Trotwaer. Jaargang 32(2000)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 227] [p. 227] Albertina Soepboer Jus Municipale Frisonum Yn it ferline kaamst sa dizze wrâld yn: stôkneaken en hûsleas wiesto doe noch, ûnjierrich hymjend yn tsjustere nevel nacht sochten de wolven beskûl yn 'e holle beam, beseagen se dy mei de kop út de wyn wei hongerich en do begûnst te skriemen. Dat wie dyn taal, letter, doest dy dat ferhaal noch te binnen bringe koest dat heit beslein wie mei de fjouwer spikers ûnder ikenhout, ûnder ierde besletten. Do soest it wurd foar wurd optekenje, oerlitte as in paadwizer nei ús no ta, dêr't ik stôkneaken en hûsleas de wrâld ynrûgele bin en sykje om in helder skrift, wylst de doarren yn 'e dreamsiel wapperje, goar beskildere, ik mei de boadskiptas troch de greiden flean, griene tsiis deryn, droege woarsten út in smoarge w.c. draaie, ús deminte muoike einleas sûkerbôle smart en myn frijer mei it ljochte hier en de poalsee eagen in nuver skaad fan himsels wurden is. Moarns soe ik skrieme wolle om 'e nachtmerje as dat ûnjierrige bern doe, mar in pin wachtet en ik sil betinke moatte hoe't wy it erfdiel fan mem altyd wer ferpâne en ferkocht hawwe. De grize tiden sille oan flarden falle op skerp omline papier, yn slingerjende strofen as langferwachte paadwizers, no't bûten de ikebeam yn 'e folle bloei pronket en syn nije hannen op myn skouders leit oant alle wrâlden hierskerp trochkomme. Vorige Volgende