lang. En Stoelwinder krijt lêst fan it hymjen yn syn nekke. De Jong pakt it senario en jout de snijpunten oan. Dêrmei is de film ek dy fan Stoelwinder wurden. Want njonken de montaazje die dy ek de kamera en it ljocht. De Jong neamt Stoelwinder dêrom in ‘belangrijke pion in het geheel’. Soks heart minder belangryk as de ‘eminente’ akteurs. It is dus net ferwûnderlik dat nei de premiêre wól de akteurs Rense Westra, Peter Tuinman en Hilly Harms troch De Jong op it poadium helle wurde en net Anton Stoelwinder.
De Jong fynt De fûke swierdere kost as De gouden swipe. Dochs is it ferhaal maklik te folgjen. It kamerawurk rjochtet him op de dialogen en ek dêr hoecht de taskôger him net yn te spannen. Der wurde jierliks tûzenen soksoarte films makke, foaral foar de televyzje. De sjogger hoecht him mar del te jaan, De Jong leit it him allegear dúdlik út.
De akteurs dogge har bêst om mar gjin misferstannen op te roppen. De minnen prate, sjogge en hannelje min, de goeden dogge goed. En foar dy kiker dy't it dan noch net troch hat binne der flashbacks yn slowmotion.
Ek it lûd wurdt yn De fûke brûkt om sa min mooglik oan de ferbylding oer te litten.Yn elke film wurdt lûd brûkt om aksinten te lizzen. Lûd moat manipulearje, de yllúzje fersterkje. It bêste lûd is it lûd dat der wol is mar net opfalt. Yn De fûke is it lûd tefolle lûd en dêrom steurend. Bygelyks as soan Germ yn syn boatsje syn ûndergong temjitte fart. De muzyk alarmearret fier fan te foaren mei drigende, swiere teutoanske toanen dat de fijân op 'e loer leit.
Op sokke mominten is de film net dy sobere film dêr't De Jong it yn syn boek oer hat. It ferstân kin by it sjen nei De fûke dêrom rêstich op nul setten wurde. Wa't beweart dat de film fol sit mei klisjees en sa plat is as in dûbeltsje kin in protte arguminten oanfiere.
It belang fan De fûke - in belang dat amper te oerskatten falt - is dat de film makke is en foaral ek hoe't de film útbrocht is. Yn seis bioskopen yn it noarden. En dêrnei in fertoaning yn alle doarpshuzen. Mei - lykas by De gouden swipe - in single fan De Kast, in boekje oer it meitsjen fan de film en resinsjes yn alle lanlike deiblêden, petearen op nasjonale radio- en tillevyzjekanalen en oanplakboerden troch hiel Fryslân. Dat is ferrekte knap.
De gouden swipe hat bewiisd en De fûke toant op 'e nij oan dat it mooglik is yn Fryslân spylfilms te meitsjen dêr't in grut thúspublyk foar bestiet. It is yn dat opsicht wol spitich mar folslein ûnbelangryk dat de film bûten Fryslân gjin yndruk makket. It is op dit stuit folle belangriker dat De Jong syn twadde film makke hat.
Hûndert jier nei de berte fan de film ûntstiet tanksij Steven de Jong in begjin fan in filmproduksjeklimaat yn Fryslân. Der is no twa kear underfining opdien troch cast en crew yn it meitsjen én it útbringen fan in spylfilm. En De Jong ynspirearret ek oaren. Ynkoarten komt Bjinse van der Zwaag mei syn earste spylfilm De winter fan 2000. Ek hy moat syn film trouwens foar in pear sinten meitsje.
De Jong hat in gouden formule fûn. Der gean dêrom stimmen op om mear Frysk boekewurk te ferfilmjen. Oaren wolle dêr fanôf en freegje om eigentiidske, oarspronklike films. It ien slút fansels it oare net út.
It makket dêrom nijsgjirrich hoe't aanst de film fan Van der Zwaag ûntfongen wurdt. Dat is wol eigentiidsk wurk mei de Alvestêdetocht as achtergrûn. Stel dat dy film troch de filmparse geunstiger ûntfongen wurdt as De fûke. Dan is de kâns grut dat it thúspublyk it massaal ôfwitte lit. Yn it algemien is it ommers sa dat as de filmkrityk in film bejubelet, it folk thús bliuwt. Oarsom binne klisjees de filmbesprekkers in