bestimming fûn te hawwen, oer de wrâld swalke hat, in simmer by syn broer op de buorkerij trochbringt, en him, sûnder yn it âlde betroude lân folle om hinne te sjen, yn it boerewurk bejout. Treffend is it hoe't Haisma, skriuwend op syn matsje mei alle drokte fan it kamp om him hinne, de sfear fan it simmerske Fryslân opropt:
Hjir sit hy, Aent Obma, net mear as fiifentweintich jier, en snúft de rook op fan in âld ferline. Hy goait de measte klean út en yn 'e pyama stiet er foar it lege rút en harket nei de lûden fan Fryslân. De bolle op 'e kamp oan it tsjoar grynt; by it jongfee en de Efteruten balte der in pear, de froasken yn 'e grêft krôkje. Hea, lûden dy't er suver fergetten hie.
Ljippen saaie oer it nachtlik lân en boppe de sleatten tynt dize. In hiel skoft stiet er dêr sa en heart de klok yn de buorren de oeren slaan, njoggen, tsien, alve. De pleats is stil, in inkeld gekreak as immen him faaks op bêd omdraait. Heart hy yn dizze wrâld noch thús?
Sokke oertinkingen fynt men, jierren neidat Haisma syn romans en ferhalen skreau, werom yn It wrede paradys. Haisma brocht in grut part fan syn libben allinne yn ien lân troch, mar Speerstra prate mei emigranten yn Noard- en Sud-Amearika, Nij Seelân, Kanada, Australië, Sud-Afrika, Argentinië en Brasilië. Yn 34 haadstikken komt in grut ferskaat fan minsken oan it wurd. By Haisma is it benammen ien figuer dy't men net wer ferjitte sil, Peke Donia.
Hylke Speerstra hat earder in tal boeken skreaun, wêryn er oan de hân fan ynterviews figueren op karakteristike wize foar jin delset: skippers, keatsers, reedriders en sels dokters. Minder goed binne syn boereromans. Mar in hichtepunt yn syn oeuvre is it boek dat fier útkomt boppe alles wat er oant no ta yn syn flotte en meinimmende ferhalen skreau: It wrede paradys. Der is ferdjipping yn syn proaza kommen.
De titel is treflik keazen: hy ferwiist nei de lânferhuzers dy't yn Fryslân net folle heil mear seagen, mar, ek om de takomst fan de bern, emigrearje woene en oer in paradys yn Amearika of yn in oar fier lân dreamden. Soms fûnen se dêr yndied in better en lokkiger bestean, mar it libben wie der ek faak wreed en teloarstellend. Der wie gjinien, dy't Fryslân ferjitte koe.
Yn it haadstik ‘Frisian dream’ fertelt Wietske Westerdyk-Popma:
Tsjin ûnwennigens bestiet gjin better remeedzje as in reis nei hûs wylst jo man achterbliuwt. Dan begjint it oarsom te wurkjen. Al nei trije dagen wie ik ûnwennich fan Henny, ja sels fan Burnie op Tasmanië. De wittenskip dat ik nei hûs kòe, makke it al draachliker.
Dochs krige ik it hjir letter wer krap. Mar wàt foar in mem hie ik: doe't se al ald wie is se yn Rotterdam op 'e boat stapt en nei Melbourne fearn. Allinne. Op de ‘Rotterdam’. Sûnder in wurd Ingels te kennen. In âlde mem, dy't eins noch nea fan hûs west hie, seis wike allinne op in seeskip. Heit koe sa'n reis, sels mei mem der by, net mear oan, mar sy hat it dien. Om har dochter gelokkich te meitsjen.
Speerstra hat de hiele wrâld oerreizge om prate te kinnen mei minsken dy't nei de Twadde Wrâldoarloch de tredde grutte Fryske emigraasjegolf foarmen. Nei in lange, ûnwisse tiid, dy't harren de frijheid fan bestean ûntnaam woene se der útbrekke. It is de fertsjinst fan de skriuwer dat er in soad omtinken jout oan wat der oan it beslút om in nij faderlân te sykjen foarôfgie en fertelt hoe't der tariedingen makke waarden.