Tegels
Meinou P.
Al hiel wat jierren lyn haw ik it beslút nommen en diskusjearje noait, mar dan ek noait wer oer it Frysk. Der is yn dat stik fan saken neat dat net al sein is.
Dus doe't ik in Nederlânsktalige, dy't yn in foar it grutste part Frysktalich selskip fersyld rekke wie, sizzen hearde dat er dat Fries mar smerig fûn, sei ik neat, al produsearre ik op dat stuit wol fierstente folle adrenaline. En doe't ik in medysk spesjalist ‘Reduzum’ opjoech as myn wenplak en hy ‘Roordahuizum’ opskriuwde - anders zou ík niet in Friesland kunnen wonen -, sei ik allinnich mar dat it gewoan offisjeel sa hyt. Punt út. Dat dêrnei myn bloeddruk te heech wie, wie fansels wol ferfelend.
Dat jo soenen wol hast sizze dat ik in hiele protte fan it Fryske lân en it Fryske libben en de Fryske taal hâld. Mar sa is it no ek wer net. Der binne tiden dat ik al dy dingen haatsje. As ik de Ljouwerter Skotsploech de Skotse Trije dûnsjen sjoch yn it Frysk Museum as manifestaasje tsjin direkteur Van Krimpen wol ik wol fuortkrûpe fan plakferfangende skamte.
Hupsûpengroattenbrij en ik sil dy wol krije, no, wa wurdt dêr net mislik fan?
En dy taal, ja, dy taal. Hinget dy net gear fan allegearre kultivearre dommichheidsjes? Wat te sizzen fan de dûbele ûntkenning dy't yn it Frysk tastien wurdt? Nee, net tastien: hy wurdt propagearre, want it is Fryskeigen! Yn in fiedingsfoarskrift foar lytse bern: Noait gjin parkes of apelsmots jaan.... Soenen dy dan nea net pinebúk krije?
Rekkenje kinne wy ek al net. Hoe komt it dat ‘twa kear safolle’ itselde is as ‘de helte mear’? Foar hoefolle betizing soe dat al net soarge hawwe? En ‘tien tegen één’ is by ús ‘tûzen om trettjin’. No ja, wy wienen altyd al wat behâldend. Simmeleftich wurd ik derfan. En fan dat wurd wurd ik kompleet gek!
Mar Zantema fan it Frysk Wurdboek fynt it goed. It liket wol oft Friezen har dommer foardwaan moatte as se binne om ûnfertocht geef Frysk te wêzen.
As der in Friezinne meidocht oan it nasjonaal sjongfestival doocht de Hollânske belangstelling net, want dy hat neat te krijen mei de Fryske kultuer. As der in Alvestêdetocht ferriden wurdt, dogge wy smeulsk oer it biertoerisme: lit se der bliuwe, se komme ommers net foar ús? As Heerenveen wint, binne der te min Friezen opsteld yn it ‘elftal’. Wy meie heechút grut wêze yn it lytse: kuorbaljen en keatsen. Want dat is Frysk. Getfer!
En op sokke tiden wit ik it op slach: as wy it hjir Frysk hâlde wolle sûnder rekken te hâlden mei de nije tendinzen, sûnder soap of seksy searjes, dan komme wy net fierder as dat truttige stel tongersdeis op 'e bank. Yn-en-yn Frysk en boppedat sa dom as oalje.
En dêr haw ik gjin argewaasje fan, net. Nee, dêr ergerje ik my sa ferskriklik oan dat ik der spontaan in galstien fan krij!
Wa't hjir op reagearje wol, krijt gjin andert. Yn alle gefallen net fan my: ik diskusjearje net oer it Frysk.