hope en ferwachting dat it konkurrearje koe mei de oare ynstjoerings. Liet hat foar mannichien in útdaging west, om troch te brekken, om it in kear mei te meitsjen, om...
‘Wêrom dochsto yn 'e goedichheid hieltyd wer mei?’ frege ko-presintator Douwe Heeringa oan Adri de Boer op 'e jûn fan it lêste Liet. Hy wie ommers al etlike kearen trochkrongen ta de finale en hie Liet al wûn yn 1998. Adri de Boer wie earlik. Foar him wie it in kick om op sa'n grut poadium te stean, foar sa'n folle seal mei minsken. Soks bart in troubadour net alle wiken. De Boer seit dat er troch Liet in grutte nammebekendheid krigen hat. Stûf folhâlde op Liet kin dus wat opsmite. Mar De Boer liket nei dy jierren de iennichste te wêzen dy't sa dúdlik profyt hân hat fan Liet.
Want net alle artysten hawwe der sa oer tocht. Fan Douwe Heeringa (gjin priis) en Piter Wilkens (publykspriis '94) is bekend dat se tinke dat Liet likefolle skea dwaan kin as goed. As jo earne yn 'e middenmoat einigje, kin soks jo noch lang achterfolgje. En oerlevere te wêzen oan net-stressbestindige of net-kapabele technisy is alhielendal de skrik fan de serieuze artyst. Spitigernôch hat te faak ien fan 'e dielnimmers skea oprûn troch dat technisy fergetten in mikrofoan iepen te draaien. Ek fan 't jier waard der ‘boe’ roppen doe't applaus frege waard foar It Lûd.
Oare artysten yn 'e dop hawwe har net wer sjen litten. Want fansels, ien Liet makket noch gjin artyst. It leit oan de artysten sels at se der in ferfolch oanjaan wolle. De measte winners hawwe dat net dien of binne der net yn slagge.
Gerrit Bos, (winner '91 en letter mei oaren as 't Kratsje de winner fan 'e publykspriis yn '95) hie de potinsje. Mar Bos koe him net oan ôfspraken hâlde, liet syn publyk en opdrachtjouwers gauris yn 'e kjeld stean en dan hâlde jo gjin klanten.
De oaren? Anne Oosterhaven (winner '93) is dirigint wurden yn stee fan útfierende, French Connection (winner '95) is ûnderdûkt nei beskuldiging fan plagiaat en... o ja, wy hearre grif noch fan Nynke Laverman (publykspriis '96), dy't no op 'e Kleinkunstacademie sit en fan Twarres (publykspriis '99), as dy twa goed begelaat wurde yn 'e grutte wrâld fan 'e hurde kommersy.
De earste sân kear Liet waard de seleksje en de úteinlike beoardieling dien troch it trijetal saakkundigen ûnder lieding fan Pieter de Groot. Sûnt 1998 sitte tidens de finale acht regiosjuery's yn 'e seal dy't punten jouwe. De stadige opbou fan 'e útslach, as om bar de sifers op it elektroanyske boerd ferskine, heart by in sjongfestival. It is krekt echt as de ‘votes please’ fan de Fette Klaai, It Bilt of De Wâlden achterinoar ferskine.
En dochs kin it systeem ek bot frustrearje. De lêste twa kear ferliet it publyk ûntefreden mûskopjend de seal om't se it alhielendal net iens wie mei de einútslach. Yn 1999 hie De Rode Rozen it net winne mocht en fan 't jier wie Skarl in ûnterjochte winner. Opfallend detail: beide kearen stie de winner as lêste yn it programma; krekt as hat de sjuery net grutter ûnthâld as de lêste dielnimmer. Tagelyk bekrûpt my it gefoel dat de sjuery absolút ‘saakkundiger’ wêze wol as it domme publyk, dat ûnder lûd applaus syn favoryt kenber makket. Twa kear is de regiosjuery dêr net yn meigien.
Hoe dan ek, mei it systeem fan sa'n brede sjuery dy't safolle punten te ferdielen hawwe kin der in ferrassende winner tefoarskyn komme, dy't miskien by gjin inkele regiosjuery op nûmer ien stien hat. It is krekt as mei Rintsje Ritsma: gjin inkele ôfstân winne en dochs allround Europeeske kampioen wurde; it sit yn 't systeem bebakt.