Trotwaer. Jaargang 32
(2000)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[binnenkant voorplat]
| |
[Nummer 5]Trotwaer in magazine? Moat, no't Frsk opdoekt is en der in grut gat gappet tusken de literêre tydskriften en de F-side, besocht wurde om Trotwaer te ferbreedzjen ta in algemien-kultureel magazine? De redaksje fynt fan wol (sjoch it foarige nûmer). Ek it bestjoer fan de Koperative Utjowerij, ús útjouwster, wol dy kant wol mei út tinke. In betingst is al dat it literêre karakter fan it blêd net ûndersnijt. Dat soe de redaksje ek net heal wolle. Wy stjoere oan op in breed opset opiniearjend tydskrift mei in dúdlik werkenber literêr part, bygelyks yn de foarm fan in apart katern. De folgjende stap is no in petear mei de subsydzjejouwers, de Provinsje Fryslân en it Literair Poduktie- en Vertalingenfonds.
|
|