Dwersreed
Jitske Kingma
It gedicht
Wy hiene it oer boeken, lykas meastal. Wat wy beide 't lêst lêzen hiene, wat ús it beste foldien hie en wêr't wy meikoarten oan begjinne soene.
Hy ferkundige geregeld de miening fan it lêste boek dat er lêzen hie. En ik krige wolris wat tefolle rotsoai ûnder eagen. Dat wy hiene it benammen oer literêre standert. Fine je allinne goed wat tafallich ûnder je oandacht komt? En bliuwe je skerp as je net op syn minst ienris yn 'e moanne in topper lêze. En wat is in topper?
Ik fertelde oer it boek fan Ed van Eeden, Literaire smaakmakers. Uitgevers en hun favoriete boeken. It haadstik dat my it measte oansprutsen hie, hie as titel ‘Dramatische missers en denderende successen’. Oft literatuer werkend waard as kwaliteit, men hie der gjin sizzen fan. Sa'n Mulisch, fan wa't it earste manuskript yn 1951 ôfwiisd waard. In Pauline Slot, it bêstferkochte debut fan 1999, dy't earst in wegering fan Contact en Meulenhoff krigen hie. In Isabel Allende, dy't kear op kear ôfwiisd waard en no suver op eigen krêft de hiele Wereldbibliotheek draaiende hâldt. Robert Ludlum en Tom Clancy, dy't yn Nederlân earst gjin poat oan 'e grûn krigen. En sa'n Paardenfluisteraar, dêr't je as útjouwer net mear as f 25.000 foar de oersetrjochten jaan wolle, mar dêr't nei de film mei Robert Redford minsken foar yn 'e rige steane by de boekhannel.
De tiid dêr't it yn presintearre wurdt, de sfear en it plak binne gauris krekt like wichtige of miskien sels noch wol wichtiger redenen om fan in boek in bestseller te meitsjen.
Hy socht altyd om mystearje. Immen dy't je op 'e ferkearde skonk sette, immen dy't in útkôge ûnderwerp nij libben joech en konklúzjes dy't syn wrâldbyld trochinoar skodden. Sokke boeken fûn er goed.
Njonken ús siet in man dy't foar it wykmenu keazen hie. Hy iet der smaaklik fan. Earst in kop sop, doe it haadgerjocht en in puddinkje nei. Dêr wie er krekt noch net oan ta doe't er wakker begûn te knikken. Hy hie al tiden nei ús sjoen en no grypte er syn kâns om mei te praten.
‘Is 't net sa?’ sei ik.
‘Ja. It giet der om dat de saken hiel oars wêze kinne as dat se lykje’.
Hy kaam krekt by syn heit wei, dy't yn 'e Ielannen wenne en yn 'e bernskens rekke wie. De âld man hie der dy middeis op út wold en de soan moast ride. It wie in hiel trelit. Om him yn 'e auto te krijen. Mar benammen om der efter te kommen wêr't er hinne woe. Lang om let waard it dúdlik dat it om in jeugdfreondinne gong. Want oer syn frou, mei wa't er langer as in minskelibben troud west hie, hie er it al lang net mear. Soan hie it minske ek noch fûn. Wenne noch altyd yn Snits, op harsels en koe har âld freon noch wol. Se hiene in healoere yn 'e auto sitten te praten. Heit wie wakker op 't skik op 'e weromreis en prottele net iens doe't er der wer út moast. It oantinken oan dit treffen bleau him langer by as al de oare dingen fan de lêste tiid. It hie in djippe yndruk op 'e soan makke, dat âlde leafde sa gau werom wie.
‘Mar oan dizze tafel, dêr't jimme no sitte, hie 'k sels hast myn frou ûntrou west’.
Hy wenne yn 't westen en hie foar in ôfspraak in taffeltsje yn dit restaurant reservearre. It hie in jûn west fan nuvere magy. Oan iten