Help, de emigranten komme!
Tr. Riemersma
As in minske oer de grinzen fan syn territoarium giet, dan ferliest er syn minsklikens. Dat soe eigentlik in hypoteze wêze moatte, mar ik ponearje dizze stelling as wierheid. Ik tink dat ik gelyk ha, want ik ha ornaris gelyk.
It liket sa te wêzen, dat de seden dêr't in minske mei opbrocht is, bûn binne oan de eigen krite en dêrbûten har jildichheid ferlieze. Dat is wol in raar idee, ik kom hjir yn it sok fan mannen út 'e tritiger jierren dy't gearhingen seagen tusken taal en sede, folk en sede, folk en taal. Soks hat my noait oan wollen. In Fjetnameesk bern bygelyks dat by Fryske adopsjeâlden geef Frysk leard hat, en troch dy taal te brûken blike lit dat er by ús mienskip hearre wol, is foar my in Fries. Ik leau net yn in oanberne disposysje foar in taal of in opfetting fan seedlikheid. Mar myn ûnderstelling, dat sede en lân gearhingje, is like healwiis.
De lju dy't yn 'e 19e ieu út Fryslân wei emigrearre binne nei Amearika, dienen dat út need en ellinde. It wienen minsken dy't hjir om har leauwe (griffermeard) ferhûddûke waarden of dy't ekonomysk yn 'e nederklits sieten en gjin mooglikheid sêgen om har hjirre in ridlike takomst te bemasterjen. As nei de Twadde Wrâldoarloch in nije stream de grutte dobbe oerstekt, spylje benammen ekonomyske motiven in rol. Dochs sil ek de Dúske oerhearsking bydroegen hawwe ta de winsk nei frijdom en rûmte.
Sokken dy't de benearing oan 'e lea ûnderfûn hawwe, soest fan ferwachtsje dat se ek in krûm begryp opbringe kinne foar oaren dy't omkrûmte bylein wurdt. Dochs is my neat bekend fan in Frysk Bûn Tsjin Diskriminaasje. Ik moat freze dat de Fryske emigranten fleurich meidien hawwe oan it ferhûddûkjen fan 'e negers yn 'e Feriene Steaten, de yndianen yn Kanada, de negers yn Súd-Afrika en de aboriginals yn Austraalje.
Minsken dy't út har lân gonne en har in plak taeigenje yn in oar lân, skine kompensearje te moatten wat har yn it eigen lân ûntbrutsen hat. Thús hearden se ta de ûnderste lagen, yn it nije lân wolle se baasspylje en oaren yn 'e bedelte stjitte. De reedlikheid en seedlikheid dêr't se yn it âlde lân mei opbrocht binne, bedarje yn it nije lân yn 'e fodkoer en de oertsjûging fan in natuerlik rjocht op 'e heechste posysje nimt it plak yn.
Fan 't simmer komt dat leger fan oerwinners mei har rútsjehimden en bespotlike petten nei it âlde lân werom. Moatte wy dan oarsom de dupe wurde fan har hearskersmentaliteit? Moatte de efterbliuwers har oanpasse oan 'e wetten en regels fan 'e nije wrâld?
Ik freegje my ôf hoe't ik de fêsting ferdigenje sil. Ik ha neat yn 'e bouten, myn frou gammelt oan 'e rêch en de âld hûn kin allinnich noch mar haffelje. Myn jongste soan hat gâns ferstân fan elektrisiteit, dat dy moat de doarren mar ûnder stroom sette. Myn jongste dochter hat in easterske fjuchtsport leard dat dy kin wol in stikmannich ferrot slaan.
En fierders moatte wy hoopje dat de emigranten it hjir sa'n nearzich en efterlik soadsje fine, dat se de earste de bêste plane pakke om wer nei Gods own country te gean.