De fûke: it boek sloopt foar de film? (2)
Foar in goeie film moatst in boek earst slope.
Regisseur Steven de Jong op in byienkomst oer Fryske films en literatuer; Ljouwert, 29 jannewaarje 1999.
Selden in film sjoen dy't sa ticht by it boek bleaun is. En dat is ek skoan te begripen: de skriuwer fan it boek wie ferantwurdlik foar njoggentich persint fan de dialogen en yn de film De fûke giet it benammen om dy dialogen. Goed, Steven de Jong mei dan noch aardich wat fan dy praterij oanpast ha, de basis is oerein bleaun, lykas elk dy't it boek der nochris op nei lêzen hat konstatearje kin. In pear dingen binne taheakke, om't men yn in film no ienkear mei oare dramatyske wetten fan dwaan hat as yn in boek. Mar dat de regisseur it hûntsje Bijke opfiert om de film lucht te jaan of dat de dea fan soan Germ feroarsake wurdt troch ferdrinking ynstee fan de kûgel betsjut noch net direkt dat der al te grouwélich mei in slopershammer wurke is troch de regisseur.
Krekt oarsom: foar myn gefoel hie der hjir en dêr noch wol mear sloopt wurde kind om noch mear by de kearn fan it ferhaal te bliuwen. Nim it ôfblazen fan Jelle Hûn nei't er troch de boargemaster ûnderfrege is: dêr wurdt yn de film in fikse tongerslach fan makke. De pear sinnen dy't der yn it boek oan smoarch makke wurde, ûntaardzje - as men se hast letterlik yn de film weromkommen heard - yn in te lang trochseuren oer Jelle Hûn syn flatulogene kapasiteiten. Yn in film kin it al gau mei wat minder ta.
De stelling fan Steven fyn ik te algemien en giet seker foar syn twadde spylfilm net op. De kracht fan de film De fûke is dat Rink van der Velde syn ‘boekje’ (sa't er syn masterwurk sels faak oantsjut hat) yn grutte halen gelokkich moai yntakt bleaun is.
Geart de Vries