Trioel
Hege literatuerridder Trinus,
Folskriuwer Koop Scholten hat it oandoard en skriuw yn De Oesdrip, ‘Húsorgaan fan it Skriuwersboun’, wêr't Fryske lêzers ferlet fan ha. Soks mei net fan Trinus Riemersma. Net om't Koop wat ûnbeholpen formûlearret, mar om't it Skriuwersboun der neffens Trinus is foar de behertiging fan 'e literêre belangen fan syn leden (‘Altyd wat!’, Trotwaer nûmer 3).
Hy mocht wolris útlizze wat soks is, ‘literêre belangebehertiging’.
De Kristlik Fryske Folksbibleteek docht dêr net oan mei. Dy is aldergeloks noch krekt akseptearre as in ‘grif needsaaklik kwea’. Want se earbiedigje dêr, ‘alteast mei de mûle’, de ‘hege literatuer’.
Dat is sûnt Douwe Kalma, 1916, in echt Frysk wurd: hege literatuer. Men lêst it noch wolris yn it Stellingwerfsk, it Limburchsk en it Achterhoeksk, mar yn it Nederlânsk, it Ingelsk of it Frânsk hast noait. Michaël Zeeman en Carel Peeters hawwe it altyd oer oare kwaliteiten fan it wurk dat se besprekke.
Swankebast Kalma hie it noait net stean op ‘gearkomsteroppers’ en ‘winterjûnenochters’ fan 'e Fryske kriten en Sljucht en Rjucht. Oan ‘ferlettefoldoggers’ wie er noch net takommen, mar hy hie it betinke kinnen. ‘Ferlettefoldogger Jan fan 'e Gastmar’, of Waling Dykstra, of Tsjibbe Gearts van der Meulen, en Yme Schuitmaker letter.
Trinus hat it oer ‘de foaroanmannen yn 'e tritiger jierren’ dy't de ‘hege’ literatuer yn 'e groppe rêgje woene en de folkske literatuer op 'e troan sette. Dêr fergeliket er, mei ik oannimme, de brave fnp-sosjaal-demokraat en alhielûnthâlder Koop Scholten mei.
De foaroanmannen? Wa? Dy Douwe Kalma fan 'e hege literatuer? Wumkes? EBFolkertsma? Sibe Douwes de Jong? Jehannes Doedes de Jong? Douwe Tamminga? Fedde Schurer? Of Rintsje P. Sybesma? Nee, dy net, en Jan Piebenga dochs ek net. Miskien Jan Melles van der Goot, mar dat wie gjin foaroanman.
Mar goed, Trinus hat wer in aai lein en útsprutsen wêr't hy mei syn Koperative Utjouwerij foar stiet. Behertiging fan beleaven hege, leafst de alderheechste (op syn minst op Jeropeesk nivo, soe Jaap Noordmans yn 1962 skriuwe kinnen ha) literêre belangen, en net foldwaan oan in ferlet fan wa dan ek.
Mar wêrom skriuwe se fan 'e ku dan op 'e achterkant fan Dy ferrekte papen fan Teije Brattinga dat it ‘in prachtich ferhaal’ is? O nee, it is in ‘documentaire dramatique’, en dan moat it wol hege literatuer wêze, krekt as Sinleas geweld fan Trinus Riemersma, sa fol mei heechliterêre nammegrapkes en oare ferhevenheden.
Jawis, dêr leit de earste en heechste taak fan ús Skriuwersboun.
O ja, en Josse, ik bin net grifformeard, mar fierder de kompliminten mei dyn ek al sa tige heech literêre skriuwprodukt en alle fynsinnige ferwizings nei De Bik en de Kosmospolyt.
Yn paslike nederigens, Jins Klaas Jansma.