minsken oplizze moatte om Frysk te praten. Mar ik fyn it oan de oare kant ek net earlik dat fan my ferwachte wurdt dat ik my faker ferbrek as nedich is. Ik fyn dat minsken dy't hjir wenje wol muoite dwaan moatte om it Frysk te ferstean en te lêzen. Ik bin Frysk, praat Frysk en skriuw mailtsjes yn it Frysk oan minsken fan wa't ik wit dat se dat leuk fine. Ik gean der op boartlike wize mei om. Ik bin der altyd aktyf mei dwaande, mar besykje it net op te lizzen. En ik tink dat dat it measte effekt hat. Je moatte it prikeljend stimulearje. Mar der sit in prekêre grins tusken stimulearje en oplizze.’
Tytsy fynt dat Friezen wolris wat te benaud binne om fanatyk te lykjen:
‘Yn 't foar wurdt gauris al rekken hâlden mei minsken dy't it mooglik net ferstean sille. En dan lizze wy al foar't wy slein binne. Wêr't dat wei komt? Ik tink út eangst in útsûndering te wêzen. Foar't je it witte binne je ommers in djipfries.’
Dat hat se bygelyks ek ûnderfûn op 'e skoalle foar sjoernalistyk yn Swol: ‘Foar my is it dúdlik. Ik bin in Fries, punt. Sa stie ik dan ek bekend. Mar guon oaren, dy't ek út Fryslân kamen, woene dat net.’
Tytsy hat it Frysk fan hûs út hiel bot meikrigen. Har heit, Douwe Willemsma, no wethâlder fan Littenseradiel, is in foaroansteand fnp-lid.
‘By ús thús gong alles yn 't Frysk en dat is noch sa. Briefkes op 'e tafel, boadskippebryfkes, sinteklazegedichten. It is hiel fanselssprekkend. As je 't oer bôle ha, skriuwe je dochs gjin “brood”? Ik beskôgje it as in rykdom, dat myn âlden sa bewust mei it Frysk omgien binne.’
By alle fiif fammen Willemsma, Sybrich, Adalgard, Tytsy, Amarins en Ydwine is it Frysk oanslein. Se binne alle fiif op syn minst bewust en yn mearderheid ek aktyf yn bestjoersrûnten fan fyk (Frysk Ynternasjonaal Kontakt), yen (Youth of European Nationalities) of oare Fryske rûnten.
Njonken de húshâlding is neffens Tytsy ek it ûnderwiis in belangrike faktor by it woartel sjitten fan it Frysk yn harren bestean:
‘Kinst net fan minsken ferwachtsje dat se Frysk skriuwe as se der gjin les yn hân hawwe. Ik haw it foarrjocht hân âlden te hawwen dy't Frysk skriuwe. Mar ik haw wol freondinnen dy't my kaartsjes yn 't Nederlânsk skriuwe wylst se oars Frysk prate. Wer dy skizofreny fan it Frysk.’
Tytsy hat no in Nederlânsktalige freon, mar hy sit op Fryske les:
‘Ik fyn it Frysk belangryk en dat fernimt er. Hy wol witte wat it is. Wy ha der in protte petearen oer hân. It is gauris dreech om út te lizzen. Mar je kinne it faaks it bêste útlizze troch te sizzen dat it krekt is as soene je alles yn in oare taal sizze moatte, it Dútsk of it Ingelsk bygelyks. Der kamen in protte protesten doe't der even sprake fan wie dat Ingelsk de fiertaal op universiteiten wurde soe. Dat is in gefoel dat in Fries al hiel lang hat.’
It Frysk-praten hinget foar har net allinne ôf fan it plak dêr't se is:
‘Ik haw in skoftsje foar Wehkamp wurke. Doe moast ik minsken belje en as ik dan in Fryske namme seach en fernaam dat it Friezen wiene, gong ik oer yn it Frysk. Faak prate it dan fuort folle makliker. Reklameburo's witte de taal ek te brûken. McDonald's bygelyks en Coca Cola brûke it yn har arbeidsmerkkommunikaasje. Dy witte de mearwearde der fan yn te skatten.’