Gjin poat om op te stean
Wat wer in kostlik staaltsje Riemersma-humor, yn dat aprilnûmer fan Trotwaer, net! En dat alhiel op eigen kréft, moatte we oannimme, want neffens de krante sit humor net yn 'e genen. Riemersma sitearret omtrint in hiele alinea fan myin Oesdrip-stikje nei oanlieding fan de earste Omrop Fryislân tv-útstjoering oer de Fryske Boekewike. ‘Yn De Noasdrip, húsorgaan fan it Skriuwersboun, seit Koop Scholten...’ Hoe komt er derop: De Noasdrip! Soe men jin net bemige? Ivich skande dat dy iene helte fan de Oesdriplêzers dy't Trotwaer noch net lést dat no misse moatten hat.
Foar it sarkastysk sauske dat ik dit stikje mei besykje te jaan hie 't faaks better west en brûk ‘de hear Riemersma’. Mar fuort mar. Ditsoarte reaksjes op elkoars stikjes yn mar selden ferskinende periodykjes hat fansels doch kwalik sin, mar ja, men hoecht jin ek net troch Trinus op 'e kop skite te litten.
Jim sjogge 't: 'k ha my syn wurdkar al aardich eigenmakke. Hy pakt nochal wat út, hear! Hy hinget ek fan alles op oan dat iene sitaatsje. Suggerearret suver wat, dat ik fia dat ‘húsorgaan’ in offisjeel Skriuwersbounstanpunt útwierje wold hawwe soe.
‘Binne de leden fan it Skriuwersboun ferlettefoldoggers fan it lamliddige lézerspubl>ik? Dan sit ik ferdomd foar de tredde kear by de ferkearde klub!’ Earme jonge. In tûk lêzerke as him kin myn tekst dochs net sa misfette ha dat er aI dy ferskynsels derby sleept, oant de tsjinstelling folksaardige en ‘hege’ literatuer oan ta?
Hy hat, al of net mei sin, te min sitearre. It begjin fan dy alinea wie sa: ‘It Fryske lêzerspublyk bekroadet him net om dy belegen kribbekeurichheden fan 'e KU oer It Fryske Boek, dy't Teije Brattinga nochris wjerkôge.’ Dat sloech dus ek dúdlik op 'e ynhâld fan dy tv-útstjoering, dy't ik kritysk hifke. 't Hie dan ek hiel sinfol west - en foar in earlike diskusje ek sonder mear needsaaklik - dat Trinus de earste sin fan de folgjende alinea ek eefkes oanhelle hie. Dy wie: ‘Hat dat programma dat no dien?’
Yn 't fierdere ferrin gean ik dan nei wat der oan ynformaasje oer boeken foar ‘De doelgroep fan sljochtweihinne Frysk-lêzers’ ferskaft waard. Dy falt moai grif aardich 1yk te slaan mei de tv-skôgers dy't Sjoerd Bottema op side 141 fan datselde Trotwaernûmer beskriuwt: ‘Omrop Fr>islân is dêrmei echt in brede publike omrop wurden, mei in soad ôfwaaid praat fan en foar âlde wiven. Fan beide seksen fansels.’ Om't de jeugd net folle belangstelling hat bliuwt der oer: ‘in al wat âlder publyk dat nei de regionale omrop harket en sjocht’. D>i lêste karakteristyk hat Sjoerd dan wer opdien by Piet Hemminga, meiwurker oan Omrop Fryslân/Under ien dak, dat onder 't kopke ‘In freoneboek’ troch him besprutsen wurdt.
Oer ferletbefrediging troch skrïúwers ha ik dus net rept en oer ferletbefrediging ‘fan sokke luie soademiters’ troch it Skriuwersboun alhielendal net. Boppedat wie 't hiele stik op persoanlike titel. Dat wêr't Trinus de rjocht-feardiging fine wol fan al dy stokken dy't er oer al dy derbyskuorde rêgen hinne hellet, is my in riedsel. Hy hat gjin poat om op te stean! As 't in keardel is, ferantwurdet er him yn de kommende Oesdrip.
Koop C. Scholten