouwert 1996. |
Wei. Ljouwert 1998. |
|
Baukje Wytsma, Thúslûd. Ljouwert 1997. |
|
|