Bysûndere mis út Snits
Oene W. Nijdam
Sûnder Mis /Lieten fan leafde, Snitser Kantorij û.l.f. Bob Pruiksma. hecro 000204. f 29,95 (CD mei tekst- en fotoboekje)
Mei de Pruiksma's is it yn 'e muzyk altyd oppassen. Probleem is dat der twa fan binne: Bob en Hoite - gjin bruorren yn elts gefal, dat it sille wol neven wêze. Hoe dan ek, it is better de beide koardiriginten net trochinoar te heljen. Dêr hâlde de beide mannen net fan; dat komt je grif op in telefoantsje te stean. Dit kear is Bob it mulpunt en dat kom troch de cd Sûnder Mis, dy't er makke hat mei de Snitser Kantorij, it koar dêr't er al sûnt 1975 de lieding fan hat.
Utgongpunt foar Sûnder Mis binne de seis feste ûnderdielen fan in liturgyske plechtichheid, it by it tsjerkfolk bekende ‘Ordinarium’. It nijsgjirrige projekt is lykwols mear as in hjoeddeiske bewurking fan dy besteande teksten. Sterker noch, se binne op 'e nij ferwurde. En sa't elk wit is gjin minske gelyk. Dat jildt ek foar de seis Fryske dichters dy't foar dit projekt frege binne. It resultaat is hiel wikseljend, likegoed wat de muzyk as wat de teksten oangiet.
It is dat de toansetting fan John Eskes sa goed yn it gehoar leit, oars soene jo fan de fisy fan Eppie Dam op it ‘Kyrie’ daliks al wat mankelyk wurde. Dam hat de tekst skreaun tsjin de eftergrûn fan Sebrenica en dêrom bewust elke foarm fan rym weilitten, want ‘hoe kin men rymje wat net te rymjen is?’
Nei it melodieuze, Frâns-romantysk tinte ‘Kyrie’ is it even wennen mei it ‘Gloria’ fan it duo Jan Dotinga-Wim D. Ligtenberg. Dotinga docht hjir bliken fan in djip ûntsach foar alles wat natuer is (beammen benammen), wylst Van Ligtenberg him útlibbet yn in fernimstich boartsjen mei seistoanige rigen. Muzyk fan 'e ‘tekentafel’: knap, mar mear holle as gefoel.
Berber van der Geest rjochtet har mear op it ûntaastbere en grypt yn it ‘Credo’ werom nei de tsjerke fan har jeugd. Willy Egmose, ien fan de trije bûtenlanners dy't foar dit projekt frege is, lit de Snitser Kantorij (en oargelist Frits Haaze!) wrachtich in bytsje swinge. Net tafallich, want de Deen hâldt fan jazz.
De âldste fan it selskip, de Fin Tauno Marttinen (1912), is ek de komponist dy't it mystike fan it Gregoriaansk it meast sprekkend wit te ferklankjen. In idioom dat goed past bij de ienfâld (‘sis mar ús Heit’) fan Tiny Mulder.
Nei it ‘Sanctus’ folget it frij tradisjonele ‘Benedictus’ fan de Tsjech Jirí Ropek en de dichter Harmen Wind. Wêr hiel oars is it persoanlike ljocht dat Margryt Poortstra en Johan de With op it ‘Agnus Dei’ skine litte.
Lykas sein, in nijsgjirrige cd, dêr't goed op songen en begelaat wurdt. Dat jildt ek foar Wim van Ligtenberg syn ‘Lieten fan Leafde’ op Fryske teksten fan Jan Dotinga, dy't ynspirearre waard troch de Amerikaan Walt Whitman. Yn dy syklus lit Nynke Klein Hesselink hearre hoe moai in hoarn klinke kin yn 'e Snitser Martinitsjerke. Ek it koar en it karakteristike Maarschalkerweerd-oargel binne prachtich fêstlein.
Mar oft it elk syn smaak is, dat doar ik te betwifeljen. Mocht dat net sa wêze, dan it ‘Kyrie’ fan John Eskes mar in hoartsje op ‘repeat’, want dêr sil gjinien him oan steure. Wis is dat Bob Pruiksma en syn Snitser Kantorij sa njonkelytsen tige wichtich binne foar it nije Fryske liet. Allinnich al it projekt Kryst yn Boazum wie