Bûten hearsket it tsjustere blau fan de nacht en yn dy nacht sjogge wy út in leech perspektyf wei, allinnich in glimp fan swarte beammen. Op it twadde skilderij is it reade finster nei bûten ta iepene. De bewenner fan it hûs, dy't ûnsichtber is, liket útflein te wêzen nei in wolkeloft, dy't op moai waar wiist. De hel fan it earste skilderij is troch de dea in paradys wurden.
As ik myn wurden noch ris oerlês, liket it krekt of wurkje ik oan it senario fan in romantyske B-film oer libben en wurk fan in miskende keunstskilder, mar dat hat nei alle gedachten de werklikheid west, sa't Lode Pemmelaar dy field en belibbe hat. Alle auteurs dy't oan it boek meiwurke ha, Anne Feddema, Huub Mous, Geertje van Oudheusden, Jan van Oudheusden en Michaël Zeeman, litte op ien of oare wize blike dat hy yn wêzen in tige romantyske, dramatyske siel hie, dy't à la Magritte nei it ûnbekende ferdwûn is.
Lode Pemmelaar, dy't yn 1971 nei Fryslân kaam, wie in bern fan syn tiid, de ‘sixties’. Oars as wy no yn de grutte musea foar moderne keunst sjogge, wienen de roerige jierren '60 in bloeitiid fan alle foarmen fan ‘Realisme’. Bewustwêzen en werklikheid, dêr gong it om yn dy dagen. Tal fan skilders seagen har wurk, lykas trouwens de modernistyske konseptuelen fan doe (!), as in prodûkt en provokaasje fan it bewustwêzen. Troch ienfâldige dingen te skilderjen, dy dingen te isolearjen, te fergrutsjen, te abstrahearjen of op in oare wize te feroarjen, tochten se dat de taskôger oars nei de werklikheid sjen soe. Ek har doel wie it ferromme, fergrutte bewustwêzen.
It is spitich dat Huub Mous yn syn moaie bydrage oer de woartels fan Lode Pemmelaar him net yn ferbân bringt mei de term ‘Relativerend realisme’, de kategory dêr't Pemmelaar neffens my ta rekkene wurde moat. Jean Leering, doedestiids direkteur fan it Van Abbe Museum yn Eindhoven betocht dizze term foar in espel Nederlânske Realisten (û.o. Jan Beutener, Daan van Golden, Jan Roeland en Har Sanders) dy't lykas Lode Pemmelaar de realiteit net as in absolute entiteit opfetten, mar as in saak dy't relatyf en manipulearber wie. Foar alle dúdlikens: Jan Beutener skildere ek Magritte-eftige wolkeskilderijen, Daan van Golden wie yn 1965 (!) al ferneamd wurden mei syn ‘Theedoeken’, Jan Roeland skildere ûnder oaren in abstrakte piano en Har Sanders libbe him út op bêdelekkens.
Allegear hiene se deselde ambivalinte halding foar de oanwêzichheid en ûntkenning fan it foarwerp oer. Allegear keazen se foar de frontale, twingende close-up, de statyske byldopbou en de relativearjende isolearring. En by al dizze skilders waard it byldflak de maat fan de dingen en net it realistyske perspektyf. En ek de kleur, ien fan de grutte kwaliteiten fan Lode Pemmelaar, waard loskeppele fan har yllúzjonistyske ferskining en krige in selsstannige diminsje.
Bliuwt oer de ferskuorrende werklikheid. Lode Pemmelaar hat my ris mei trije of fjouwer wurden frege nei Wommels te kommen. Mar ik begriep neat fan dy swijsume graniten berch, dy't sa akelich nei drank stonk dat alle moed my ta de bûsen útrûgele. Ik haw him nea sprutsen. Syn wurk wie my wol genôch.