Ulke Brolsma (1943) wurket as foarljochter by de gemeente Saanstêd. Hy fertsjintwurdiget de tredde generaasje út it Brolsma's laach dy't him dwaande hâldt mei Frysk skriuwen. Debutearre ferline jier yn Trotwaer mei it ferhaal ‘It hûs’. |
Rudy Hodel (1955) wennet yn Grins en wurket as freelance keunstkritikus. Hy hâldt him it leafst dwaande mei de keunst fan syn eigen generaasje, sawol materieel as geastlik. |
Klaas Jansma (1949) hat in kommunikaasjeburo yn Ljouwert. Is ferslachjouwer by it skûtsjesilen, kollumnist by it Friesch Dagblad en skriuwer fan romans dy't by de kffb útjûn wurde. Hat frijwat nonfiction en kabaretteksten skreaun. |
Jan Pieter Janzen (1945) wurket as learaar skiednis, maatskippijlear en kulturele en keunstsinnige foarming yn Ljouwert, is (ein)redakteur fan Trotwaer. Skriuwt stikken en stikjes oer skiednis, kultuer, polityk en media. |
Atze Keulen (1938) Studearre klassieke talen yn Grins, wie learaar en konrektor yn Snits en Hengelo. Publisearre in oersetting fan Seneca syn Troades (1995) en in stikmannich keatslimericks yn Wis-in (1998). |
Jitske Kingma (1959) wurke op de steds-, kultueren einredaksje fan it Friesch Dagblad en wie de lêste jierren sjef fan de redaksje. Debutearre yn 1989 mei it reisferhaal In dûk yn 'e Ganges, foarich jier oanfolle mei In twadde libben. Wurket no by de ynternet-útjouwerij Gopher Publishers yn Grins en is redakteur fan Trotwaer. |
Oene W. Nijdam (1944) siet by it ûnderwiis, publisearret oer muzyk en is resinsint by de Ljouwerter Krante. |
Mette Meinou Piebenga (1944) hat in heale baan yn it basisûnderwiis, helle yn 1997 twaddegraads Frysk en fersoarget no ek kursussen foar de afuk. Skriuwde koarte ferhalen yn ûnderskate sammelbondels en krige twa kear de Rely Jorritsmapriis. |
Trinus Riemersma (1938) is húshâlder, boadskiprinder en itensierder te Frjentsjer. Skreau resinsjes foar Frysk en Frij. Fierder is er tige besteld mei it op floppy bringen fan eigen en oarmans teksten en it redigearjen dêrfan. |
Immy Tappers (1948) is jeugdbibliothecaris. |
Piter Terpstra (1919) skreau fjouwer toanielstikken en ien oersetting út it Ingelsk foar Tryater. Syn lêste stik wie (in pear jier ferlyn) Marijke Meu. Hy hat diel útmakke fan de Commissie beoordeling toneelgezelschappen van de Raad voor de Kunst. Toanielkritiken fersoarge er foar it deiblêd Trouw en foar Omrop Fryslân. |
Jabik Veenbaas (1959) studearre Ingelsk, Frysk en wiisbegearte, skriuwt toanielstikken, ferhalen en skôgings, publisearre yn Hjir en Trotwaer, wurket as oersetter en makke in grut part fan de fertalingen foar de Spiegel van de Friese poëzie (1994). Is resinsint Frysk fan de Ljouwerter Krante. |
Harmen Wind (1945) is as direksjelid ferbûn oan in learare-oplieding yn Doetinchem. Hy skriuwt Frysken Hollânsktalige fersen. Syn lêste bondel yn it Frysk is Plak, yn it Hollânsk wie dat Plaatselijke Tijd. Yn 1987 wûn er de Fedde Schurerpriis foar literêre debuten. |