De fûke: it boek sloopt foar de film? (3)
‘Foar in goede film moast it boek earst slope’, hat Steven de Jong sein, mar yn syn ferfilming fan De fûke fan Rink van der Velde is er dochs wol ticht by it boek bleaun. In film is lykwols wat oars as in boek.
Ut de foarpublisiteit hie ik begrepen, dat de fiskerman yn de film ynienen in namme krigen hie en dat muoide my, omdat ien fan de sterke kanten fan it boek no krekt is, dat de lêzer allinne mar troch de eagen fan de man sjocht en allinne mar mei him meitinkt. Dan hoecht ien net in namme, de man is himsels en wol sa min mooglik gedoente mei oare minsken hawwe. In namme is wat foar de boargerlike stân, foar tredden. Yn de film hat it my net steurd, likemin as de grutte rol fan de hûn dy't my út it boek net bybleaun wie as in wichtich elemint.
Yn De fûke fan Rink van der Velde wurdt gâns tusken de rigels troch ferteld. Yn De fûke fan Steven de Jong wurde suggestjes yn bylden omset en krije dêrtroch in ynterpretaasje. De film is sadwaande wat ‘fetter’, wat mear op effekt út as it boek, mar troch it prachtige spyljen fan Rense Westra giet ek de film nearne oer de wiffe grins fan keunst of kitsch hinne.
Dy haadrolspiler fûn ik geweldich! Sa't de skriuwer mei in pear wurden in hiele situaasje dúdlik meitsje kin, sa kin Westra dat like subtyl troch in wynbrau op te lûken of in mûlshoeke te krôljen. De nederlaach fan it establishment, dat ree is ta konsesjes, foar de fiskerman oer dy't ûnôfhinklik bliuwt, wurdt yn de film fersmelle ta de twastriid tusken Peter Tuinman en Rense Westra en ek Tuinman spilet in ‘moaie’ rol al stelt er in minnenien foar.
Miskien hat de regisseur it boek earst wol sloopt, mar dêrnei hat er it ferhaal dan dochs wer opboud út de meast wêzentlike eleminten.
Tineke Steenmeijer-Wielenga