| |
| |
| |
De nachtmerje fan de FNP:
Gina! Je was geweldig!
Piet Hemminga
Elke politike partij hat syn dreamen en winsken. Wat binne dy fan de Fryske Nasjonale Partij? En wat is der nei sa'n fjirtich jier fan dy dreamen útkommen? Binne de dreamen net ta in nachtmerje ferwurden? Mar wêrom dêr lang by stil te stean? It giet dochs geweldich?
| |
Corry en Teddy
Yn de fyftiger jierren wie de earmoed yn dit lân noch sa grut, dat Corry Brokken mar leafst fjouwer kear efter elkoar, en mei wikseljend sukses, oan it Eurovisie-sjongfestival dielnimme moast. Oare sjongsters hie Nederlân doe, sa flak nei de oarloch, noch net. Corry begûn yn 1956 mei in prachtich, mar letter fergetten liet ‘Voorgoed voorbij’. It wie ek net wier, wat se doe song, want se begûn pas. It oare jier wie se al wer fan de partij, no mei ‘Net als toen’. Dat wie ek net wier, want oars as it jier dêrfoar, wûn se no de priis. Doe waard se oermoedich, en miende de hiele wrâld oan te kinnen. Mar de wrâld die net mei en liet har ‘Heel de wereld’ linkslizze. Doe noch ien kear en dêrnei wie it foargoed foarby. Nea song Corry wer op it Eurovisie-songfestival.
De beskieden Teddy Scholten naam de fakkel oer en soe fuortendaliks winne. Dyjingen dy't it meimakke hawwe, kinne har ‘Een beetje’ noch meisjonge. Teddy hat letter nea wer wat fan har hearre litten en ik bin it sicht op it frijwat nearzige en bot opblaasde glitterbarren kwytrekke. Oant foar twa jier, doe't de gemeente Ljouwert yn it ramt fan har taalbelied ynienen nije kânsen seach. Wêrom it Eurovisiesjongfestival net brûkt om stêd en gemeente mei in Frysktalich liet op de kaart te setten? It sjongfestival as pearel yn de kroan fan it taalbelied!
| |
In nije politike partij: de fnp
It Eurovisie-sjongfestival stie begjin sechstiger jierren noch yn de berneskuon, doe't twa jongkeardels yn Fryslân, Folkert Binnema en Pyt Kramer, de foarstap ta in nije politike partij namen. Se fûnen dat nei alle praat en skriuwerij, mar ris aksje komme moast. Sintraal yn har plannen stie it realisearjen fan selsbestjoer foar Fryslân. Dat wie doe in hot item. Yn De Stiennen Man fan novimber 1960 skreaunen Jan van der Burg, Tony Feitsma en Frank Hettema:
As partij, fakferiening of oare maatskiplike organisaasje it eigen Fryske lûd net ferneare kin, ynsafier't dat net lykop giet mei it partij- of ferieningsbelang, dan moat it lanlik ferbrutsen en in eigen gewestlik ferbân socht wurde. Besteande apart Fryske organisaasjes meie har selsstanningens net opofferje oan it lanlik ferbân. Tefolle oriïntaasje fan organisaasjes op it Westen wurket ek wer sintralisaasje yn de hân en fersmoart regionale ynisjativen en eigen fisy. Der moat stribbe wurde nei Frysk-sinnige kearnen yn partijpolityk ferbân: as dat net kin of te min fertuten docht moat de mooglikheid fan in eigen Fryske partij ûnder eagen sjoen wurde. Sa'n partij soe allin- | |
| |
nich al as presjegroep fan belang wêze, ek al soe ynearsten de oanhing noch net grut wêze.
In pear moanne letter skreau Pyt Kramer yn itselde blêdsje:
De nije wei hâldt yn dat der in eigen Fryske partij komme moat. Sa't it no is dan moat men wol de yndruk krije dat alles yn de spinreagen fêstrint. Wy moatte net ferwachtsje dat sa'n Fryske nasjonale partij in geweldich tal stimmen krije sil, wy meie al bliid wêze as wy ien sit yn provinsjale steaten krije. Mar ien sa'n steatelid kin al in geweldige ynfloed útoefenje, want hy is stimd om de nasjonale belangen fan it Fryske folk te ferdigenjen.
Trije moanne letter skreau Kramer jitris yn De Stiennen Man oer it belang fan in nije partij:
It hoecht dan ek net iens in grutte groep te wêzen om in flinke ynfloed op de gong fan saken hawwe te kinnen, om alteast de hjoeddeiske bestjoering op it Fryske mêd te ferdriuwen. Sa'n Fryske nasjonale partij sil sizze kinne moatte: ‘De Lauwerssee moat ticht!’ ‘Der moat in Fryske universiteit komme!’ ‘Der moatte mear wenten komme!’ [...] wy binne ALLINNE in Fryske partij en wy sille soargje dat alles der komt as Jimme, Fryske kiezers, ús dêrta it mandaat jouwe. En wy sille boppedat soargje dat dy universiteit Frysk wêze sil, dat de yndustrialisaasje better oanpakt wurde sil en better oanpast op it Fryske libben!
Sok skriuwen lit sjen dat it wollen foarearst grutter as it kinnen is, en dat it jeugdich fjoer it fan de werklikheidssin wint, mar dat nimt net wei dat Kramer docht wat oaren neilitte: hy rjochtet, ta spyt fan lju as Jelle Brouwer en Fedde Schurer, de fnp op. De lêste seit yn De Strikel dat as men fan it spyljen noch gjin aan hat, men gjin konserten jaan moat, wylst as men neat te sizzen hat, men wit dat men swije moat. Net hielendal sûnder rjocht, om't it noch efkes duorje soe ear't de partij organisatoarysk en programmatysk de fuotten ûnder it gat krije soe.
| |
It earste fnp-program
De nije partij moat de steateferkiezings fan 1962 noch fersitte, mar komt dêrnei, yn 1966 mei ien lid yn de Fryske Steaten: Jan Bearn Singelsma dy't it tolve jier yn dat fermidden folhâlde soe. Wêr giet it om yn it earste program fan de nije partij? Foar hokfoar dream en winsken sit Jan Bearn yn de Steaten?
Yn it foarste plak seit de partij mei gauwens in ein meitsje te wollen oan twa - histoarysk groeide - misstannen. Dat is oan de iene kant it feit dat it Ryk, sûnder de Friezen dêr yn te kennen, op hast alle gebieten besluten oer de Friezen nimt. Oan de oare kant is dat de twadderangs-posysje dy't it Frysk yn Fryslân noch altiten ynnimt. Yn konkreto wol de fnp dat de Steaten, lykas de Fryske gemeenterieden, en op dit stuit wer hielendal aktueel, sels har eigen foarsitter kieze. En fierder kriget de Provinsje, as de fnp it foar it sizzen hat, it frij om har eigen belestingen heffe te kinnen. Ik mei oannimme dat de skriuwers fan it partijprogram de ryksbelestingen tagelyk ôfskaffe wolle, mar dat wurdt net mei safolle wurden sein. Mooglik is it ek wol it doel om de Friezen mear belesting betelje te litten as de ynwenners fan bygelyks Drinte of Grinslân.
Provinsje en gemeenten moatte fierder in aktive taalpolityk fiere, dêr't it Ryk in bysûndere útkearing foar jaan moat. Alle oerheidspersoniel moat him - mûnling en skriftlik - goed mei it Frysk rêde kinne. De Provinsje moat ek it foech oer de ynrjochting fan it ûnderwiis yn Fryslân krije. It ûnderwiis moat op de Fryske situaasje oanslute en tefoaren komme dat Fryslân yn twa inoar frjemde kultuersfearen útin- | |
| |
oar falt. De learlingen sille dêrom oplaat wurde moatte ta in goede kennis fan beide talen. Binnen trije jier moat der in Frysktalige radio- en tv-organisaasje komme dy't op syn minst fiif oeren en ien nijsútstjoering deis mei radio yn de loft is. Dêrnjonken moatte op syn minst tsien oeren en twa sjoernalen wyks Frysktalige televyzje komme. Soks kin, neffens de fnp, betelle wurde út de hark- en sjochjilden dy't yn Fryslân opbrocht wurde.
It partijprogram seit fierder dat it lânskip net skeind wurde mei, dat minsken yn har eigen streek wurk en brea jûn wurde moat, dat ek stipelearjende maatregels foar lytsere yndustryplakken nedich binne en it sûne boerebedriuw in goede bêsteansmooglikheid oan boer en lânarbeider jaan moatte sil.
It is dúdlik dat it grutste part fan de fnp-dreamen en winsken oant de dei fan hjoed net útkommen is, of, lykas yn it gefal fan de Fryske radio en televyzje, earst folle letter realisearre is. Yn 1972 komt in ryksbydrage foar de Fryske taal en kultuer, acht jier letter wurdt it ûnderwiis fan it Frysk in ferplichte skoalfak en yn de rin fan de jierren is fierder in earste oanset ta provinsjale belestingen yn de foarm fan in provinsjale opslach op de wegebelesting realisearre. Ek kaam der in provinsjale opslach op de lanlike hark- en sjochjilden, mar ik wit net at dat wol oan de fnp-ambysjes foldie.
De Provinsje is noch altiten en yn syn hiele hear en fear in diel fan it Nederlânske steatsbestel. Kommissarissen en boargemasters binne ryksbeneamings. Oer it ûnderwiis hat de Provinsje neat te sizzen, en sa kin fan mear sein wurde dat de partij har doelen noch net oer alle einen en kanten berikt hat.
It is net sa maklik om nei te gean wat de ynfloed fan de fnp yn de rin fan de jierren op it provinsjale en gemeentlike belied krekt west hat. It soe goed wêze om dêr nochris nei te sjen, mar los dêrfan stiet it fêst dat it sukses in soad heiten en memmen hat en dat jildt ek as it om it provinsjaal (taal)belied giet.
Mar goed, ik haw it hjir allinne noch mar oer it earste program fan de jonge partij, dy't boppedat sûnt 1966 noch mar ien fertsjinwurdiger yn de Steaten hie. Dy soe boppedat al gau gewaar wurde dat Pyt Kramer syn tinken oer de ynfloed fan mar ien fertsjintwurdiger yn de Steaten op syn minst optimistysk neamd wurde kin. Lit ik net by de begjinjierren stean bliuwe, mar ek nochris wat minder fier yn de tiid werom gean, as it om de dreamen fan de fnp giet.
| |
It fnp-program 1995-1999
Noch altiten hinget de fnp har earste by it oprjochtsjen fêststelde útgongspunt fan in federale en demokratyske steatsopbou oan. Fryslân heart in autonome regio yn Europeesk ferbân te wurden, sa seit it program, sûnder dat dudlik makke wurdt wat soks krekt betsjut. Blykber giet it om mear as in autonome regio yn Nederlân. Wolle de fnp-ers fan Den Haach ôf? Nee, want as it om Fryske radio en tv giet, moat it Ryk meibetelje. En al earder hat it partijprogram it oer desintralisaasje fan foech, taken en middels, wylst it Ryk tagelyk de lykweardigens fan Frysk en Hollânsk yn wetten fêstlizze moat. It is út steatskundich sicht ek bûtengewoan nijsgjirrich om Provinsjale Steaten sizzenskip te jaan oer it taalbelied fan de ryksoerheid.
No is it my net dúdlik wat yn dit ferbân mei ‘sizzenskip’ bedoeld wurdt, mar grif mear as in middei ynspraak yn ryksplannen. Boppedat moat it ûnderwiis yn Fryslân ûnder foech en tafersjoch fan de Provinsje komme. De skoallen yn de lytsere kearnen moatte oerein holden wurde. En it Frysk kriget in ‘yntegraal’ plak yn de ûnderwiisprograms fan basisskoalle oant en mei heger ûnderwiis. Dat is wol hiel wat oars as it Jan Poepsplak fan earder en tsjintwurdich.
| |
| |
Mar wat betsjut soks feitlik? Sille tenei troch de Provinsje oanstelde en betelle provinsjale ûnderwiisynspekteurs neigean wat de kwaliteit fan it ûnderwiisoanbod is? Wurde tenei alle fakken yn fuortset en heger ûnderwiis troch Frysktalige dosinten yn it Frysk jûn? Wêr komme dy dosinten wei, en wêr bliuwe dy fan tsjintwurdich? Of betsjut yntegraal hiel wat oars?
Omrop Fryslân moat alle dagen mei in folweardich program op de televyzje komme, sa seit de fnp. Dat sil noch net tafalle, as nei it hjoeddeiske en fierdere oanbod sjoen wurdt, mar allinne it stribjen is fansels ek al moai. Lit ik nei in hiel oar mêd, dat fan de romtelike oardering, sjen.
It partijprogram seit dat foarsjennings lykas skoalle, postkantoar en âldereinhúsfêsting en - soarch foar de lytse kearnen beholden wurde moatte, of, as dy der noch net binne, komme moatte. Op lytse doarpen moat fierder wentebou mooglik wêze, lykas lytsskalige bedriuwen en toeristyske foarsjennings. Tagelyk wol de fnp it lânskip en de griene romte behâlde. Grutskalige rekreaasjeprojekten, rekreaasjewenprojekten by doarpen en eksklusive wendoarpen yn it bûtengebiet binne tenei ferbean. Bedriuwsterreinen meie allinne komme dêr't de ynfrastruktuer fan wegen, spoar, kanalen en liedingen al oanwêzich is.
Dat is allegearre te begripen, mar it is net dúdlik hoe't it iene him mei it oare ferhâldt. Kinne doarpen groeie en de griene romte tagelyk beholden bliuwe? Mei de wurkgelegenheid allinne yn Ljouwert, It Hearrenfean, Snits of Frjentsjer en Harns groeie, wylst de ynwenners fan de lytse doarpen it wurk by hûs hâlde of krije? De fnp hat it benammen oer de skaal fan wenplakken, foarsjennings en wurkgelegenheid, mar wêr begjint de lytse skaal en hâldt de grutte skaal op? Hâlde Goaiïngaryp en Hitsum har skoalle, krije Langsweagen en Skarsterbrêge har postkantoar werom en falt Drachten bûten de prizen as it om in bedriuwsterrein giet?
| |
De fnp-dream
As op grûn fan it earste en ien nei lêste partijprogram de dream fan de fnp beskreaun wurde moat, dan kin sein wurde dat Fryslân, soe de fnp it yn 1962 werklik foar it sizzen krigen hawwe, der grif oars útsjoen hie as at hjoed de dei it gefal is. As de Provinsje dan boppedat justjes sterker as de maatskiplike krêften wêze soe, dan nim ik oan dat Fryslân yn dat gefal folle mear as no, op it Fryslân fan de fyftiger jierren lykje soe. Doarpen yn de fleur, rûnom noch lytse skoallen, hjir en der in doarpssmid en waarme doarpsbakkers by de fleet, Ljouwert de ûnbetwistbere haadstêd fan in Fryskpratende, griene en foaral agraryske provinsje.
De Provinsje soe binnen it Nederlânske steatsbestel in hiel eigen plak ynnimme, foar safier't Fryslân him op alderhanne mêd al net fan it fierdere Nederlânske bestel losmakke hie. It Frysk soe fierder it plak fan it Nederlânsk yn de skoalle oernommen hawwe, boargemasters soenen tenei op har Frysksinnigens hifke en troch de gemeenteried beneamd wurde en yn de romtelike oardering soe de klam op it oerein hâlden fan de lytste en lytse doarpen lizze. Boppedat ride yn Fryslân hiel wat minder auto's as tsjintwurdich, en tagelyk binne aardich mear bussen op 'en paad.
Soks kostet fansels ien en oar, mar lokkich soe de Provinsje yn dy opset har eigen belestingen oplizze, wylst de ynkomsten út it ierdgas ek foar in part of hielendal yn de provinsjale kas komme. At dat genôch wêze soe? At de wolfeart lyk oan dy fan no wêze soe, of mooglik better of krekt minder? It Frysk Nasjonaal Planburo soe it allegearre troch- en útrekkenje
| |
| |
moatte, dat wy sille it net witte.
It provinsjale ynwennertal soe grif in stik leger wêze as tsjintwurdich it gefal is en alles wat in te grutte skaal hawwe soe, is ûnderwilens nei bûten Fryslân ferfearn. It ferlet fan Fryske media soe sa grut wêze dat de Ljouwerter noch mar liif persint fan syn redaksjonele kolommen yn it Hollânsk skriuwt, Frysk en Frij florearret en de Libelle en Margriet ûnderwilens alle wiken mei in Frysktalige ferzje útkomme. Sels de kommersjele omrop soe it yn Fryslân tenei yn it Frysk dwaan. En it ûnderwiis is in lyts wûnder, alle âlden steane der op dat har bern njonken it Frysk ek Hollânsk leare.
It is dúdlik: de werklikheid sjocht der justjes oars út. Fryslân ferstedsket, sawol romtelik, sosjaal, ekonomysk as kultureel, noch hieltiten fierder. Op guon plakken groeie de doarpen oan elkoar fêst en ferdwynt it iepen lânskip. Yn it hege noarden is gjin salve oan de takomst fan de lytse doarpen te striken. Hûzen steane leech en it jongfolk wol der net langer hinne. De fnp hat net ien lid yn de Steaten, mar kin syn lûd tsjintwurdich út fjouwer mûlen hearre litte. Dochs helpt dat net. Ommers, noch altiten hat it provinsjaal bestjoer net it measte te sizzen en boppedat is de Provinsje noch altiten en foar it grutste part útfierder fan ryksbelied.
It tal gemeenten is tsjin it sin fan de fnp lytser wurden. De gemeenten tinke boppedat dat it Frysk in sûne ekonomyske ûntwikkeling keart. Neat is suver sa slim as ientalich Fryske nammen foar doarpen en gemeente. En it gas wurdt hurd ûnder fersakjend Fryslân weihelle, wylst de Friezen har oan it Arnhimske nuon blaubetelje oan enerzjykosten. Oan de Burgumer Mar stiet in sintrale, dêr't it net langer fan dúdlik is wa't de eigner is. Friesche Mij, frs, Kondins en caf binne ferdwûn en de boeren wurde noch hieltiten grutter. In folslein Frysktalich doarp bestiet net mear. It Frysk is yn it basisûnderwiis dan wol ferplichte, mar de praktyk hat in soad mooglikheden om dêr net it measte oan te dwaan. En it Mienskiplik Sintrum foar Skoallebegeliedingstsjinsten is ûnderwilens gco fryslân wurden: ‘partner in educatieve dienstverlening’.
Och, wat leit it lân der in ein oars hinne, as yn de dream fan de fnp. Yn stee fan it útkommen fan dy dream, giet it winliken om in nachtmerje. Mar wêrom dêr lang by stil te stean? It giet dochs geweldich? Foar it earst yn de skiednis wie, hoe is it mooglik, in Frysktalige ‘ballad’ op it nasjonale sjongfestival te hearren. Is dat net geweldich?
| |
Gina! Je was geweldig!
Op snein 27 febrewaris 2000 wie it safier: in super stralende en folslein lokkige Gina de Wit nimt, neidat se har liet ‘Hjir is it begjin’ op it nasjonaal sjongfestival hearre litten hat, de lokwinsken fan it mei nei Rotterdam reizge Ljouwerter Kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders yn ûntfangst. De boargemaster is út de skroeven. It koe werklik net better. Us Gina fiifde by it nasjonale songfestival. Fantastysk, en wat in bydrage oan de Fryske taal. Sawol Ljouwert as it Frysk binne no foargoed op de kaart set. Wethâlder Arno Brok glimket lykas altiten. ‘Ik bin echt tefreden’, sa seit Arno, ‘it wie de bedoeling fan de gemeente om mei de haadstêd fan in twatalich gebiet op in leuke manier yn it nijs te kommen.’ En boargemaster Van Maaren wit net hoe hurd as se by de Fryske topstjer komme moat: ‘Gina! Je was geweldig!’ Sa't de priissjongster sels ek al sei: ‘Ik deed het goed.’
Yndied, Gina die it geweldich. Mear as dat, it wie gewoanwei fantastysk: in pearel yn de kroan fan it taalbelied. Wat spitich dat dy pearel, deselde deis noch, as in dream efter de kimen fan de werklikheid ferdwûn...
|
|